Judas sneuvelet
1Doe’t Demétrius hearde dat Nikánor sneuvele wie en dy syn leger ferslein, stjoerde er Bakchides en Alkimus foar de twadde kear nei Judéa ta; de rjochterflank fan syn leger krigen se mei. 2Se gongen dat út nei Gilgal, belegeren Massalot yn Arbéla, namen dat yn en fermoarden in grut part fan ’e ynwenners.
3Yn ’e earste moanne fan it jier 152 sloegen se har kamp op foar Jeruzalem. 4Se brieken lykwols wer op en trieken nei Beréa ta mei 20.000 man fuotfolk en 2000 man hynstefolk. 5Judas lei mei 3000 man, bêst soldatefolk, by Elasa. 6Mar doe’t dy seagen hoe machtich it leger fan ’e fijân wol net wie, waarden se stjerrende benaud en mannichien gong temûk ta it kamp út. Dat der bleauwen op it lêst mar in 800 man oer.
7Doe’t Judas, op it stuit dat er net mear foar de slach wei koe, seach dat syn leger ferrûn en dat der gjin avontoer op wie om it wer byinoar te krijen, fleach it him oan. 8Mar al hie er min syn moed, dochs sei er tsjin harren dy’t er noch oer hie: Kom, wy pakke de fijân oan. Faaks dat wy him noch wol ha kinne. 9Syn soldaten besochten him dat út ’e holle te praten. Se seinen: It kin net. Der bliuwt ús op ’t heden oars net oer as in goed hinnekommen te sykjen. Wy kinne letter altiten weromkomme, wy mei ús bruorren, om slach te leverjen. Wy binne no te minmachtich. 10Mar Judas syn antwurd wie: Foar harren útnaaie? Ut-noch-yn net! As ús tiid der is, wolno, lit ús dan as moedige mannen stjerre foar ús bruorren en sa ús namme heechhâlde.
11Doe gong it Syryske leger it kamp út en stelde him op tsjin ’e Joaden: It hynstefolk yn twa parten, foar harren út de slingerders en de bôgesjitters, en alhielendal foaroan soldaten út it hiele hout.
12Bakchides sels wie op ’e rjochterflank. Under it blazen fan ’e trompetten kamen de beide kloften fan it Syryske leger deroan. Fan har kant bliezen Judas syn mannen de trompetten ek. 13De grûn dindere fan it leven dat de legers útjoegen. De slach duorre fan de moarns ier oant de jûns.
14Doe’t Judas seach dat Bakchides op ’e rjochterflank wie mei syn bêste troepen, sette hy mei dy soldaten dy’t wat oandoarsten dêr ek hinne. 15En sy fersloegen dy rjochterflank en sieten dy achternei oan ’e berch Azotus ta. 16Doe’t de mannen op ’e linkerflank seagen dat de rjochter it oerjûn hie, setten se Judas en syn mannen achternei.
17It waard in ferheftige striid mei slimme ferliezen oan wjerskanten. 18Doe’t ek Judas sneuvele, naaiden de oaren út. 19Jonatan en Simon namen har broer Judas mei en begroeven him yn it grêf fan syn foarâlden te Modeïn. 20Se skriemden, ja hiele Israel treure tige oer syn dea en se gongen gâns in skoft yn ’e rouwe en klagen: 21Hoe koe de machtige, Israels ferlosser, no falle!
22Wat der noch mear fan Judas te fertellen wêze soe, fan de oarloggen dy’t er fierd hat, fan syn dapperens en fan de grutte namme dy’t er hie, it is safolle, dat se hawwe it mar net beskreaun.
Jonatan kriget de lieding oer
23Nei Judas syn dea stieken rûnom yn Israel de ôffalligen de holle wer omheech en doarsten allegearre dy’t op ûnrjocht út wienen, har wer fertoane.
24Yn dy tiid no kaam der in swiere hongersneed, it hiele lân oer, suver as begûn ek de grûn it mei de fijân te hâlden. 25Mannen dy’t fan God en syn gebod net witte woenen, waarden mei sin útsocht en sokken joech Bakchides it regear oer it lân yn hannen. 26Dy sochten en dienen nei de freonen fan Judas en brochten se dan foar Bakchides, dy’t se ôfstrafte en ferhúnde. 27Sa waard Israel tige beneare, slimmer as it sûnt de dagen fan ’e lêste profeet oait west hie.
