Alkimus wurdt hegepryster
1Yn it jier 151 gong Demétrius, de soan fan Seleukus, út Rome wei en kaam mei in hantsjefol mannen yn in seestêd oan lân. Dêr liet er him ta kening útroppe. 2Doe’t er ûnderweis wie nei it keninklik paleis, dat fan syn foarâlden, waarden Antíochus en Lysias troch it leger fêsthâlden mei it doel om dy beide mannen oan him oer te leverjen. 3Doe’t him dat ferteld waard, sei er: Ik wol se net sjen. 4De soldaten makken har doe dea en Demétrius kaam op ’e troan.
5Alle goddeleazen en ôffalligen yn Israel kamen no by him mei Alkimus, dy’t derop longere hegepryster te wurden, as lieder. 6Se klagen it eigen folk by de kening oan mei de wurden: Judas en syn bruorren hawwe al jo freonen ombrocht en ús it lân útjage. 7Stjoer dan no in man dêr’t jo op oan kinne en lit dy hinnegean en ris sjen hoe slim de skea is, dy’t Judas ús en de kening syn gerjochtichheid dien hat. Lit dy man har straffe en allegearre dy’t har dêrby holpen hawwe.
8Doe naam de kening Bakchides foar kar, ien fan syn freonen, dy’t it bestjoer hie oer de provinsje bewesten de rivier, in man heech yn oansjen en de kening tige tagedien. 9Dy stjoerde er mei de goddeleaze Alkimus, dy’t er as hegepryster oanstelde, nei Israel ta en lei him op om de Israeliten ôf te straffen.
10De beide mannen setten ôf en kamen mei in grut leger yn Judéa oan. Dêr stjoerden se boaden nei Judas en syn bruorren sabeare om frede te sluten. 11Dy pasten wol op dat se dat net leauden, want se seagen dat se mei in grut leger kommen wienen. 12In mannich skriftgelearden kamen lykwols al by Alkimus en Bakchides om geunstige betingsten te bepleitsjen. 13De Chasideeërs wienen de earsten yn Israel dy’t om frede fersochten. 14Want se seinen: By dat leger is in pryster út it hûs fan Aäron en sa’n ien docht ús neat.
15Alkimus wie sa freonlik as ien, ja, hy swarde: Wy binne der hoegenamt net op út om jimme en jim freonen wat te dwaan. 16Se leauden him. Hy lykwols liet sechstich fan harren oppakke en dy fermoarde er op ien inkelde dei. It wie sa’t beskreaun stiet:
17De liken fan ’e frommen fan jo folk
lizze fersille om Jeruzalem;
har bloed is dêr fergetten.
En der wie net ien om har te begraven.
18It hiele folk waard no stjerrende benaud foar harren. En se seinen: Der is by harren gjin earlikens en gjin gefoel foar rjocht. Want se hawwe tasizzings dien en dy mei in eed besegele en har der net oan hâlden. 19Bakchides triek no by Jeruzalem wei en sloech syn kamp op by Bezet. Dêr joech er befel hiel wat soldatefolk dat nei him oerrûn wie en ek guon fan it folk op te pakken. Dy liet er deameitsje en de liken yn ’e grutte put smite.
Alkimus kin it net hâlde
20It bestjoer fan it lân liet er doe fierder oan Alkimus oer. Dy krige in leger ta syn foldwaan. Doe reizge Bakchides werom, wer nei de kening ta. 21Alkimus woe mei alle geweld hegepryster wêze. 22Alle reboeljemakkers joegen har by him; se krigen it yn Judéa te sizzen en dienen Israel in bulte skea.
23Doe’t Judas al de ellinde seach, dy’t Alkimus en syn mannen oer de Israeliten brochten, slimmer as dat de heidenen oait dien hienen, 24triek er hiele Judéa en de omkriten dêrfan troch, strafte de oerrinders ûnmeilydsum ôf, dat it waard dyën langer ûnmooglik har yn it lân frij te bewegen.
25Doe’t Alkimus seach dat Judas en syn mannen al mar sterker waarden, en hy foar it ferstân krige dat er it net tsjin har hâlde koe, gong er nei de kening werom, klage har oan en kaam mei swiere beskuldigings.
