It regear fan Oezzia; syn foarspoed
1Doe naam it hiele folk Oezzia – dy wie sechstjin jier – en se rôpen him ta kening út foar syn heit Amasja yn it plak. 2Nei’t er syn heit, de kening, by syn foarfaars begroeven hie, boude hy Elat wer op en brocht it wer ûnder Juda. 3Sechstjin jier wie Oezzia, doe’t er oan it regear kaam, en twaënfyftich jier hat er te Jeruzalem regearre. Syn mem hiet Jekolia en kaam út Jeruzalem. 4Hy die sa’t de Heare it hawwe woe, krekt sa’t syn heit Amasja dien hie. 5Salang’t Sekarja libbe, dy’t him djip ynsjoch joech yn de tsjinst fan God, tsjinne hy God mei ynmoed. En salang’t er dat die, makke God it goed mei him.
6Hy teach derop út om tsjin de Filistinen te fjochtsjen. Hy helle de muorren fan Gat del, fan Libiërs en Asjdod, en lei fersterkings oan yn ’e kontreien fan Asjdod en op oare plakken yn it lân fan de Filistinen. 7God holp him tsjin de Filistinen en tsjin de Arabieren dy’t te Gûr-Baäl wennen, en tsjin ’e Meûniten. 8De Ammoniten brochten him skatting en de rop fan him gong oan ’e grins fan Egypte ta, want syn macht wie tige oanwûn. 9Oezzia boude yn Jeruzalem tuorren by de Hoekpoarte, de Dellingpoarte en by de Winkelheak oan en fersterke dy sa. 10Hy boude ek tuorren yn ’e woestyn en houde ferskate wetterbakken út, want hy hâlde der gâns fee op nei, sawol yn it Leechlân as op ’e Heechflakte. Hy hie ek bouboeren en druvehofkers op ’e bergen en yn ’e druvehôven, want hy hie niget oan it boerebedriuw.
11Oezzia hie ek in leger, dat de striid oan koe. It teach út yn ôfdielings, dy’t by it oanmeunsterjen ôfteld wienen ûnder tafersjoch fan skriuwer Jeïel en amtsman Maäseja; Chananja hie der as keninklik offisier de lieding fan. 12Byinoar teld wienen der 2600 haden fan stamhuzen, moedige striders. 13Under harren stie in legermacht fan 370.500 man, dy’t ree stienen om de kening mei mannemacht by te stean. 14Oezzia riste dat hiele leger út mei skylden en spearen, mei helms en pânsers, mei bôgen en slingerstiennen. 15Boppedat makke er te Jeruzalem fernimstich úttochte ynstruminten, dêr’t se pylken en grutte stiennen mei fuortsjitte koenen. Dy setten se op ’e tuorren en op ’e hoeken. Sa gong de rop fan him fier om utens. Op in wûnderbaarlike wize waard er holpen en sa krige er op ’t lêst grutte macht.
Syn melaatskens en dea
16Mar doe’t er machtich wurden wie, waard er grutsk en dat wie syn ûngelok. Hy gong foar syn God de Heare oer fier oer de skreef: want hy gong de timpel fan de Heare yn om sels wijreek te rikjen op it rûkofferalter. 17Mar pryster Azarja gong him achternei, mei tachtich prysters fan de Heare by him, mannen dy’t net bang wienen. 18Hja stienen de kening en seinen tsjin him: It komt jo net ta, Oezzia, de Heare rûkoffers te bringen, mar allinne de prysters, de soannen fan Aäron, dy’t foar it rûkoffer wijd binne. Gean út it hillichdom wei, want jo binne foar de Heare oer fier oer de skreef gien en dêr sille jo gjin eare mei winne by God, de Heare. 19Dêr wûn Oezzia him slim oer op, mar wylst er it rûkofferfet yn ’e hân hie en him opwûn tsjin de prysters, sloech de melaatskens him op ’e foarholle út. Dat barde foar de eagen fan ’e prysters yn ’e timpel, lyk foar it rûkofferalter. 20Opperpryster Azarja en alle oare prysters rûnen op him ta, en ja, hy wie melaatsk op ’e foarholle. Se treauwen him der hastich út en sels makke er ek, dat er bûtendoar kaam, om’t de Heare him oantaast hie. 21Kening Oezzia bleau melaatsk oan ’e dei fan syn dea ta en as melaatske moast er yn in apart hûs tahâlde; de timpel wie him foar altyd ûntsein. Syn soan Jotam gong oer it keninklik paleis en bestjoerde lân en folk. 22De skiednis fan Oezzia út earder en letter tiid hat profeet Jesaja, de soan fan Amoz, fierder beskreaun. 23Oezzia is rêst mei syn foarfaars; hy waard begroeven by syn foarfaars op it hôf dat fan ’e keningen wie (en net yn ’e Davidsstêd) want, seinen se, it is in melaatsken. Syn soan Jotam folge him op.