De dea fan Antíochus Epifanes
1Doe’t kening Antíochus troch de boppelannen triek, hearde er dat de stêd Elymaïs yn Perzië ferneamd wie om syn rykdom oan goud en sulver. 2De timpel dêr wie tige ryk, allegearre gouden skylden, harnassen en wapens, dy’t Alexander, de soan fan Filippus, de kening fan Masedoanië, de earste dy’t kening oer de Griken wie, dêr bliuwe litten hie. 3Hy kaam dêr en besocht de stêd yn te nimmen om him dan út te plonderjen, mar dat slagge him net, om’t de ynwenners fan dy stêd gewaarwurden wienen wat er fan doel wie. 4Se kamen ta de stêd út, him temjitte en jagen him fuort. Dat min op moed reizge er nei Babylon werom.
5Hy wie noch yn Perzië, doe’t er it boadskip krige, dat de legers dy’t in ynfal yn Judéa dien hienen, weromslein wienen. 6En dat Lysias der mei in tige sterk leger hinnegien wie, mar foar de Joaden útnaaid wie en dat dy no gâns sterker wurden wienen fanwegen al de wapens, de útris en de grutte bút dy’t har tafallen wie fan de legers dy’t se ferslein hienen. 7En ek, dat se de ferwoestende grouwel omhelle hienen, dy’t hy yn Jeruzalem boppe op it alter sette litten hie; en dat se, lyk as eartiids, om it hillichdom hinne hege muorren boud hienen en ek om syn stêd Bet-Sûr.
8Doe’t de kening dat allegear hearde, wie er der glêd mei oan. Hy rekke op bêd en waard siik fan argewaasje, omdat syn plannen op ’e non rûn wienen. 9Hy lei dêr dagen en dagen oanien. Fan kleare argewaasje mealde it him mar yn ’e holle om, sa slim, dat er op ’t lêst begriep, dat syn ein kommen wie. 10Doe rôp er al syn freonen by him en sei tsjin har: Ik krij gjin wink mear yn ’e eagen; al dy soargen en noeden, ik bin der glêd mei oan. 11Earst sei ik by mysels: Wêrom binne dochs al dy swierrichheden as in floed oer my hinne kommen? Ik wie dochs altiten in goed en freonlik man, in kening dêr’t elk fan hâlde? 12Mar no tink ik werom oan ’e minne dingen dy’t ik yn Jeruzalem útheefd haw; hoe’t ik dêr al it sulveren en gouden reau weihelle haw en sûnder dat der reden foar wie besocht haw de bewenners fan Judéa út te roegjen. 13Dêrom is it, ik wit it no klear, dat al dy rampen my troffen hawwe. En sjoch, sa lis ik hjir dan no te stjerren, fan leed en fertriet, yn in frjemd lân.
14Doe liet er Filippus by him komme, ien fan syn freonen en makke him regint oer syn hiele ryk. 15Hy joech him syn kroan, syn mantel en syn segelring en droech him op syn soan Antíochus by him te nimmen en him klear te meitsjen foar it keningskip. 16Sa stoar kening Antíochus dêr yn it jier 149. 17Doe’t Lysias hearde dat de kening stoarn wie, sette er de jonge Antíochus, dy’t er fan bern ôf oan opbrocht hie, op ’e troan as opfolger fan syn heit en joech him de namme Eupator.
Judas belegeret de stins fan Jeruzalem
18Wilens wie de besetting fan ’e stins aloan dwaande it de Israeliten by en om de timpel slim lestich te meitsjen. Allegeduerigen wienen se derop út harren in loech ôf te sjen en de heidenen fuort te sterkjen. 19Sadwaande krige Judas it yn ’e holle en reagje har der út. Dat hy rôp it hiele folk op om de stins te belegerjen. 20Dat dienen se yn it jier 150. Judas makke stellings foar sjitark klear en alderhanne ark, dat er by it belegerjen brûke moast.
