Josjafat mei Achab yn it bûn
1Sa krige Josjafat gâns rykdom en eare; troch in houlik ferbûn er him mei Achab. 2Nei in jier of wat gong er nei Achab te Samaria. Achab slachte foar him en foar it folk dat er by him hie, net te min lytsfee en grutfee en stie der by him op oan, dat se tegearre in fjildtocht tsjin Ramot yn Gileäd ûndernimme soenen. 3Kening Achab fan Israel sei tsjin kening Josjafat fan Juda: Wolle jo mei my de striid oangean tsjin Ramot yn Gileäd? Dy antwurde him: Jo kinne op my rekkenje, jo folk op myn folk, wy geane mei jo de striid yn.
4Mar Josjafat sei ek tsjin de kening fan Israel: Freegje earst de Heare om in útspraak. 5Doe rôp de kening fan Israel de profeten byinoar, fjouwerhûndert man. Hy frege narren: Sil ik op Ramot yn Gileäd ôfgean of sil ik it litte? Doe seinen se: Gean, want God sil it de kening yn hannen jaan. 6Mar Josjafat sei: Is hjir gjin oare profeet fan de Heare, dy’t wy freegje kinne? 7De kening fan Israel sei tsjin Josjafat: Der is noch ien man troch wa’t wy de Heare om in útspraak freegje kinne; mar ik mei dy man net sjen, want hy profetearret, as ’t om my giet, noait wat goeds, mar altyd ûnheil: it is Micha, de soan fan Jimla. Mar Josjafat sei: Soks moat de kening net sizze. 8Doe rôp de kening fan Israel ien fan ’e hofhâlding en sei: Helje fuortdaliks Micha, de soan fan Jimla. 9De kening fan Israel en kening Josjafat fan Juda sieten dêr yn har staasjeklean, elk op syn troan; se sieten op ’e terskflier by de poarte-yngong fan Samaria, en alle profeten stienen foar har te profetearjen. 10Sidkía, de soan fan Kenaäna, hie himsels izeren hoarnen makke. Hy sei: Dit hat de Heare te sizzen: Hjir sille jo Aram mei stjitte, oant jo de Arameeërs ferdylge hawwe. 11Sa profetearren alle profeten en seinen: Gean op Ramot yn Gileäd ôf en win it: de Heare sil it de kening yn hannen jaan.
12De boade dy’t derop út gien wie om Micha te roppen, sei tsjin him: De profeten hawwe as ien man in geunstige útspraak foar de kening dien; tink derom en lit jo wurd no wêze lykas dat fan ien fan harren en sis wat geunstichs. 13Mar Micha sei: Sa wier as de Heare libbet, ik sil oars net sizze as wat myn God my seit. 14Doe’t er by de kening kommen wie, frege dy him: Micha, sille wy op Ramot yn Gileäd ôfgean of sil ik it litte? Hy sei: Gean derop ôf en win it; dy fan Ramot sille jim yn hannen jûn wurde. 15Mar de kening sei tsjin him: Hoe faak moat ik jo beswarre, dat jo my oars net sizze sille as de wierheid út namme fan de Heare? 16Doe sei er:
Ik seach hiele Israel op ’e bergen fersille,
as skiep dy’t gjin hoeder hawwe.
En de Heare sei: Se hawwe gjin lieders mear,
lit in elk yn frede wer nei hûs ta gean.
17Doe sei de kening fan Israel tsjin Josjafat: Hie ik it jo net sein: Hy profetearret noait wat goeds, as it om my giet, mar inkeld ûnheil?
18Mar Micha gong troch en sei:
Dêrom, hear nei wat de Heare seit. Ik seach de Heare op syn troan sitten en de hiele himelske legermacht stie oan syn rjochter- en linkerhân. 19Doe sei de Heare: Wa sil Achab, de kening fan Israel, derta ferliede, dat er op ’t oarlochspaad giet en by Ramot yn Gileäd falt? De iene sei dit en de oare dat. 20Doe kaam der in geast nei foaren en gong foar it antlit fan de Heare stean; hy sei: Ik sil him ferliede. De Heare frege: Hoe? 21Hy sei: Ik sil hinnegean en wurd in leagengeast yn ’e mûle fan al syn profeten. Doe sei de Heare: Do silst him ferliede, ja, do silst it klearspylje. Gean hinne en dòch sa! 22En sjoch, no hat de Heare in leagengeast set yn ’e mûle fan al jo profeten hjirre, mar de Heare sels hat jo ûnheil foarsein.
23Doe kaam Sidkía, de soan fan Kenaäna, op Micha ta, sloech him foar de mûle en sei: Hoe soe de Geast fan de Heare by my weigien wêze om dij oan te sprekken? 24Micha antwurde: Sjoch, dat silst gewaar wurde de deis, datst keamer-út keamer-yn fljochst om wei te krûpen. 25Mar de kening fan Israel sei: Pak Micha en bring him werom nei de stedskommandant Amon en nei prins Joäsj, 26en sis dat de kening sein hat: Set dizze kearel yn it tichthús en jou him krap wetter en brea, oant ik behâlden weromkom. 27Doe sei Micha: Weromkomme? – As jo behâlden weromkomme, dan hat it net de Heare west, dy’t troch myn mûle sprutsen hat. [Hy hat sein: Harkje, folken, allegearre!]
Achab syn dea
28Sa gongen de kening fan Israel en Josjafat, de kening fan Juda, op Ramot yn Gileäd ôf. 29Doe sei de kening fan Israel tsjin Josjafat: Ik doch oare klean oan en gean sa de striid yn, mar hâlde jo jo staasjeklean mar oan. Doe die de kening fan Israel oare klean oan en sa gongen se de striid yn. 30No hie de kening fan Aram syn weinkommandanten oarder jûn: Jim moatte net de earste de bêste oanfalle, mar allinnich de kening fan Israel. 31Sadree’t de weinkommandanten Josjafat seagen, tochten se: Dat is de kening fan Israel! en se kamen fan alle kanten opsetten om him oan te fallen. Doe raasde Josjafat it út en de Heare holp him: God kearde harren by him wei. 32De weinkommandanten seagen, dat it de kening fan Israel net wie; se joegen har ôf en lieten him gewurde.
33Underwilens spande in man samar op goed gelok de bôge en rekke de kening fan Israel tusken de ferbiningsstikken en it pânser. Doe sei Achab tsjin syn menner: Kear de wein en bring my út de slach wei, want it is lang net goed mei my. 34Dochs waard it noch in fûle striid dy deis. De kening fan Israel hâlde him yn syn wein oerein en stie de Arameeërs oan ’e jûn ta. Mar doe’t de sinne ûndergong, stoar er.