1Doe’t dat allegearre dien wie, gongen alle Israeliten dy’t der by west hienen, nei de stêden fan Juda, sloegen de wijde stiennen stikken, houden de wijde beammen om en ferrinnewearren de offerhichten en alters. Dat dienen se hiele Juda oer en yn Benjamin, Efraïm en Manasse, oant der net ien mear oer wie. Dêrnei gongen alle Israeliten wer nei har stêden, elk nei syn eigen gerjochtichheid.
De timpeltsjinst op ’e nij regele
2Hizkía stelde de ôfdielingen fan’e prysters en leviten op ’e nij fêst, al neigeraden it tsjinstwurk dat elk te dwaan hie: de prysters en leviten foar de brânoffers en foar de frede-offers, om tsjinst te dwaan, te lofsjongen en te priizjen by de yngongen fan it legerstee fan de Heare.
3It part dat de kening foar de brânoffers joech, wie foar de moarns- en ek foar de jûnsoffers, foar dy op sabbat, by nije moanne en op hjeldagen, sa’t foarskreaun wie yn ’e wet fan de Heare. 4Hy sei tsjin it folk, tsjin de ynwenners fan Jeruzalem, se moasten it part foar de prysters en leviten opbringe, dat dy har hielendal jaan koenen oan it ûnderrjocht yn ’e wet fan de Heare. 5Sa gau ’t dat gebod trochjûn wie, brochten de Israeliten in oerfloed op oan earstelingsoffers fan nôt, druvesop, oalje, hunich en fan alles wat it lân opjout; boppedat brochten se de tsienden fan alles rejaal op. 6De Israeliten en Judeeërs dy’t yn ’e stêden fan Juda wennen, brochten likegoed de tsienden oan grutfee en lytsfee op en ek de tsienden oan hillige wijjeften foar har God, de Heare, en se stâlen dy op yn steapels by steapels. 7Yn ’e tredde moanne begûnen se mei steapeljen en yn ’e sânde moanne hienen se it berêden. 8Doe’t Hizkía en de hege amtners kamen en dy steapels seagen, prizen se de Heare en syn folk Israel. 9Hizkía frege by de prysters en leviten, hoe’t it siet mei dy steapels. 10Doe antwurde Azarja, de opperpryster út it hûs fan Sadok, him: Sûnt it folk begûn is mei frijwillich jeften yn ’e timpel te bringen, ha wy ús sêd ite kinnen en ryklik oerhâlden; want de Heare hat syn folk sa segene, dat wy ha dizze grutte foarrie noch oer.
11Dêrom joech Hizkía bestel om keamers yn ’e timpel ree te meitsjen; en doe’t se dy ree hienen, 12brochten se dêr trou de offerjeften, tsienden en wijjeften hinne. De levyt Konanja waard dêr earste opsichter oer en syn mei-levyt Sjimy twadde. 13Jechiël. Achazja, Nachat, Asahel, Jerimot, Jozabad, Eliël, Jismakja, Machat en Benaja hienen it opsicht ûnder tafersjoch fan Konanja en syn mei-levyt Sjimy. Sa wie it bestel fan kening Hizkía en Azarja, it haad fan Gods hûs. 14Levyt Koaree, de soan fan Jimna, poartewachter by de Easterpoarte, gong oer de frijwillige Godsjeften. Hy rette mei it ferpartsjen fan ’e offerjeften oan de Heare en de allerhillichste wijjeften. 15Yn ’e prysterstêden stienen Eden, Minjamin, Jesjûa, Sjemaja, Amarja en Sjekanja him trou by, om har bruorren yn ’e ôfdielings har part ta te skikken, lyts en grut lykop.
16Fierder wie der in regeling foar de manspersoanen fan trije jier en âlder dy’t yn it famyljeregister ynskreaun stienen en dy’t allegearre yn ’e timpel kamen om de tsjinst waar te nimmen sa’t de dei it frege, elk yn syn amt neffens syn ôfdieling. 17It register fan ’e prysters wie opmakke neffens har stamhuzen; mar de leviten fan tweintich jier en âlder wienen ynskreaun neffens har amtswurk yn har ôfdielings; 18hja waarden ynskreaun mei al har lytse bern, har froulju, har soannen en dochters yn ’e hiele gemeente, want hja wienen trou dwaande yn it hillige. 19Foar de soannen fan Aäron, de prysters dy’t yn ’e mienskarren fan har stêden tahâlden, wienen der yn elke stêd mannen, dy’t by namme oanwiisd wienen om oan alle manspersoanen ûnder de prysters en oan alle ynskreaunen ûnder de leviten har part ta te beskikken.
20Sa die Hizkía yn hiele Juda; hy die wat foar syn God, de Heare, oer goed en rjocht en trou wie. 21En yn alle wurk dat er yn tsjinst fan it hûs fan God, foar wet en gebod ûndernaam, tsjinne er syn God mei ynmoed en hy brocht it ta in goed ein.