It regear fan Amasja
1Fiifentweintich jier wie Amasja, doe’t er oan it regear kaam, en njoggenentweintich jier hat er te Jeruzalem regearre. Syn mem hiet Joäddan en kaam út Jeruzalem. 2Hy die sa’t de Heare it hawwe woe, alhoewol net folslein fan herten. 3Sadree’t er de keningsmacht fêst yn hannen hie, makke er de tsjinners dy’t syn heit, de eardere kening, fermoarde hienen, fan kant, 4mar dy har bern makke er net dea: hy die sa’t beskreaun stiet yn ’e wet, yn it boek fan Mozes, dêr’t de Heare yn foarskreaun hat: Heiten meie net deade wurde om de bern en de bern net om de heit, mar elk sil om syn eigen sûnde deade wurde. 5Doe rôp Amasja de Judeeërs byinoar en hy stelde har neffens de stamhuzen ûnder oanfierders fan tûzenskippen en fan hûndertskippen. Foar hiele Juda en Benjamin die er dat. Fan tweintich jier en âlder meunstere hy harren oan en it die bliken, dat der 300.000 man oan kartroepen wienen, dy’t skyld en spear droegen. 6Boppedat hied er út Israel wei noch 100.000 man moedige striders hierd foar hûndert talinten sulver. 7Doe kaam in Godsman op him ta en sei: Kening, lit dat leger út Israel, al dy Efraïmiten, der net mei jo op útgean, want de Heare stiet net oan ’e kant fan Israel. 8As jo dochs miene mei har stipe sterk te stean yn ’e striid, dan sil God jo yn it sicht fan ’e fijân raar stroffelje litte. Want God hat de macht om ien te helpen en om ien stroffelje te litten. 9Doe sei Amasja tsjin de Godsman: Mar hoe moat it dan mei de hûndert talinten sulver dy’t ik de mannen út Israel jûn haw? De Godsman sei: De Heare is by steat en jou jo helte mear werom! 10Dêrom helle Amasja de mannen dy’t út Efraïm wei by him kommen wienen, derút en liet se wer nei hûs ta gean. Mar dy lju wienen tige min te sprekken oer Juda en gongen poerrazend wer nei hûs. 11Mar Amasja krige moed; hy gong syn folk foar en sette op ’e Sâltdelling ta. Dêr fersloech er de Seïriten: 10.000 deaden. 12De Judeeërs krigen ek noch 10.000 oaren libben yn hannen; dy brochten se boppe op ’e Rots. Dêr smieten se harren by del, en allegear foelen se tepletter. 13Mar de mannen dy’t Amasja weromstjoerd hie, om’t er harren net meihawwe woe yn ’e striid, dy foelen oan op ’e stêden fan Juda, fan Samaria ôf oan Bet-Choaron ta; se fersloegen dêr 3000 man en makken gâns bút.
14Nei’t Amasja fan syn oerwinning op ’e Edomiten weromkommen wie, joech er de goaden fan ’e Seïriten dy’t er meinommen hie, in plak, as wienen it syn eigen goaden; hy bûgde him derfoar del en brocht der rûkoffers oan. 15Doe lôge de grime fan de Heare op tsjin Amasja. Hy stjoerde in profeet en dy sei tsjin him: Wêrom hawwe jo jo ôfjûn mei de goaden fan dat folk; goaden dy’t har eigen folk net iens út jo hannen rêde koenen? 16Mar de kening liet him net iens útprate en sei: Hawwe wy jo faaks ta keninklik riedshear beneamd? Hâld op! Wolle jo soms deaslein wurde? Doe makke de profeet der in ein oan mei te sizzen: Ik fernim, dat de Heare ta jo ûndergong besletten hat, no’t jo soks dogge en net nei myn rie harkje wolle.
Amasja mei Israel yn oarloch
17Neitiid naam kening Amasja fan Juda in beslút en stjoerde kening Joäsj fan Israel, de soan fan Joächaz, de soan fan Jehû, dit boadskip: Kom, lit ús it tsjininoar opnimme. 18Doe stjoerde kening Joäsj fan Israel dit antwurd oan kening Amasja fan Juda: De stikel op ’e Libanon frege oan ’e seder op ’e Libanon: Jou jo dochter dochs as frou oan myn soan! Mar it wyld op ’e Libanon kaam dêr lâns en ferwâde de stikel. 19Jo tinke by josels: ik haw de Edomiten ferslein; en no binne jo grutsk wurden en longerje op mear eare. Mar bliuw leaver thús: wêrom soenen jo sels it ûnheil útdaagje en sadwaande te fallen komme, josels mei Juda derby.
20Mar Amasja woe net harkje, want God wie fan doel him en syn folk yn ’e hannen fan Joäsj te jaan, om’t se it by de goaden fan Edom socht hienen. 21Dêrom gong kening Joäsj fan Israel derop ôf en se namen it tsjininoar op te Bet-Sjêmesj yn Juda, hy en kening Amasja fan Juda. 22De Judeeërs waarden troch Israel ferslein en se makken allegearre dat se wer by eigen honk kamen. 23Kening Joäsj fan Israel krige kening Amasja fan Juda, de soan fan Joäsj, de soan fan Joächaz by Bet-Sjêmes yn ’e hannen en brocht him nei Jeruzalem. De muorre fan Jeruzalem bruts er oer in lingte fan fjouwerhûndert jellen ôf, fan ’e Efraïmpoarte oan ’e Hoekpoarte ta. 24Hy naam alle goud en sulver en alle guod mei út it Godshús dat ûnder it behear fan ’e famylje fan Obed-Edom stie. De skatten út it keninklik paleis naam er ek mei en gizelers; sa gong er werom nei Samaria.
Libbensein fan Amasja
25Nei de dea fan kening Joäsj fan Israel, de soan fan Joächaz, hat kening Amasja fan Juda, de soan fan Joäsj, noch fyftjin jier libbe. 26De skiednis fan Amasja út earder en letter tiid stiet fierder wol beskreaun yn it boek fan ’e keningen fan Juda en Israel. 27Sûnt Amasja him fan de Heare ôfkeard hie, spanden se te Jeruzalem tsjin him gear. Doe naam er de wyk nei Lakisj. Mar se stjoerden mannen achter him oan nei Lakisj en dy fermoarden him dêr. 28Hy waard mei hynders oerbrocht en begroeven by syn foarfaars yn ’e Davidsstêd.