1 Timoteüs 4
Warskôging tsjin dwaallearaars
1Mar de Geast seit mei klam, dat der yn letter tiden guon minsken fan it leauwen ôffalle sille, om’t se har ôfjouwe mei dwaalgeasten en duvelske learingen, 2troch de skynhilligens fan leagensprekkers dy’t yn har gewisse it brânmerk drage. 3Se ferbiede it trouwen en it iten fan spizen, dy’t God dochs skepen hat, dat se mei tanksizzing brûkt wurde sille troch minsken dy’t leauwe en de wierheid kennen leard hawwe. 4Want alles wat God skepen hat, is goed en dêr is neat fan te fersmiten, as men it mar mei tanksizzing oannimt; 5want it wurdt hillige troch it wurd fan God en it gebed.
6Asto dat oan ’e bruorren foarhâldst, dan bisto in goede feint fan Kristus Jezus, ien foar wa’t de wurden fan it leauwen en fan ’e goede leare, dêrsto dy by oansletten hast, iten en drinken binne. 7Mar fersmyt de ûnhillige âldwivefabels. Oefenje dysels deryn om from te libjen. 8Want it ynbinen fan it lichemsferlet hat net safolle nut, mar de foardielen fan ’e godsfreze komt gjin ein fan: want dêr leit de belofte yn fan libben, fan it tsjintwurdige likegoed as fan it takomstige. 9Dat is in wier wurd en folslein oannimlik. 10Want dat is it doel fan ús bodzjen en striden, om’t wy ús hope set hawwe op de libbene God, dy’t in Ferlosser is fan alle minsken, benammen fan har dy’t leauwe. 11Dat moatsto har ynskerpje en leare.
12Gjinien mei op dy delsjen omdatsto noch sa jong bist, mar wês in foarbyld foar har dy’t leauwe, yn dyn wurden, dyn hâlden en dragen, yn leafde, leauwen en foechsumens. 13Oant ik sels kom, moatsto dy aloan útlizze op it foarlêzen fan ’e Skrift, op it fermoanjen en it ûnderrjochtsjen. 14Lit de genedejefte dy’t yn dy is, net ferwurde. Dy hast troch in profetewurd krige, wylst de âldsten mei-inoar dy de hannen opleinen. 15Do moatst dy dingen goed neigean en deryn libje, dan sil it alleman opfalle hoesto oanwinst. 16Stean noed fan dyn hâlden en dragen en fan watsto de minsken learst. Hâld dat beide fêst. Asto dat dochst silsto dysels en likegoed har dy’t nei dy harkje behâlde.
© 1978 Nederlands Bijbelgenootschap