Oarloch tsjin Amalek
1Samuël sei tsjin Saul: De Heare hat my stjoerd om jo as kening oer syn folk, oer Israel, te salvjen. Harkje dan no nei de wurden fan de Heare. 2Dit hat de Heare Almachtich te sizzen: Ik sil op ’e Amalekiten ferhelje wat hja Israel oandien ha, doe’t se har yn ’e wei stean gien binne by har úttocht út Egypte. 3No dan, gean hinne en ferslach Amalek. Ban har mei alles wat harres is, haw gjin begrutsjen mei har. Deadzje se, man en frou, bern en tatebern, ko en skiep, kamiel en ezel.
4Doe rôp Saul it folk op. Hy meunstere har te Telaïm: 200.000 man fuotfolk en 10.000 man fan Juda. 5Doe’t Saul by de stêd fan Amalek kommen wie, stelde er guon ferdekt op yn ’e beek. 6Tsjin ’e Keniten sei Saul: Gean fuort, nim de wyk en jou jim ôf út it fermidden fan ’e Amalekiten. Oars soe ik jimme mei har fan kant meitsje kinne, wylst jimme oan alle Israeliten goed dien ha op har úttocht út Egypte. Dat sadwaande namen de Keniten de wyk út it fermidden fan ’e Amalekiten. 7Saul fersloech de Amalekiten fan Chawila oant Sjûr ta, dat east fan Egypte leit.
Sauls sûnde
8Agag, de kening fan Amalek, krige er libben yn hannen, mar it hiele folk bande er mei it swurd. 9Saul en it folk lykwols sparren Agag en de bêste en fetste skiep en kij, de lammen en alles wat mar bêst wie. Dy woenen se net banne. Mar al it fee dat wrak wie en net glânzich, banden se wol.
Saul ferwurpen
10Doe krige Samuël dit wurd fan de Heare: 11It muoit My dat Ik Saul kening makke haw, want hy hat him fan My ôfkeard en hat him net hâlden oan Myn wurden. Samuël naam him dat tige nei en hy rôp de hiele nacht de Heare oan. 12De oare moarns betiid kaam Samuël derôf en gong Saul yn ’e mjitte. Mar der waard Samuël ferteld: Saul is yn Karmel kommen en hat foar himsels in tinkstien oprjochte. Dêrop is er fierdergien, de oare kant út, en is nei Gilgal deltein.
13Doe’t Samuël by Saul kaam, sei Saul tsjin him: Mei de Heare jo segenje. Ik haw my hâlden oan it wurd fan de Heare. 14Mar Samuël sei: Wat is dat skieppegebletter dan yn myn earen en it balten fan kij, dat ik hear? 15Saul sei: Dy ha se fan ’e Amalekiten meinommen, want it folk hat de bêste skiep en kij sparre om dy oan de Heare, jo God, te offerjen, mar it oare hawwe wy band. 16Mar Samuël sei tsjin Saul: Hâld op, dan sil ik jo fertelle wat de Heare fannacht tsjin my sein hat. Doe sei er tsjin him: Sis it mar. 17Samuël sei: Binne jo net, alhoewol’t jo josels dêr te min foar achten, baas oer de stammen fan Israel? De Heare hat jo ommers as kening oer Israel salve? 18De Heare hie jo der ek op útstjoerd en sein: Gean hinne, ban dy sûnders, dat Amalek, en striid dêrtsjin salang datst se ferneatige hast. 19Wêrom ha jo dan net nei de Heare harke, mar binne op ’e bút oanflein en hawwe dien, wat de Heare ferkeard fynt?
20Saul sei tsjin Samuël: Mar ik haw al nei de Heare harke. Ik bin de wei gien dêr’t de Heare my stjoerde. Agag, de kening fan Amalek, haw ik meinommen, mar Amalek haw ik band. 21It folk lykwols hat út ’e bút skiep en kij nommen, it bêste fan wat ûnder de ban lei, om it te Gilgal oan de Heare, jo God, te offerjen. 22Mar Samuël sei:
Hat de Heare likefolle behagen yn brânoffer en fleisoffer,
as dat der harke wurdt nei syn stim?
Sjoch, om sizzen jaan is better as fleisoffer,
achtslaan mear as it fet fan rammen.
23Ja, tsjinstribjen is like slim as sûnde fan wiersizzerij,
dôfhûdigens as it kwea fan byldetsjinst.
Omdat jo it wurd fan de Heare ferwurpen hawwe,
hat Hy jo as kening ferwurpen.
24Doe sei Saul tsjin Samuël: Ik haw mis west, want ik haw my net oan it befel fan de Heare hâlden, dat jo my trochdien hienen. Mar ik wie bang foar it folk en haw nei har harke. 25Ferjou dan no myn sûnde en gean mei my werom, dan sil ik my foar de Heare delbûge. 26Samuël lykwols sei tsjin Saul: Ik gean net mei jo werom, want jo hawwe it befel fan de Heare ferwurpen en no hat de Heare jo ferwurpen, dat jo gjin kening oer Israel mear wêze sille.
Breuk tusken Samuël en Saul
27Doe’t Samuël him omkearde om fuort te gean, krige Saul him by in slippe fan syn mantel beet, mar dy skuorde derôf. 28Dêrom sei Samuël tsjin him: De Heare hat hjoed it keningskip oer Israel fan jo ôfskuord en it oan jo neiste jûn, dy’t better is as jo. 29Ja, Israels Hearlikheid liicht net en Hy hat gjin berou. Hy is ommers gjin minske dat Him wat berouwe soe. 30Mar Saul sei: Ik haw mis west. No dan, earje my dochs foar de âldsten fan myn folk en foar Israel oer. Gean mei my werom, dan sil ik my delbûge foar de Heare, jo God. 31Doe gong Samuël werom achter him oan en Saul bûgde him del foar de Heare. 32Samuël sei: Bring Agag, de kening fan Amalek, by my. Agag hie syn moed wol doe’t er nei him tagong, want Agag tocht: Wier, de bittere dea is oerbettere. Mar Samuël sei:
33Sa’t jo swurd froulju har bern ûntnommen hat,
sa sil ûnder de froulju ek jo mem har bern ûntnommen wurde.
Doe houde Samuël Agag yn stikken foar de Heare yn Gilgal. 34Dêrop gong Samuël nei Rama en Saul gong nei syn hûs ta te Gibeä, dêr’t er wenne. 35Samuël hat Saul net wer sjoen oan de dei fan syn dea ta. Lykwols die it Samuël leed om Saul, mar it muoide de Heare dat Er Saul kening makke hie oer Israel.