1 Tessaloníkers 3
1Op ’t lêst koenen wy it net langer úthâlde. Dêrom besleaten wy allinne yn Athene te bliuwen 2en hawwe wy Timóteüs stjoerd, ús broer en meiwurker yn ’e tsjinst fan God by it bringen fan it bliid boadskip fan Jezus Kristus. Wy woenen dat er jimme sterkje en bemoedigje soe yn jimme leauwen, 3dat net ien fan jimme oan it wifkjen reitsje soe troch dy benearings. Jimme witte sels: wy binne foar soks ornearre. 4Want doe’t wy by jimme wienen, hawwe wy it jimme ek al foarút sein, dat wy beneare wurde soenen. En sa is it ek kommen, lykas jimme no sels fernimme. 5Ik koe it net langer úthâlde. Dêrom haw ik Timóteüs stjoerd om nei jimme leauwen te fernimmen. Ik hie noed, dat de ferlieder jimme faaks fan it goede paad ôfbrocht en dat al ús wrotten om ’e nocht west hie.
6Mar no is Timóteüs krektsa by jimme wei wer by ús kommen en hy hat ús goed nijs brocht oer jimme leauwen en leafde. Hy sei, dat jimme ús altiten yn oantinken hâlde en dat jimme der likefolle op longerje om ús wer te sjen as wy om jimme wer te sjen. 7Sadwaande binne wy, bruorren, yn al ús need en benearing, troch jimme leauwen bemoedige oer jimme. 8Want wy libje no wer op, no’t jimme fêsthâlde oan de Hear. 9Hoe kinne wy God genôch tank bewize foar jimme, foar alle blydskip dy’t wy oan jimme belibje foar ús God? 10By nacht en by dei binne wy mei alle ynmoed freegjende, om jimme wer te sjen en it tekoart yn jimme leauwen oan te foljen. 11Mei God sels, ús Heit, en ús Heare Jezus ús it paad nei jimme ta sljochtsje. 12Mei de Hear jimme leafde foar elkoar en foar allegearre like ryk en oerfloedich meitsje as ús leafde foar jimme. 13Mei Er sa jimme it herte sterkje, dat jimme yn hillichheid, sûnder lek en brek, foar ús God en Heit steane, as ús Heare Jezus komt mei al syn hilligen.
© 1978 Nederlands Bijbelgenootschap