1 Korintiërs 16
Kollekte en reisplannen
1Wat de kollekte foar de hilligen oanbelanget: jimme moatte it krekt sa dwaan, as ik foar de gemeenten fan Galatië beöardere haw. 2Alle sneinen moat elk fan jimme safolle achterút lizze en bewarje as him barre mei. Oars soe der pas kollekteard wurde nei myn komst. 3As ik by jimme kom, sil ik minsken dy’t jimme dêr geskikt foar achtsje mei brieven stjoere, om jimme jefte nei Jeruzalem te bringen. 4En as it de muoite wurdich is dat ik sels ek gean, kinne se mei my reizgje. 5Ik sil by jimme komme nei myn reis troch Masedoanië. Want dêr gean ik op trochreis lâns. 6By jimme sil ik, as it kin, langer bliuwe en faaks wol de winter oer; jimme kinne my dan fierder helpe, wêr’t ik ek hinne gean mei. 7Ik wol jimme no net efkes op trochreis treffe; ik hoopje in tiid lang by jimme te bliuwen, as de Hear it talit. 8Oant Pinkster sil ik yn Efeze bliuwe, 9want de doar stiet dêr wiid iepen om mei frucht te arbeidzjen en der binne ek gâns tsjinstanners.
Oanbefellings
10Mar as Timóteüs komt, soargje dan, dat er him by jimme thús fielt; hy docht ommers it wurk fan de Hear, krektlyk as iksels; 11net ien mei him dus behannelje as wie er gjin tel. Help him yn frede fierder om by my te kommen, want ik ferwachtsje him mei de bruorren. 12Wat ús broer Apollos oanbelanget: ik haw der tige by him op oanstien, dat er mei de bruorren nei jimme ta gean soe, mar hy fielde der neat foar om no al te gean; hy sil gean as it him útkomt.
13Wês wach, stean fêst yn it leauwen, wês manmoedich en sterk. 14Jimme moatte alles wat jim dogge mei leafde dwaan.
15No fersykje ik jimme noch ien ding, bruorren, en dat is dit: jimme witte, dat Stefanas en syn húshâlding de earste bekearlingen fan Achaje binne en dat se harsels yn tsjinst fan ’e hilligen steld hawwe. 16Jou jimme dan ûnder sokken del en ûnder elk, dy’t mei har arbeidet en him ynspant. 17Ik bin bliid, dat Stefanas, Fortunatus en Achaïcus by my binne om te fergoedzjen, dat ik jimme mis. 18Hja hawwe my opfleure en jimme ek. Hâld sokke lju yn eare.
Groetenis
19De gemeenten fan Asia dogge jimme de groetenis. Hertlike groetenis yn de Hear fan Aquila en Priska mei de gemeente by har oan hûs. 20Alle bruorren dogge jimme de groetenis. Groetsje elkoarren mei de fredegroet. 21Mei eigen hân skriuw ik: ‘De groetenis fan Paulus’. 22As immen de Hear net leaf hat, de flok oer him. Maranata – Hear fan ús, kom dochs! 23De genede fan de Heare Jezus wês mei jimme! 24Myn leafde is mei jim allegearre yn Kristus Jezus.
© 1978 Nederlands Bijbelgenootschap