1Op in dei sei Jonatan, de soan fan Saul, tsjin ’e feint dy’t syn wapens droech: Kom, sille wy ris nei de wachtpost fan ’e Filistinen oerstekke, dy’t dêre oan ’e oare kant is? Mar hy fertelde it net oan syn heit.
2Saul siet doe oan ’e grins fan Gibeä ûnder de granaatappelbeam te Migron. De kloft dy’t er by him hie, wie sa’n 600 man sterk. 3Achía, de soan fan Achitûb, de broer fan Ikabod, de soan fan Pinechas, de soan fan Ely, de pryster fan de Heare te Sjilo, droech de efod. Mar it folk wist net dat Jonatan fuortgien wie.
4Tusken de passen dêr’t Jonatan besocht oer te stekken nei de wachtpost fan ’e Filistinen, wienen oan beide kanten skerpe rotspunten. De iene hiet Boses en de oare Sêne. 5De iene punt stie op it noarden foar Mikmas oer en de oare op it suden foar Geba oer.
6Jonatan sei tsjin syn wapendrager: Kom, lit ús oerstekke nei de wachtpost fan dy ûnbesnienen; faaks sil de Heare it foar ús opnimme, want it is foar de Heare itselde, oft Er ferlost troch in mannichte of troch mar inkelden. 7Syn wapendrager sei tsjin him: Doch mar sa’t it jo goed taliket. Gean jo gong mar, jo kinne op my rekkenje. 8Doe sei Jonatan: Sjoch, no stekke wy oer nei dy manlju ta en wy litte ús oan har sjen. 9Sizze se dan tsjin ús: Bliuw mar kalm, oant wy by jim binne, dan bliuwe wy stean dêr’t wy binne en klimme net nei har ta. 10Sizze se lykwols: Kom mar ris by ús boppe, – dan klimme wy nei har ta, want dan is dat it teken foar ús, dat de Heare har yn ús macht jûn hat.
11Doe’t se har beide oan ’e Filistynske wachtpost sjen lieten, seinen de Filistinen: Sjochris oan, dêr komme Hebreeërs opsetten út ’e hoalen wei, dêr’t se har yn ferskûle hienen. 12En de manlju rôpen nei Jonatan en syn wapendrager: Kom mar ris by ús omheech, dan sille wy it jimme wol wysmeitsje! Doe sei Jonatan tsjin syn wapendrager: Klim mar achter my oan, want de Heare hat se yn Israels macht jûn. 13Op hannen en fuotten klom Jonatan nei boppen en syn wapendrager kaam achter him oan. Doe foelen se foar Jonatan, en syn wapendrager dy’t nei him kaam, deade se. 14Dat wie de earste slach dy’t Jonatan en syn wapendrager leveren. Sa’n tweintich man waarden ferslein oer in ôfstân fan sawat in heale fuorge op oardel pûnsmjitte lân. 15Doe kaam der in skrik oer it kamp, oer it fjild en oer it hiele folk. Ja sels de wachtpost en de plonderbinde beven derfan. En de ierde skodde, want it wie God dy’t de skrik deryn brocht.
16De útkykposten fan Saul te Gibeä yn Benjamin seagen dat de mannichte oerstjoer wie en yninoar omrûn. 17Dat Saul sei tsjin it folk dat by him wie: Hâld ris appèl en sjochris wa’t by ús weigien is. Hja hâlden appèl en sjoch: Jonatan en syn wapendrager wienen der net.
De Filistinen ferslein
18Doe sei Saul tsjin Achía: Bring de efod hjir, want dy droech doetiids de efod foar Israel út. 19Wylst Saul tsjin ’e pryster spriek, duorre de opwining yn it kamp mar troch en boaze noch oan. Dat Saul sei tsjin ’e pryster: Lit mar, lûk jo hân werom. 20Dêrop kaam Saul mei al it folk dat er by him hie, byinoar. Mar doe’t se op it plak fan ’e striid kamen, seagen se dat de iene op ’e oare ynsloech mei it swurd. It wie in tige grutte tizeboel. 21De Hebreeërs dy’t lykas altyd by de Filistinen wienen en dy’t yn har leger meigien wienen, rûnen ek oer nei de Israeliten dy’t by Saul en Jonatan wienen. 22Doe’t alle man fan Israel dy’t him yn it berchlân fan Efraïm ferskûle hie, hearde dat de Filistinen op ’e flecht slein wienen, setten ek dy har al fjochtsjende achternei. 23Sa ferloste de Heare dy deis Israel.
Saul en Jonatan tsjin inoar
Doe’t de striid Bet-Awen al foarby wie, 24en de Israeliten de hiele dei op it uterste ferge waarden, beswarde Saul it folk en sei: Ferflokt is de man dy’t foar de jûn ek mar wat ite sil, ear’t ik wraak nommen haw op myn fijannen. Dat it hiele folk iet gjin hap. 25It hiele lân siet fol mei huningskiven, dat der lei huning op it iepen fjild. 26Doe’t it folk by de huningskiven kaam, wie it dêr ien en al huning. Gjinien lykwols brocht de hân nei de mûle, want it folk wie bang foar de eed.
