1 Timoteüs 2
Hoe’t de gemeente heart te bidden
1Alderearst fermoanje ik dy dan om smekings, gebedens, foarbeden en tanksizzingen te dwaan foar alle minsken; 2foar foarsten en allegearre dy’t in hege posysje hawwe, dat wy in stil en rêstich libben hawwe meie yn kleare godsfreze en earberens. 3Dat is goed en oannimlik by God ús Ferlosser, 4dy’t wol dat alle minsken behâlden wurde en ta kennisse fan ’e wierheid komme. 5Want der is mar ien God en ek mar ien Middeler tusken God en minsken: de minske Kristus Jezus, 6dy’t Himsels as lospriis foar allegearre jûn hat; doe’t it de tiid wie, hat Er it bewiis levere dat God it tige mei de minsken mient. 7Ik bin oansteld as boadskipper en apostel dêrfan – ik sprek de wierheid, ik leagenje net – om de heidenfolken te ûnderrjochtsjen yn it wiere leauwen.
8Ik wol dus, dat by it bidden de manlju oeral de hannen yn suverens opheevje, frij fan grime en rûzje. 9Allyksa wol ik dat de froulju har beskieden en ynbannich mei in weardige klaaiïng siere en net mei hierfrisselderij, goud, pearels of djoere klean, 10mar, lykas it froulju foeget dy’t derfoar útkomme dat se God tsjinje wolle, mei goede dieden. 11In frou moat stil taharkje en har yn alle ûnderdienigens ûnderrjochtsje litte. 12Mar ik jou har gjin frij om ûnderrjocht te jaan of om har foar de man oer jilde te litten; se moat har mar stil hâlde. 13Want Adam is earst makke, doe Eva. 14En Adam hat him net misliede litten, mar it wie de frou dy’t har ferliede liet en sa ta sûnde ferfoel. 15Mar se sil behâlden wurde mei bern te krijen, as se yn ynbannigens fêsthâldt oan leauwen, leafde en hilliging.
© 1978 Nederlands Bijbelgenootschap