2 Kroniken 27
It regear fan Jotam
1Jotam wie fiifentweintich jier, doe’t er oan it regear kaam. Sechstjin jier hat er te Jeruzalem regearre. Syn mem hiet Jerûsja en wie in dochter fan Sadok. 2Hy die sa’t de Heare it hawwe woe, krekt sa’t syn heit Oezzia dien hie, mar hy weage him net yn de timpel fan de Heare. Mar it folk gong fierder op ’e wei nei it ûngelok. 3Hy wie de man dy’t de boppeste poarte oan ’e timpel boude. Ek hat er gâns oan ’e muorre fan ’e Ofel dien. 4Fierders boude er stêden yn it berchlân fan Juda en stinzen en tuorren yn ’e bosken. 5Hy wie ek de man dy’t oarloch fierde tsjin de kening fan ’e Ammoniten en harren oerwûn. De Ammoniten moasten him datselde jiers hûndert talinten sulver en tsientûzen kor weet en tsientûzen kor koarn betelje. Dat brochten de Ammoniten him ek it twadde en tredde jier op. 6Jotam krige de macht fêst yn hannen, want hy keas syn wegen mei syn God, de Heare, foar eagen.
7De skiednis fan Jotam, al syn oarloggen en syn oare dwaan en litten, stiet fierder beskreaun yn it boek fan ’e keningen fan Israel en Juda. 8Fiifentweintich jier wied er, doe’t er oan it regear kaam en sechstjin jier hat er te Jeruzalem regearre. 9Jotam is rêst mei syn foarfaars; hy waard begroeven yn ’e Davidsstêd en syn soan Achaz folge him op.
© 1978 Nederlands Bijbelgenootschap