Samuël nimt ôfskied
1Dêrnei sei Samuël tsjin hiele Israel: Jimme sjogge, ik haw nei al jim winsken harke, dy’t jim my witte litten hawwe en ik haw in kening oer jim oansteld. 2Dêr stiet no de kening dy’t jim foargean sil. Ik lykwols bin âld en griis wurden, mar myn soannen hâlde by jim ta. Iksels bin jim foargien fan myn jongfeintejierren ôf oant hjoed-de-dei ta. 3Hjir bin ik no: Sis it no mar earlik yn it bywêzen fan de Heare en fan syn salvling: Wa haw ik in stik fee of in ezel ôfnommen? Wa haw ik achterútset of ferdrukt? Fan wa haw ik in geskink oannommen om fan him wat troch de fingers te sjen? Dan sil ik it jim weromjaan. 4Hja seinen: Jo hawwe ús net achterútset en ús net ferdrukt. Jo hawwe hielendal neat fan gjinien oannommen. 5Doe sei er tsjin har: De Heare is tsjûge by jim en hjoed is syn salvling tsjûge, dat jimme hielendal neat by my fûn hawwe. Hja seinen: Sa is it.
6Fierder sei Samuël tsjin it folk: It is de Heare, dy’t Mozes en Aäron oansteld hat en dy’t jimme foarfaars út Egypte weihelle hat. 7No dan, stel jimme op, en lit my mei jimme foar it rjocht fanwegen alle woldieden fan de Heare, dy’t Hy oan jimme en jim foarfaars dien hat. 8Neidat Jakob nei Egypte kommen wie, rôpen jimme foarfaars oan de Heare en de Heare stjoerde Mozes en Aäron en hja fierden jim foarfaars út Egypte. Hja lieten har op dit plak wenje. 9Mar hja fergeaten de Heare, har God, dat sadwaande joech Er har oer yn ’e macht fan Sisera, de legeroanfierder fan Hazor, yn ’e macht fan ’e Filistinen en yn ’e macht fan ’e kening fan Moäb. Dy fierden oarloch tsjin har. 10Doe rôpen se de Heare oan en seinen: Wy hawwe sûndige, want wy hawwe de Heare ferlitten en de Baäls en Astartes tsjinne. Ferlos ús dochs út ’e macht fan ús fijannen, dan sille wy Jo tsjinje.
11Dat de Heare stjoerde Jerûbbaäl, Barak, Jefta en Samuël en Hy ferloste jim út ’e macht fan jim fijannen om jim hinne en jimme koenen feilich wenje. 12Doe’t jim seagen dat kening Nachasj fan ’e Ammoniten op jim ta kaam, seinen jimme tsjin my: Nee, der moat in kening oer ús komme, wylst de Heare jim God dochs jim kening wie. 13Hjir is dan de kening dy’t jim útkeazen ha en dêr’t jim om frege ha. De Heare hat dus in kening oer jimme set. 14As jimme dan no ek mar de Heare freezje en Him tsjinje, harkje nei wat Hy seit en net tsjin it befel fan de Heare yngeane; en as jim, sawol as de kening dy’t oer jim regearje sil, mar achter de Heare jim God bliuwe! 15Mar as jim net harkje nei wat de Heare seit en tsjin it befel fan de Heare yngeane, dan sil de hân fan de Heare tsjin jimme wêze lykas tsjin jim foarfaars. 16En no, hâld jim klear en sjoch it grutte dat de Heare foar jim eagen dwaan sil: 17It is ommers op ’t heden de weetrisping. Ik sil de Heare oanroppe en dan sil Er tongerslaggen en rein jaan. Dan kinne jim gewaar wurde en sjen, hoe slim yn ’e eagen fan de Heare it kwea is dat jim dien hawwe, mei in kening foar jim te freegjen.
18Doe rôp Samuël de Heare oan en de Heare joech dyselde deis tongerslaggen en rein. Dat it hiele folk krige tige ûntsach foar de Heare en foar Samuël.
19En it hiele folk sei tsjin Samuël: Bid foar jo tsjinstfeinten de Heare jo God, dat wy net stjerre. Wy hawwe ommers by al ús sûnden noch in kwea dien, mei’t wy in kening foar ús frege hawwe.
20Mar Samuël sei tsjin it folk: Wês mar net bang. Jim hawwe al dat kwea wol dien, mar wyk tenei net fan de Heare ôf en tsjinje Him mei jim hiele hert. 21Wyk net ôf, want dan soenen jim dingen-fan-neat achternei rinne en dy kinne net helpe, noch ferlosse. It binne ommers mar dingen-fan-neat. 22Nee, de Heare sil syn folk net ferstjitte om ’e wille fan syn grutte namme, want út frije wil hat de Heare jim ta syn folk makke. 23Wat mysels oangiet, ik tink der net oer, tsjin de Heare te sûndigjen troch op te hâlden mei foar jim te bidden en jimme it goede en rjochte paad te wizen. 24Allinne dit: freezje de Heare en tsjinje Him trou mei jim hiele hert. Sjoch mar ris hokker grutte dingen Hy by jim dien hat. 25Mar soenen jim of jim kening dochs kwea dwaan, dan wurde jim útroege.