2 Kroniken 17
Josjafat syn frommens en foarspoed
1Syn soan Josjafat folge him op. Dy makke him sterk tsjin Israel. 2Hy lei soldaten yn alle festingsstêden fan Juda en wachtposten yn it lân Juda en yn ’e stêden fan Efraïm dy’t syn heit Asa ynnommen hie. 3De Heare stie Josjafat by, want hy hâlde de wegen dy’t syn heit yn it earstoan gien wie, en socht it net by de Baäls. 4Mar hy socht it by de God fan syn heit; Dy syn geboaden hâlde er him oan en hy die net sa’t se yn Israel dienen. 5De Heare joech Josjafat de keningsmacht fêst yn hannen en hiele Juda brocht him skatting, dat rykdom en eare foelen him yn oerfloed ta. 6Mei in moedich hert gong er fierder op ’e wegen fan de Heare, dat hy romme ek de offerhichten en wijpeallen yn Juda op. 7Yn it tredde jier fan syn regear stjoerde er syn foarmannen Benchaïl, Obadja, Sekarja, Netanel en Mikaja derop út om yn ’e stêden fan Juda ûnderrjocht te jaan. 8En mei harren de leviten Sjemaja, Netanja, Sebadja, Asahel, Sjemiramot, Jonatan, Adonia, Tobia en Tob-Adonia; en mei dy leviten de prysters Elisjama en Joaram. 9Dy joegen ûnderrjocht yn Juda mei it wetboek fan de Heare derby. Se gongen alle stêden fan Juda bylâns en joegen it folk ûnderrjocht. 10Doe kaam de skrik foar de Heare deryn by alle keninkryken fan ’e lannen dy’t om Juda hinne leinen, dat se makken gjin oarloch mei Josjafat.
11Fan ’e Filistinen brochten ek guon Josjafat geskinken en sulver as skatting; sels de Arabieren brochten him lytsfee: 7700 rammen en 7700 geitebokken. 12Sa waard Josjafat geandewei in tige grut man en hy boude yn Juda stinzen en opslachstêden 13en hy hie yn ’e stêden fan Juda gâns foarrieden en yn Jeruzalem in leger fan fikse kearels. 14Se wienen neffens har stamhuzen yndield. Fan Juda wienen oanfierders oer tûzenskippen: Adna mei 300.000 man ûnder him, fikse kearels, 15njonken him Jochanan mei 280.000 man ûnder him, 16njonken him Amasja, de soan fan Sikry, dy’t him frijwillich yn tsjinst fan ’e Heare steld hie, mei 200.000 man ûnder him, fikse kearels. 17Fan Benjamin wienen oanfierders: Eljada, in fikse kearel mei 200.000 man ûnder him, wapene mei bôge en skyld, 18njonken him Jozabad mei 180.000 man ûnder him, ree foar de striid. 19Dat binne de mannen dy’t yn tsjinst fan ’e kening stienen, it folk dat de kening yn ’e festingstêden fan Juda set hie, net meiteld.
© 1978 Nederlands Bijbelgenootschap