De rop dy’t der fan Rome giet
1Doe hearde Judas fan ’e rop dy’t der fan ’e Romeinen gong; dy moasten wol tige machtich wêze, freonlik en goed foar dy’t him by harren joech; en trouwe maten fan dy’t in bûn mei har oangongen. 2Dat se machtich wienen, die wol bliken út ’e ferhalen dy’t se him dienen fan har oarloggen tsjin ’e Galliërs en fan ’e dapperens dy’t se dêrby fertoand hienen. Hoe’t se dy derûnder krigen en dat dy harren no skatting betelje moasten. 3Hy hearde ek wat se yn Spanje wol net út ’e wei set hienen om de sulver- en goudminen dêr yn ’e hannen te krijen. 4Ja, hoe’t se troch har tûkens en har trochsetten al dy kontreien dêr, ek al leinen dy noch sa fier fan harren ôf, yn ’e macht krige hienen. Keningen fan witwêrsanne wienen tsjin har opsetten kommen, mar sy hienen se ferslein en dien en swiere slaggen tabrocht. Oaren betellen har alle jierren weroan skatting. 5Filippus en Perseus, de kening fan ’e Griken en oaren dy’t it tsjin har yn ’e kant set hienen, hienen it fan har ferlieze moatten en wienen derûnder brocht. 6Sels Antíochus de Grutte, de kening fan Foar-Azië, dy’t mei hûnderttweintich oaljefanten en mei hynstefolk, weinen en in macht fuotfolk it tsjin harren opnommen hie, hienen se finaal ferslein. 7Himsels hienen se libben yn ’e hannen krige en him oplein, hy en syn opfolgers soenen fuortoan in swiere skatting opbringe en gizelders leverje. 8India, Medië en Lydië en guon fan har moaiste provinsjes moasten se ôfstean. Se joegen dy oan kening Eumenes. 9De Griken hienen doe it plan makke om de Romeinen oan te fallen en út te roegjen. 10Dy hienen der lykwols wat fan fernommen en doe ien inkelde generaal op harren ôfstjoerd. It wie ta in slach kommen, dêr’t gâns Griken by sneuvelen. En doe: froulju en bern fuortsleept, it lân útplondere en nadere, de stinzen delhelle en it folk derûnder brocht en sa stiet it der hjoed-de-dei noch foar. 11En alle oare keninkriken en ek de eilannen dy’t it ris tsjin harren yn ’e kant set hienen, hienen se ferslein en derûnder brocht. 12Mei har freonen lykwols en mei de folken dy’t harren ûnder har hoede deljoegen, hâlden se freonskip. Sa hearsken se oer de keningen, oer dy fan tichteby en oer dy fan om fierrens. Ja, allegearre dy’t fan har hearden, hienen ûntsach foar harren. 13Dy’t se helpe woenen om kening te wurden, dy waard dat. Dy’t se ôfsette woenen, dy setten se ôf en sa waard har macht ûnwitend grut. 14En dochs, net ien fan harren sette himsels de keningskroan op of sloech de poarperen mantel om, om sa mear macht te krijen. 15Se hienen in senaat ynsteld fan trijehûndertentweintich leden, dy’t alle dagen weroan gearkamen om te rieplachtsjen oer wat foar it folk it bêste wie. 16Elk jier op ’en nij betrouden se de lieding en it regear oer it hiele lân oan ien man ta. En allegearre harken se dan nei dy iene man en dat sûnder kribbekeurigens en oergeunst.
Judas giet in bûn oan mei Rome
17Doe wiisde Judas Eupólemus, de soan fan Johannes, de soan fan Akkos, oan en Jason, de soan fan Eleázar. Dy beide mannen stjoerde er nei Rome ta om mei de Romeinen in bûn fan frede en freonskip oan te gean, 18dat dy har fan it jok fan ’e Griken ôfhelpe soenen. It moast nammentlik de Romeinen goed dúdlik makke wurde, dat dy derop út wienen fan Israel in slavefolk te meitsjen. 19Dat dy beide mannen teagen nei Rome – it wie gâns in reis – gongen nei de senaat en kamen mei dit boadskip: 20Judas mei tanamme de Makkabeeër, syn bruorren en it hiele Joadske folk, hawwe ús nei jimme tastjoerd om in bûn fan frede en freonskip mei jimme oan te gean, sa, dat wy fuortoan as jimme bûnsmaten en freonen te boek steane.
21Dat boadskip like de Romeinen goed ta. 22Dit is in ôfskrift fan it antwurd, dat se yn koperen platen skrast hienen en doe nei Jeruzalem tastjoerden, dat de Joaden dêr in oantinken oan hawwe soenen fan it ferdrach, dat se oangien wienen. 23Oan de Romeinen en it Joadske folk, op see en op it lân, foar ivich en altyd, heil! Dat it swurd en de fijân fier by harren wei bliuwe meie! 24Lykwols as Rome – wêr’t it ek mar sizzenskip hat – ris it earst yn oarloch reitsje mocht of ien fan ’e bûnsmaten, 25dan sil it Joadske folk, al nei’t der ferlet fan is, mei liif en siel har bystean yn ’e striid. 26De fijannen fan Rome sil it gjin iten, gjin wapens, jild of skippen leverje of beskikke. Sa is it beslút fan Rome. De Joaden sille dit allegearre neikomme sûnder oanspraak op it ien-of-oar werom. 27Krektsa sille, as it Joadske folk ris it earst yn oarloch reitsje mocht, de Romeinen harren mei liif en siel bystean yn ’e striid, al nei’t der ferlet fan is. 28Hja sille de fijannen fan Israel gjin iten, gjin wapens, jild of skippen beskikke. Sa is it beslút fan Rome. En sy – de Romeinen – sille dizze ôfspraken neikomme, earlik en oprjocht. 29Op dizze betingsten no binne de Romeinen in bûn mei it folk fan ’e Joaden oangien. 30Mar as nei ferrin fan tiid beide partijen it iens wurde mochten om dêr wat by of ôf te dwaan, dan sil dat meie, en sa’t se dan beslute, dat jildt.
31(Hjir foegen de Romeinen noch oan ta: Oangeande it kwea dat kening Demétrius it Joadske folk dien hat, hawwe wy him dit skreaun: Wêrom hawwe jo it de Joaden, ús freonen, dêr’t wy in bûn mei oangien binne, sa swier makke? 32As se wer klachten oer jo hawwe, dan sille wy soargje, dat se har rjocht krije en dan sille wy jo fine, rûnom, op ’e see en op it lân).