2 Kroniken 16
1Mar yn it seisentritichste jier teach Basa, de kening fan Israel tsjin Juda op. Hy fersterke Rama om sadwaande alle ferbining mei kening Asa fan Juda ôf te snijen. 2Doe helle Asa sulver en goud út ’e skatkeamers fan timpel en paleis en stjoerde dat nei kening Benhadad fan Aram, dy’t yn Damaskus wenne, en frege him: 3Der bestiet in ferbûn tusken jo en my, lykas tusken jimme heit en ús heit. Sjoch, ik stjoer jo sulver en goud. Ferbrek jo ferbûn no mei kening Basa fan Israel, dat er him tebek lûkt by my wei. 4Doe harke Benhadad nei kening Asa en stjoerde syn legerkommandanten op de stêden fan Israel ôf; dy namen Ijjon, Dan en Abel-Maïm en alle opslach-stêden fan Naftaly. 5Doe’t Basa dat hearde, hâlde hy daliks op mei Rama te fersterkjen en liet it wurk lizze. 6Doe helle kening Asa hiele Juda derby en se tôgen de stien en it hout fuort, dêr’t Basa mei dwaande west hie om Rama op te bouwen en hy fersterke Gêba en Mispa dêrmei.
7Yn dy tiid gong sjenner Chanany nei kening Asa, de kening fan Juda, en sei tsjin him: Omdat jo op ’e kening fan Aram fertroud hawwe en net op jo God, de Heare, dêrom is it leger fan Arams kening jo ûntkommen. 8Hienen de Kûsjiten en de Libyërs ek net in grutte legermacht mei in ûnoarme mannichte fan weinen en ruters? Mar likegoed hat de Heare se jo yn hannen jûn, om’t jo op Him fertroud hawwe. 9Ommers de Heare syn eagen geane de hiele ierde oer om syn sterkte te bewizen oan ’e minsken dy’t Him mei hert en siel tawijd binne. Mar wat jo no dien hawwe, wie dwaasheid. Tenei sille jo oarloch op oarloch hawwe. 10Doe waard Asa lilk op ’e sjenner en sette him yn it tichthús; hy wie poerrazend op him, om’t er dat sein hie. Yn dyselde snuorje mishannele Asa ek guon út it folk.
Ein fan Asa syn libben
11Fierder stiet de skiednis fan Asa út earder en letter tiid wol beskreaun yn it boek fan ’e keningen fan Juda en fan Israel. 12Yn it njoggenentritichste jier fan syn regear krige Asa it oan ’e fuotten en syn kwaal boaze hurd oan. Lykwols socht er it yn syn sykte net by de Heare, mar by de medisynmannen. 13Asa is rêst mei syn foarfaars. Hy stoar yn it ienenfjirtichste jier fan syn regear. 14Se begroeven him yn it grêf dat er himsels úthouwe litten hie yn ’e Davidsstêd, en leinen him op in rêstbêd mei swietrokige krûderijen deryn, troch kundige salvemingers makke, en se brânden in grut fjoer ta syn eare.
© 1978 Nederlands Bijbelgenootschap