David as kening salve
1De Heare sei tsjin Samuël: Hoelang sil it dy noch om Saul begrutsje, wylst Ik him ferwurpen haw, dat er gjin kening mear oer Israel wêze sil? Doch dyn hoarn fol mei oalje en gean derop út. Ik stjoer dy nei Isai, de Betlehimmer, want ûnder syn soannen haw Ik My in kening útsocht. 2Mar Samuël sei: Hoe soe ik dêr hinnegean kinne? As Saul it heart, dan fermoardet er my. Doe sei de Heare: Nim in kokeal mei en sis datst kommen bist om de Heare in offer te bringen. 3Do noegest Isai út by it offer en Ik sil dy dan witte litte watst dwaan moatst. Dy’t Ik dy oanwize sil, dy moatst salvje. 4Samuël die lykas de Heare him sein hie. Doe’t er te Betlehem oankaam, kamen de âldsten fan ’e stêd him bang yn ’e mjitte en seinen: Komme jo yn goedens? 5Hy sei: Yn goedens! Ik bin kommen om de Heare in offer te bringen. Hilligje jimme en kom mei my by it offer. Doe hillige er Isai en syn soannen en noege har by it offer.
6Doe’t se deryn kamen, seach er Eliab en tocht: Wis, de salvling fan de Heare stiet foar Him! 7Mar de Heare sei tsjin Samuël: Sjoch net nei syn ferskining of nei syn heech postuer, want Ik haw him oan ’e kant set. It giet ommers net om wat de minske sjocht, want de minske sjocht nei de bûtenkant, mar de Heare sjocht nei it hert.
8Doe rôp Isai Abinadab en liet him foar Samuël lâns gean, mar hy sei: Dizze hat de Heare ek net útsocht. 9Dêrnei liet Isai Sjamma foarbygean, mar hy sei: Dizze hat de Heare ek net útsocht. 10Sa liet Isai syn sân soannen foar Samuël lâns gean, mar Samuël sei tsjin Isai: De Heare hat dizzen net útsocht.
11Dêrop sei Samuël tsjin Isai: Binne dit alle jonges? Hy sei: De jongste is noch oer: dy hoedet de skiep. Mar Samuël sei tsjin Isai: Lit him ophelje, want wy kinne net oan tafel skikke, ear’t hy hjir net is. 12Doe liet er him helje. Hy wie rossich en hie moaie eagen; it wie in kreaze ferskining. Doe sei de Heare: Gean oerein, salvje him, want dit is him. 13Samuël naam dêrop de hoarn mei oalje, en salve him yn it fermidden fan syn bruorren. Fan dy dei ôf waard de Geast fan de Heare feardich oer David. Dêrnei stiek Samuël ôf en gong nei Rama.
David by Saul
14De Geast fan de Heare lykwols wie by Saul weigien en in kweageast, troch de Heare stjoerd, pleage him. 15Doe seinen Sauls feinten tsjin him: It sit sa: in kweageast fan God pleaget jo. 16As ús hear noris tsjin jo feinten, dy’t by jo yn tsjinst binne, sei, dat se in man sykje moasten dy’t op ’e liere spylje koe. Dy kin dan, as de kweageast fan God oer jo komt, de snaren poene en dan sil it mei jo wer oerbetterje. 17Dat Saul sei tsjin syn feinten: Sjoch dan mar ris foar my om nei in man, dy’t tige spylje kin en bring him by my. 18Doe antwurde ien fan ’e jongfeinten: Ik ken wol ien dy’t spylje kin; in soan fan Isai, de Betlehimmer. It is in moedich held, in kriichsman, dy’t syn wurd wol dwaan kin, mei in goed foarkommen en de Heare is mei him.
19Dat sadwaande stjoerde Saul boaden nei Isai om te sizzen: Stjoer jo soan David dy’t by de skiep is, nei my ta. 20Doe naam Isai in ezelfracht brea, in sek wyn en in geitebokje en joech it syn soan David mei nei Saul ta. 21Sa kaam David by Saul oan en hy rekke by him yn tsjinst. Hy begûn tige fan him te hâlden, dat hy waard syn wapendrager. 22Dêrom stjoerde Saul dit boadskip nei Isai: Lit David by my yn tsjinst bliuwe, want ik haw tige mei him op. 23En hieltyd as dy geast fan God oer Saul kaam, dan naam David de liere en poende de snaren mei de hân. Saul krige dan ferromming en it bettere wer oer mei him, mei’t de kweageast by him weigong.