Amten yn ’e gemeente
1Dit is in wier wurd: as ien derom stiket om foarman fan ’e gemeente te wurden, dan begeart er in treflike taak. 2No moat in foarman ien wêze, dêr’t neat op te sizzen falt, dy’t him by ien frou hâldt, sober, evenredich, earber, gastfrij, bekwaam om ûnderrjocht te jaan, 3gjin drinker, gjin fjochtersbaas, mar ynskiklik, freedsum en net fûl op jild; 4hy moat syn eigen hûs goed bestjoere en syn bern ûnder de tucht hâlde mei alle earberens. 5As ien syn eigen húshâlding net wit te bestjoeren, hoe sil er foar Gods gemeente soargje kinne? 6Hy moat gjin man wêze dy’t noch mar krekt bekeard is; hy mocht ris grutsk wurde en yn ’e duvel syn oardiel falle. 7Hy moat ek goed oanskreaun stean by de bûtenwacht, oars wurdt er op in kweanamme brocht en rekket er yn ’e strûp fan ’e duvel.
8Krektsa moatte diakens earber wêze, net mei twa mûlen sprekke, net slij nei wyn, of op skandlike winst út; 9se moatte de ferburgenheid fan it leauwen fêsthâlde mei in suver gewisse. 10Sij moatte earst ek hifke wurde: dêrnei kinne se, as der gjin klachten binne, har tsjinst waarnimme. 11Krektsa moatte har froulju earber wêze, gjin lastertongen, sober, yn alles betroud. 12Diakens moatte har by ien frou hâlde, har eigen bern en hûs goed bestjoere. 13Want dy’t har wurk as diaken goed dien hawwe, besoargje harsels in earfolle posysje en grutte frijmoedigens by it sprekken oer it leauwen yn Kristus Jezus.
De ferburgenheid fan ’e godsfreze
14Ik skriuw dy dat mar, al hoopje ik mei gauwens by dy te kommen. 15Mar mocht ik langer weibliuwe, dan witsto hoe’t men jin hâlde en drage moat yn it hûs fan God, dat is de tsjerke fan ’e libbene God, bolwurk en grûnslach fan ’e wierheid. 16Ja, sûnder mis, grut is de ferburgenheid fan ’e godsfreze:
Hy is ferskynd as minske
yn it gelyk steld troch de Geast,
is sjoen troch de ingelen,
ferkundige ûnder de heidenfolken,
leaud yn ’e wrâld
en opnommen yn hearlikheid.