28Sadwaande kamen Judas syn meistanners allegearre byinoar en seinen tsjin Jonatan: 29Sûnt jimme broer Judas wei is, hawwe wy gjin man lykas hy, dy’t ús foargean kin yn ’e striid tsjin ús fijannen; en benammen tsjin Bakchides net en tsjin harren dy’t ús folk haatsje. 30Dat sa komme wy hjoed by jo, oft jo Judas syn opfolger wurde wolle en ús oanfierder yn ’e oarloch? 31Sa krige Jonatan de lieding oer en folge er syn broer Judas op.
Bakchides docht war om Jonatan yn ’e hannen te krijen
32Doe’t Bakchides dat hearde, besocht er Jonatan te fermoardzjen. 33Mar Jonatan en syn broer Simon hearden dat. Dat sy en allegearre dy’t by harren wienen, sochten doe in hinnekommen yn ’e woestyn fan Tekóa. Dêr, by de put Asfar, sloegen se har kamp op. 34It wie op in sabbatdei, dat Bakchides dat ferteld waard. Mei syn hiele leger stiek dy doe de Jordaan oer. 35Jonatan stjoerde no syn broer Johannes mei de legertrein nei de Nabateeërs ta, syn freonen, oft er dy mei al it guod by harren ûnderbringe mocht. 36Mar de Jambriten út Medeba kamen opsetten. Se oerfoelen Johannes, roofden alles dat er by him hie, en setten doe fuort.
37In skoftsje neitiid kamen der guon by Jonatan en dy syn broer Simon mei it nijs dat de lju fan Jambry oan it brulloftsjen soenen en dêr hiel wat by opsetten. De breid soe mei grutte staasje út Nadabat helle wurde. Sy wie in dochter fan ien fan ’e heechsten fan Kanaän. 38Doe tochten se der fannijs oan, hoe’t har broer Johannes oan syn ein kommen wie. En se gongen derop út en hâlden har beskûl yn ’e bergen. 39Dêrwei namen se alles goed op. En sjoch, op in stuit in hiele optocht en allegearre leven en geweld. De breugeman kaam deroan, mids syn freonen en kunde, mei tromslaan en muzyk en wapens, de breidsstaasje yn ’e mjitte. 40Doe, op it allerûnferwachtst, oerfoelen de Israeliten har en sloegen derop. Hiel wat rekken sa oan ’e ein. Dy’t der oerbleauwen sochten in hinnekommen yn ’e bergen. En alles dat se hienen, wie bút foar de Israeliten. 41Sa waard de troudei in roudei, de feestsangen kleilieten. 42Der wie no wraak nommen oer de dea fan har broer, dat Jonatan en syn mannen gongen werom nei de sompen by de Jordaan.
43Doe’t Bakchides dat hearde, triek er derop út mei in grut leger. Op ’e sabbat kaam er by de Jordaan. 44En Jonatan sei tsjin syn mannen: War jimme! No giet it om dea! It stiet der hjoed faaier foar as oait. 45Fan foaren en fan achteren de fijân en fierders oan ’e iene kant de Jordaan en oan ’e oare de sompen mei ien en al strewelleguod. Wy kinne gjin kant mear út. 46No dan, rop de Himel oan, dat jimme rêden wurde út ’e macht fan ’e fijân!
47De slach gong oan. En it kaam sa fier, dat Jonatan de earm al útstiek om Bakchides de reis te jaan. Dy lykwols sprong tebek en wist him der sa oan te ûntwinen. 48Fuort dêrop sprongen Jonatan en syn mannen yn ’e Jordaan en swommen nei de oare kant. De fijân lykwols gong de Jordaan net oer, harren achternei. 49Fan Bakchides syn leger wienen dy deis sa’n tûzen man sneuvele.
