In libben sa’t God it graach hawwe wol
Fierders, bruorren, jimme hawwe fan ús heard hoe’t jimme libje moatte sa’t God it wol. No freegje en fermoanje wy jimme yn ’e namme fan de Heare Jezus, dat noch trouwer nei te kommen as jimme al dogge. Want jimme witte, hokker foarskriften wy jimme jûn hawwe út namme fan de Heare Jezus. Dat is ommers wat God fan jimme freget: wês hillich en ûnthâld jimme fan huorkerij. Elk fan jimme moat witte, hoe’t er op hillige en earbere wize it houlik mei syn frou oangiet, net mei hertstochtlik begearen, lykas de heidenen dy’t God net kenne. Lit gjinien him te bûten gean en syn mei-kristen skea dwaan yn dit stik fan saken, want de Hear straft al sokke dingen, lykas wy jimme al earder mei klam sein hawwe. God hat ús ommers net roppen om yn ûnreinens te libjen, mar yn hilligens. Sadwaande, wa’t dat ferachtet, ferachtet gjin minske, mar God, dy’t jimme syn hillige Geast jout.
Oer de bruorreleafde lykwols hoege wy jimme net te skriuwen. Sels hawwe jimme fan God leard om elkoar leaf te hawwen. En jimme dogge dat ommers ek al foar alle bruorren oer yn hiele Masedoanië. Mar wy fermoanje jimme, bruorren, dat noch trouwer nei te kommen. Lit it jimme in eare wêze om rêstich te libjen, jim eigen saken te berêden en mei jimme hannen sels de kost te fertsjinjen, lykas wy jimme foarskreaun hawwe. Dan sille jimme yn ’e eagen fan ’e bûtenwacht fatsoenlik libje en jimme sels rêde kinne.
De komst fan de Hear
Wy wolle jimme, bruorren, net ûnkundich litte oer it lot fan har dy’t rêst binne. Jimme hoege net sa te treurjen as de oaren, dy’t gjin hope hawwe. Wy leauwe ommers, dat Jezus stoarn is en wer opstien. Krektsa sil God har dy’t yn Kristus rêst binne, mei Him yn ’e hearlikheid bringe.
Want dit sizze wy jimme mei in wurd fan ’e Hear: Wy dy’t yn libben bliuwe oan ’e komst fan de Hear ta, sille út-noch-yn net foargean by de oaren, dy’t rêst binne. De Hear sels sil ommers, by it klinken fan it befel, by it lûd fan in aartsingel en by it sketterjen fan Gods trompet, delkomme fan ’e himel en dy’t yn Kristus stoarn binne, sille earst út ’e dea ferrize. Dêrnei sille wy dy’t yn libben bleaun binne, tagelyk mei harren, hjir weihelle wurde op ’e wolken, de Hear temjitte yn ’e loft. En sa sille wy foar altiten by de Hear wêze. Treast elkoar dêrom mei dy wurden.