27No hie Jonatan net heard, dat syn heit it folk swarre litten hie. Dat hy stiek de stôk dy’t er yn ’e hân hie, út en stiek dy mei de punt yn in huningskiif. Doe’t er de hân nei de mûle brocht hie, ljochten him de eagen op. 28Mar in man út it folk spriek him oan en sei: Jimme heit hat it folk in swiere eed swarre litten, nammentlik: Ferflokt is de man dy’t hjoed ek mar wat ite sil. Dat sadwaande kin it folk suver net mear. 29Jonatan sei: Us heit helpt it lân yn it ûngelok. Sjoch noris, hoe’t my de eagen opljochte binne, omdat ik in lyts bytsje fan dizze huning preaun haw. 30Hoefolleste mear as it folk hjoed frij iten hân hie fan ’e bút fan syn fijannen, dy’t it fûn hat; want no hat de slachting ûnder de Filistinen net sa grut west.
Saul ferbiedt it iten fan bloed
31Dy deis fersloegen se de Filistinen fan Mikmas oan Ajalon ta. Dat it folk wie alhiel ynein. 32Doe foelen se op ’e bút oan en hja namen skiep, kij en keallen en slachten dy oer ’e grûn en it folk iet se mei bloed en al. 33Doe fertelden guon oan Saul: Sjoch, it folk sûndiget tsjin de Heare, want it yt mei bloed en al. Dêrop sei er: Jim dogge hielendal ferkeard. Rôlje daliks in grutte stien nei my ta. 34Ferspried jimme no ûnder it folk en sis tsjin har, dat elk syn ko of skiep by my bringe moat, en se hjir slachtsje en opite. Dan sûndigje jimme net tsjin de Heare troch it mei bloed en al te iten. Doe brocht alleman fan it folk dyselde nachts persoanlik syn ko en hja slachten se dêr. 35Dêrop boude Saul in alter foar de Heare. Dat wie it earste alter dat hy foar de Heare boude.
Jonatan rêden troch it folk
36Doe sei Saul: Wy sille fannacht de Filistinen achterneisette en by har plonderje, oant it ljocht wurdt. Wy sille gjinien fan har oerbliuwe litte. Hja seinen: Doch mar sa’t it jo goed taliket. Mar de pryster sei: Soenen wy hjir earst net mei nei God gean? 37Dêrop frege Saul God: Sil ik de Filistinen achterneisette en sille Jo se dan yn Israels macht jaan? Mar Hy joech dy deis gjin antwurd. 38Dat Saul sei: Jimme foarmannen fan it folk, moatte hjir allegear komme. Undersykje en gean goed nei, hokker sûnde hjir hjoed bedreaun is. 39Want sa wier as de Heare dy’t Israel ferlost hat, libbet, sels al lei it oan myn soan Jonatan, stjerre sil er! Mar gjinien út it hiele folk joech him antwurd.
40Doe sei Saul tsjin hiele Israel: Gean jimme oan ’e iene kant stean, dan sille ik en myn soan Jonatan oan ’e oare kant stean. It hiele folk sei tsjin Saul: Doch mar sa’t it jo goed taliket. 41Saul sei tsjin de Heare: God fan Israel, bring de wierheid oan it ljocht. Doe waarden Jonatan en Saul rekke, dat it folk gong frijút. 42Dêrop sei Saul: Smyt it lot tusken my en myn soan Jonatan. En Jonatan waard rekke. 43Dat Saul sei tsjin Jonatan: Fertel my, watst dien hast. Doe fertelde Jonatan it him. Hy sei: Ik haw mar justjes wat huning preaun mei de punt fan ’e stôk, dy’t ik yn ’e hân haw. Nim my mar, ik bin ree om te stjerren.
44Saul sei: Sa mei God dwaan en noch heite mear, mar do silst wis stjerre, Jonatan. 45It folk lykwols sei tsjin Saul: Moat Jonatan stjerre, dy’t sa’n grutte oerwinning yn Israel bewurke hat? Gjin sprake fan! Sa wier as de Heare libbet, der sil him gjin hier fan ’e holle oer de grûn falle. Hy hat it hjoed ommers mei Gods help dien. Sa rêde it folk Jonatan, dat er net hoegde te stjerren. 46Doe gong Saul net mear achter de Filistinen oan en de Filistinen gongen wer nei hûs.
Oersjoch oer Sauls oarloggen en famylje
47Doe’t Saul de regearing oer Israel op him nommen hie, stried er tsjin al syn fijannen om him hinne: tsjin Moäb, de Ammoniten, Edom, de keningen fan Soba en de Filistinen. En oeral dêr’t er hinnegong, behelle er de oerwinning. 48Hy warde him tige en fersloech Amalek. Hy ferloste Israel út ’e macht fan dy’t har plonderen.
49De soannen fan Saul wienen: Jonatan, Jiswy, Malkisjûa. Fan syn beide dochters hiet de âldste Mearab en de jongste Mikal. 50Sauls frou hiet Achinoäm, dochter fan Achimaäs. De oanfierder fan syn leger hiet Abner, de soan fan Ner, Sauls omke. 51Kisj, Sauls heit, en Ner, Abners heit, wienen soannen fan Abiël.
52Salang’t Saul libbe, wie der in fûle striid tsjin ’e Filistinen, dat alle sterke en krigele manlju dy’t er seach, naam er yn syn tsjinst.