Alkimus stjert
50Bakchides gong doe nei Jeruzalem werom. Yn Judéa fersterke er in mannich stêden: de stins fan Jericho en Emmaüs, Bet-Choaron, Bet-El, Timnat, Faraton en Tefon krigen hege muorren en poarten mei slútbalken. 51Hy lei der ek in besetting yn om Israel dwers sitte te kinnen. 52Fierder fersterke er de stêd Bet-Sûr, Gezer en de stins. Dy krigen fan him in besetting en hy liet der iten en sa yn opslaan. 53En dan liet er yn dy hiele kontrei de soannen fan ’e foaroanmannen as gizelders oppakke en sette se doe fêst op ’e stins te Jeruzalem. 54Yn it jier 153, yn ’e twadde moanne, joech Alkimus befel om de muorre fan it binnenste foarhôf fan ’e timpel del te heljen. Om sa it wurk dat de profeten út ’e wei set hienen, te ferrinnewearjen. It ôfbrekken wienen se al mei dwaande, 55doe’t Alkimus in oerhaal krige. Hy koe no neat mear út ’e wei sette. Ferlamme, de spraak fuort, koe er gjin wurd mear útbringe en syn dingen net mear regelje en dwaan. 56Hy krige slimme pine. En sa stoar Alkimus. 57Doe’t Bakchides hearde dat Alkimus wei wie, gong er nei de kening werom. En Judéa krige twa jier frede.
Bakchides op ’en nij om Jonatan út
58Doe stieken alle ôffallige Joaden de hollen byinoar. Sjoch, seinen se, Jonatan en syn mannen hawwe frede en binne no nearne op fertocht. As wy no Bakchides hjir hinne helje, dan kin er se allegearre yn ien inkelde nacht wol krije. 59Mei dat plan gongen se nei Bakchides ta. 60Dy kaam no mei in grut leger opsetten. Hy stjoerde wilens temûk brieven nei al syn meistanners yn Judéa, hja soenen Jonatan en syn mannen oppakke. Dêr kaam lykwols neat fan, want har plannen wienen bekend wurden. 61Sa’n fyftich fan ’e fjoeroansetters dêre waarden no troch Jonatan en syn mannen oppakt. En dat koste dy fyftich it libben. 62Dêrnei sochten Jonatan en Simon mei har mannen in hinnekommen yn Betbassy, in plak yn ’e woestyn. Wat dêrfan yn pún lei, bouden se wer op en fersterken it.
63Bakchides hearde dat en brocht doe al syn troepen gear. Ek dy yn Judéa rôp er op. 64Doe kaam er en belegere Betbassy. Dagen oanien besocht er mei help fan alderhanne ark en sa de stêd te nimmen. 65Mar Jonatan liet syn broer Simon yn ’e stêd bliuwe en gong sels it lân yn mei in hantsjefol minsken. 66Hy fersloech Odomeara en syn bruorren en ek de soannen fan Fasiron yn har tintekamp. Hy begûn te fjochtsjen en oan te winnen yn tal. 67Simon en syn mannen dienen doe in útfal út ’e stêd wei en stieken it ark en sa, dat Bakchides by it belegerjen brûkte, yn ’e brân. 68It gong op in slaan en Bakchides moast belies jaan. Ja, hy rekke alhiel oan ’e grûn, want èn polityk èn militair wienen syn plannen finaal op ’e non rûn. 69Fangefolgen waard er no slim lilk op ’e ôffallige Joaden, dy’t him oanret hienen om nei Judéa ta. Party fan harren liet er om hals bringe. Doe ornearre er, it wie de baas en gean nei syn eigen lân werom.
70Doe’t Jonatan dat hearde, stjoerde er boaden nei him ta mei it doel frede te sluten en sa tagelyk de mannen dy’t se oppakt hienen werom te krijen. 71Bakchides gong op ’e útstellen fan Jonatan yn en hâlde him der oan. Hy die in eed, dat er salang’t er libbe, him noait wer wat dwaan soe. 72Hy joech him ek de gefangenen werom, dy’t er yn earder dagen yn Judéa makke hie. Doe reizge er ôf, werom nei syn eigen lân. En nea en te ninter hat er wer in foet op ’e gerjochtichheid fan ’e Joaden set. 73Sa kaam it swurd yn ’e skie. It liet Israel fuortoan mei frede. Jonatan sette him no yn Mikmas nei wenjen. Dêrwei begûn er it folk te regearjen en tagelyk harren dy’t fan God en syn gebod net witte woenen, út te roegjen.