21Doe slagge it guon fan ’e besetting út te brekken en in mannich fan ’e ôffallige Joaden joegen har by harren. 22Dy gongen nei de kening en seinen: Hoe lang moat it noch oanhâlde, ear’t jo rjochtdei hâlde sille en ús maten wreekje? 23Mei alle wille hawwe wy jo heit tsjinne, dien wat hy sei, en ús oan syn geboaden hâlden. 24En krekt dêrom binne de eigen lânslju ús fijannen wurden. Se meitsje fan uzen dea, dy’t se mar beneist komme kinne en se roovje al ús hawwen en hâlden. 25En wy binne de iennichsten net dy’t fan harren te lijen hawwe, o nee, allegearre dy’t om harren hinne wenje. 26Op dit stuit binne se dwaande de stins fan Jeruzalem te belegerjen mei it doel dy te besetten. De timpel en Bet-Sûr hawwe se fersterke. 27En as jo majesteit harren net op ’en gausten oanpakt, sille se noch mear út ’e wei sette. En dan kinne jo der neat mear oan dwaan.
28Doe’t de kening dat hearde, waard er slim lilk en hy rôp al syn freonen byinoar; de oanfierders fan it leger en fan it hynstefolk. 29Ut oare lannen en fan ’e eilannen joegen har hierlegers by him. 30Dat syn troepen waarden mei-inoar 100.000 man fuotfolk, 20.000 man hynstefolk en 32 oarlochsoaljefanten.
De slach by Betsacharja
31Dy allegearre no trieken troch Iduméa en belegeren Bet-Sûr en se fochten dagen oanien. Allerhanne masinen dy’t se by it belegerjen brûke moasten, brochten se yn stelling. Mar út ’e stêd wei dienen se útfallen, stieken dat ark en sa yn ’e brân en sloegen fûleindich werom. 32Doe hâlde Judas op mei de stins te belegerjen en hy sloech by Betsacharia syn kamp op, foar dat fan ’e kening oer.
33De oare moarns betiid briek de kening op en triek yn ien kear nei Betsacharia ta. Dêr stelde er syn legers op, klear foar de slach en liet de trompetten blaze. 34De oaljefanten hâlden se druve- en moerbeisop foar om se oan te hysjen ta de striid. 35Dy grutte bisten waarden sa oer it leger ferparte: Elke oaljefant krige 1000 man by him, de maliënkolder oan en de koperen helm op; en boppedat noch 500 man fan syn bêste hynstefolk. 36Al dy mannen stienen foartiid al klear op it plak dêr’t it bist komme moast, en wêr’t dat dan fierder hinnegong, dêr gongen sy ek, en dienen suver gjin stap by him wei. 37Elke oaljefant hie in sterke houten toer op ’e rêch, goed ôfdutsen en stevich fêstset. En op dy toer fjouwer dappere keardels, fjochtersbazen op en út, mei noch in Indiër om it bist te stjoeren. 38It oare part fan it hynstefolk kaam op ’e beide flanken, links en rjochts. Dat wie dan hjir, dan dêr, dêr’t mar ferlet wie, om de fijân oan te fallen of de eigen slachoarder te dekken.
39Doe’t de sinne op ’e gouden en koperen skylden skynde, waard it yn ’e bergen ien en al ljocht, suver fakkels gelyk. 40In part fan it leger fan de kening sette de berch oer, it oare triek troch de flakte. Se kamen moedich en wis en yn goede oarder rjocht op it doel ôf. 41Elk dy’t it leven en it gedinder hearde dat dy mannichte makke, en it gerinkel fan har wapens, fleach it oan: Dit wie wol in seldsum machtich leger. 42Doe kaam Judas mei syn leger en hy foel oan. En fan it leger fan ’e kening foelen der 600 man.
