Paulus syn wurk yn Tessaloníka
1Jimme witte sels, bruorren, hoe’t ús komst by jimme net sa mar wat west hat. 2Al hienen wy, lykas jimme witte, tefoaren lit en al wienen wy mishannele yn Filippy, dochs hawwe wy yn ús God de moed fûn om jimme syn bliid boadskip te ferkundigjen, ek al koste dat gâns striid. 3Want ús preekjen komt net op út ûnearlike of ûnsuvere bedoelings en wy wolle net ien bedrage. 4Mar God sels hat ús hifke om ús de ferkundiging fan it bliid boadskip ta te betrouwen. Dêrom sprekke wy net om it minsken nei ’t sin te dwaan, mar God, dy’t ús it herte hifket.
5Wy binne, lykas jimme wol witte, noait mei fluenske wurden by jimme oankommen en likemin mei stikeme habsucht, – God kin derfoar ynstean. 6Wy hawwe der net op út west om troch minsken prize te wurden, net troch jimme en net troch oaren, 7al hienen wy as apostels fan Kristus ús wol jilde litte kinnen. Mar wy wienen freonlik yn jimme fermidden, as in mem dy’t har bern hoedet en noedet. 8Wy wienen jimme sa tagedien, dat wy hienen jimme graach net allinne it bliid boadskip fan God, mar ek ús eigen libben jûn, om’t jimme ús leaf wurden wienen. 9It heucht jimme dochs noch wol, bruorren, hoe’t wy wrotten en wraamd hawwe. By nacht en by dei hawwe wy arbeide om net ien fan jimme ta lêst te wêzen, wylst wy jimme it bliid boadskip fan God ferkundigen. 10Jimme binne ús getugen, en God sels, hoe’t ús hâlden en dragen from, rjochtfeardich en ûnbesprutsen west hat foar jimme oer, dy’t leauwe. 11Sa’t jimme witte: lykas in heit syn bern, sa hawwe wy elk fan jimme 12oantreaste en bemoedige en jimme besward om sa te libjen lykas dat strookt mei de God dy’t jimme ropt ta syn keninkryk, ta syn hearlikheid.
13En dêrom tankje wy God ek sûnder ophâlden, dat jimme it boadskip fan God, dat wy ferkundigen, ûntfongen en oannommen hawwe, net as in wurd fan minsken, mar as wat it wierliken is: it wurd fan God. En dat bliuwt oan it wurk yn jimme dy’t leauwe. 14Want, bruorren, it is jimme krektsa fergien as de kristengemeenten fan God yn Judéa dy’t yn Kristus Jezus besteane: jimme hienen itselde te lijen fan jimme eigen lânslju as sij fan ’e Joaden. 15Dy hawwe de Heare Jezus en de profeten deade en ús fûl ferfolge. Hja dogge net wat God hawwe wol en geane tsjin alle minsken yn. 16Om de mjitte fan har sûnden foar altiten fol te meitsjen behinderje se ús ek noch om oan ’e heidenen har behâld te ferkundigjen. Mar de grime fan God is dan ek foargoed oer har kommen.
Paulus wol de gemeente graach wer opsykje
17Bruorren, wy hawwe jimme foar in tiid misse moatten – yn ’e persoanlike omgong teminsten, mar jimme wienen ús net út it sin – wy hawwe alle war dien om jimme persoanlik te moetsjen, sa’n langst hienen wy. 18Dêrom woenen wy wer nei jimme ta. Iksels, Paulus, haw dat faker as ien kear besocht, mar de Satan hat it ús ûnmooglik makke. 19Want as jimme it net binne, wa sil dan ús hope wêze, ús blydskip, de krânse dêr’t wy grut op geane, as wy steane foar ús Heare Jezus, as Er komt? 20Ja, jimme binne ús eare en ús blydskip.