Nikánor troch Judas ferslein
26Dat sadwaande stjoerde de kening Nikánor der hinne, ien fan syn ferneamde oanfierders, in slimmen fijân fan Israel, mei it befel de Israeliten út te roegjen. 27Nikánor kaam mei in grut leger yn Jeruzalem oan en stjoerde doe boaden nei Judas en syn bruorren mei útstellen fan frede; sabeare, want hy miende der neat fan. 28Wy moatte sjen it sûnder fjochtsjen mei-inoar te rêden, sa sei er. Ik slaan foar mei in man of wat by jimme te kommen om yn alle frede de saak ris út te praten.
29Sa kaam er by Judas en it wie freonskip en gjin ein. De fijannen stienen lykwols klear om Judas te oerfallen en fuort te fieren. 30Doe’t Judas yn ’e rekken krige, dat dat hiele kommen fan Nikánor trochstutsen spul wie, wie er foargoed op syn iepenst en woe net wer mei him prate. 31Nikánor fernaam, dat er him yn ’e kaart sjen litten hie; dat no triek er tsjin Judas op nei Kafarsalama ta. En dêr kaam it ta in slach. 32Fan Nikánor foelen dêr sa’n 500 man en de oaren naaiden dat út nei de Davidsstêd. 33Nei al dy wederwarichheden gong Nikánor de berch Sion op. Guon fan ’e prysters en fan ’e âldsten fan it folk kamen de timpel út om him freonlik wolkom te hjitten en him opmerksum te meitsjen op it brânoffer foar de kening, dêr’t se op dat stuit mei dwaande wienen. 34Mar hy stiek har de gek oan, gniisde har út, besmodze har en smiet der fan alles út. 35Ja, hy swarde yn syn mâlens: As Judas en syn leger no fuort net oan my oerlevere wurde, dan stek ik, sa gau’t ik goed en wol weromkom, dizze timpel yn ’e brân. Doe sette er mei de lilke holle ôf.
36De prysters gongen no de timpel wer yn, oant foar it alter en it hillige en skriemend klagen se: 37Dit hûs hawwe Jo foar kar nommen om jo namme te dragen. Dat it wêze soe it plak om te oanbidden en om te pleitsjen foar jo folk. 38Straf dizze man en syn leger dan ôf. Lit se omkomme troch it swurd. Ferjit de smeulske wurden net, dêr’t se Jo mei húnje. Doch it dochs!
39Nikánor gong út Jeruzalem wei en hy sloech syn kamp op by Bet-Choaron, dêr’t in leger út Syrië him by him joech. 40Judas sloech syn kamp op by Adaza; in 3.000 man hie er by him. Syn gebed wie sa: 41Doe’t de boaden fan ’e kening Jo ferhúnden, is jo ingel kommen en sloech fan harren 185.000 man dea. 42Ferdoch dit leger hjoed foar ús eagen ek, dat dy’t der oerbliuwe it goed witte sille, dat Nikánor jo hillichdom ferhúnd hat. Straf him neffens it kwea dat er dien hat.
43De trettjinde fan ’e moanne Adar kaam it tusken de beide legers ta in slach. Dat fan Nikánor waard ferslein. Hysels wie de earste dy’t sneuvele. 44Doe’t syn leger seach dat Nikánor fallen wie, smieten se de wapens fuort en naaiden út. 45De Israeliten bliezen de synjaaltrompetten en sieten har achternei oan Gezer ta, in dei reizgjen fan Adaza ôf. 46Fan alle kanten kamen doe de doarpslju út dy kontreien opsetten om de flechtlingen te kearen. Dat dy moasten fanneed werom, wer nei har achterfolgers ta. Sa die it swurd harren allegearre de ûndergong; der wie net ien dy’t ûntkaam. 47De Joaden plonderen har út en de bút namen se mei. Nikánor sloegen se de holle ôf en de rjochterhân, dy’t er yn syn domdrystens omheech stutsen hie om te swarren. Dy namen se mei nei Jeruzalem, dat elkenien dêr se mar sjen koe. 48Doe tilde de stêd op fan blidens en it wie dy deis ien en al feest.
49Se praten ôf, dy dei soe alle jierren weroan op ’e trettjinde Adar betocht wurde. 50Doe krige it lân Judéa in koart skoftke rêst.