43Eleázar Avaran seach, dat der in oaljefant by wie mei in keninklik pânser, ien dy’t grutter wie as alle oaren. Dat hy tocht: dêr sit de kening op. 44Doe sette er it libben derby op om syn folk te rêden en sa in namme te krijen, dy’t de tiden treast is. 45Unferfeard fleach er op it bist ta, nei de midden fan ’e slachoarder, brocht links en rjochts by de fijân dea en ferdjer, dat dy joech him oan beide kanten de romte. 46It slagge him ûnder de oaljefant te kommen en doe stiek er him sa fan ûnderen yn it lichem. It bist foel del, dea, boppe-op him. En sa stoar hysels dêr ek. 47Doe’t de Israeliten seagen hoe ûnwitend sterk dat keninklike leger wie, net te kearen, joegen se har ôf.
De Syriërs belegerje de timpel
48It leger fan ’e kening triek no op tsjin ’e Joaden yn Jeruzalem. En de kening sloech syn kamp sa op, dat er èn tsjin Judéa èn tsjin ’e berch Sion fanwegen komme koe. 49Hy makke frede mei de mannen fan Bet-Sûr. Dy joegen har oer, om’t se gjin iten mear hienen om in belegering ferneare te kinnen, mei’t it dat jiers in sabbatsjier wie. 50Dat sa krige de kening Bet-Sûr en hy lei der in besetting yn.
51Doe belegere er de timpel dagen oanien. Hy brocht sjitark yn stelling en allerhanne reau dat er by it belegerjen brûke moast, fjoer- en stiennesmiters en kattepûlten foar de pylken en slingers. 52Mar ek de Israeliten makken alle soarten ark en stelden dat op tsjin dy fan ’e fijannen. En sa hâlden se it gâns in skoft út. 53Se hienen lykwols gjin iten yn foarrie om’t it it sânde jier wie; dêrby hienen de Joaden, dy’t it by de tiid lâns slagge wie by de heidenen wei nei Judéa te ûntkommen, alles opiten dat der noch al wie. 54Dat sadwaande wienen der noch mar in stik of wat mannen yn it hillichdom oer, want de honger hie te slim west. En sa wienen de measten fersille, in elk wer nei syn eigen wenplak.
Antíochus V en de Joaden slute frede
55Wilens hearde Lysias, dat kening Antíochus noch by syn libben Filippus opdroegen hie syn soan Antíochus klear te meitsjen foar de troan. 56En ek dat Filippus út Perzië en Medië weigien wie – de legers dy’t dêr mei de kening hinnetein wienen by him – en dat er derop út wie, de macht yn ’e hannen te krijen. 57Fangefolgen joech er mei hasten befel om op te brekken. Hy sei tsjin ’e kening, de legeroanfierders, ja tsjin al syn mannen: Wy wurde by de dei swakker, der is mar in bytsje iten mear en it plak dat wy belegerje, is sterk. En dêr komt noch by, dat wij it hiele keninkryk op ’e noed hawwe. 58Lit ús dêrom in ferdrach mei dy lju oangean en frede mei har slute en mei har hiele folk. 59Lit ús har it frij jaan om, lykas eartiids, har te hâlden oan har eigen ynsettings en wetten. Want krekt om dy ynsettings en wetten, dy’t wy ôfskaft hawwe, binne se fergrime wurden en yn opstân kommen.
60Dat útstel like de kening en de oanfierders goed ta. Dat hy stjoerde boaden nei de Israeliten om frede te sluten en dy namen dat oan. 61De kening en de oanfierders besegelen dat ferdrach mei in eed en de Israeliten kamen ta de festing út. 62Mar doe’t de kening de festing op ’e berch Sion ynkaam en seach hoe ûnwitend sterk dy wie, briek er syn eed. Hy joech befel de ringmuorre del te heljen. 63Dêrop reizge er hastich ôf nei Antiochië ta. Dêr stuite er op Filippus dy’t dy stêd yn ’e macht hie. It kaam ta in slach en sa naam er de stêd mei geweld yn.