Saul jout net om sizzen
1Saul wie (fjirtich) jier âld doe’t er kening waard en hy hat twa(ëntweintich) jier oer Israel regearre. 2Saul keas út Israel 3000 man út: 2000 wienen by Saul seis te Mikmas en yn it berchlân fan Bet-El, en 1000 wienen by Jonathan te Gibeä yn Benjamin. It oare folk liet er wer nei hûs ta gean.
3Jonatan no fernielde de pylder fan ’e Filistinen te Geba en de Filistinen hearden derfan. Doe liet Saul yn it hiele lân op ’e rammehoarn blaze. Hy sei: Dit moatte de Hebreeërs hearre. 4Dat sadwaande hearde hiele Israel it nijs: Saul hat de pylder fan ’e Filistinen fernield, dat no hat Israel it by de Filistinen bedoarn. It folk waard oproppen nei Gilgal, achter Saul oan.
5Doe kamen de Filistinen byinoar om tsjin Israel te striden: 3000 weinen, 6000 ruters en fuotfolk as de sânkerrels fan it seestrân, sa machtich. Dy trieken op en legeren har te Mikmas, east fan Bet-Awen. 6De Israeliten seagen dat se yn ’e knipe kamen. It folk waard bedrige en ferskûle him doe yn ’e grotten, hoalen, rotsspjalten, gatten en putten. 7Der wienen Hebreeërs, dy’t de Jordaan oerstieken nei it lân fan Gad en Gileäd. Saul lykwols wie noch yn Gilgal, mar it hiele folk bleau bang by him. 8Hy wachte sân dagen oan de tiid ta dy’t Samuël sein hie. Mar doe’t Samuël mar net te Gilgal kaam en it folk by him wei begûn te rinnen, 9sei Saul: Bring my it brânoffer en de tankoffers. Doe brocht hy it brânoffer. 10Amper hied er it brânoffer brocht, of sjedêr: Samuël kaam deroan. Saul gong him yn ’e mjitte om him te begroetsjen. 11Mar Samuël sei: Wat hawwe jo dien? Saul sei: Ik seach dat it folk by my weirûn en dat jo net op ’e ôfsprutsen tiid kamen. En de Filistinen kamen byinoar te Mikmas. 12Doe tocht ik: No komme de Filistinen aanst op my ôf te Gilgal en ik haw de Heare noch net oan west om syn geunst. Dat doe haw ik it der mar op weage en bring it offer.
13Mar Samuël sei tsjin Saul: Jo hawwe dwaas dien. Jo hawwe it befel dat de Heare, jo God jo jûn hie, net opfolge. Oars soe de Heare jo keningskip oer Israel foar altyd fêst set ha, 14mar no sil jo keningskip net bestean bliuwe. De Heare hat Him al in man nei syn hert útsocht. Dy sil Hy oanstelle as foarst oer syn folk, want jo hawwe jo net hâlden oan wat de Heare jo hjitten hie.
15Doe sette Samuël ôf en gong út Gilgal wei nei Gibeä yn Benjamin en Saul telde it folk dat by him tahâlde: sa’n 600 man. 16Saul en syn soan Jonatan bleauwen mei it folk dat by har tahâlde te Geba yn Benjamin, wylst de Filistinen har te Mikmas legere hienen. 17Mar út it kamp fan ’e Filistinen gongen trije kloften derop út om it lân te plonderjen. Ien kloft sloech de wei yn nei Ofra, nei it lân Sjûal, 18in oare sloech de wei yn nei Bet-Choaron en de tredde kloft sloech de wei yn nei it gebiet dat útsjocht oer de Hyena-delling, de kant út nei de woestyn.
19No wie der yn Israel, yn it hiele lân gjin smid te finen, want de Filistinen hienen foarskreaun: De Hebreeërs meie gjin swurden of spearen meitsje. 20Dat sadwaande moasten alle Israeliten nei de Filistinen ta om elk syn seine, ploechizer, bile of sichte slypje te litten. 21It koste twatredde sikkel foar sichten en ploechizers en ientredde foar houken en bilen en foar it fêstsetten fan ’e prikkels. 22De deis fan ’e striid wie der dus by alle folk dat by Saul en Jonatan wie, gjin swurd of spear te finen. Allinne Saul en syn soan Jonatan hienen se al.
Jonatan begjint de striid
23De Filistinen hienen in wachtpost útset yn ’e pas fan Mikmas.