De opstanning fan Kristus
1Ik freegje jimme omtinken, bruorren, foar it bliid boadskip, dat ik jimme ferkundige haw, dat jimme ek oannommen hawwe, dêr’t jimme ek fêst yn steane, 2dêr’t jimme ek troch behâlden wurde, as jimme it fêsthâlde yn ’e betsjutting dy’t ik jimme ferkundige haw. Oars soenen jimme omdôch ta it leauwen kommen wêze.
3Want ik haw jimme oerlevere, wat ik sels ek fan oerlevering oannommen haw; en dat komt hjir op del, dat Kristus foar ús sûnden stoarn is, neffens de Skriften 4en dat Er begroeven is, en dat Er de tredde deis opwekke is, neffens de Skriften; 5en dat Er ferskynd is oan Kefas en dêrnei oan de Tolve.
6Fierder is Er ferskynd oan mear as fiifhûndert fan syn folgelingen tagelyk, dêr’t de measten noch fan yn libben binne, al binne der ek guon fan rêst. 7Dêrnei is Er ferskynd oan Jakobus, fierder oan alle apostels. 8En lêst fan allegearre is Er ek ferskynd oan my as oan in misdracht.
9Ik bin ommers de minste fan ’e apostels, dy’t it net wurdich bin in apostel te hjitten, om’t ik de gemeente fan God ferfolge haw. 10Mar troch de genede fan God bin ik wat ik bin en syn genede oan my hat net omdôch west. Ik haw hurder skrept as alle oaren; nee, net ik, mar Gods genede dy’t mei my is. 11Mar likefolle oft sy it binne of ik: sa ferkundigje wy en sa binne jimme ta it leauwen kommen.
De opstanning fan ’e deaden
12Wy ferkundigje dus dat Kristus út ’e deaden opwekke is. Hoe kinne guon ûnder jimme dan sizze, dat der gjin opstanning fan deaden bestiet? 13As der gjin opstanning fan deaden bestiet, dan is ek Kristus net opwekke. 14En as Kristus net opwekke is, dan hat ús ferkundiging gjin ynhâld en sûnder ynhâld is dan ek jimme leauwen. 15Dan docht it bliken dat wy falske getugen fan God binne. Wy binne dan mei ús ferklearring tsjin God yn gien. Want wy hawwe sein, dat Er Kristus opwekke hat. Mar Hy hat Him net opwekke, as it wier is, dat der gjin deaden opwekke wurde. 16Want as der gjin deaden opwekke wurde, is ek Kristus net opwekke. 17Mar as Kristus net opwekke is, dan hat jimme leauwen neat te betsjutten, dan binne jimme noch yn jim sûnden. 18Dan binne ek de minsken dy’t yn it leauwen fan Kristus rêst binne, ferlern. 19As wy inkeld-en-allinne foar dit libben ús hope op Kristus boud hawwe, dan binne wy fan alle minsken it meast te bekleien.
20Mar sa stiet it der aldergeloks net foar: Kristus is opwekke út ’e deaden, as earstling fan har dy’t rêst binne. 21Om’t ommers de dea der is troch in minske, sa is ek de ferrizenis fan ’e deaden der troch in minske. 22Want lykas allegearre stjerre om’t se by Adam hearre, sa wurde ek allegearre libben makke om’t se by Kristus hearre. 23Mar elk yn syn eigen oarder: as earstling Kristus, dan dy’t fan Kristus binne, by syn kommen. 24Dêrnei komt de ein, as Hy it regear oan God de Heit oerjaan sil, nei’t Er alle hearskippij en alle macht en krêft oan ’e kant reage hat. 25Hy moat ommers as kening hearskje, oant Er al syn fijannen Himsels ûnder de fuotten lein hat. 26De lêste fijân, dy’t oan ’e kant reage wurdt, is de dea. 27Want God hat Him de macht oer alle dingen jûn. It is fansels dúdlik, dat mei dy wurden ‘alle dingen’ net God sels bedoeld wurdt dy’t krekt oan Kristus de macht oer alle dingen jûn hat. 28As de Soan no de macht oer alle dingen krige hat, dan sil Er ek de macht oer Himsels jaan oan God, dy’t Him de macht oer alle dingen jûn hat, dat God alles yn allegearre wêze mei.
29Want wat sille dy minsken oars dwaan, dy’t har dope litte foar de deaden? As deaden alhielendal net opwekke wurde, wêrom litte se har dan noch foar dy deaden dope? 30Wêrom binne wy dan winliken alle oeren faai? 31Alle dagen stjer ik, bruorren, sa wier as ik wakker fan jim sprek yn Kristus Jezus ús Hear. 32As ik om minsklike dingen te Efeze mei de wylde bisten fochten haw, wat jout my dat? As deaden net ferrize ‘lit ús dan mar ite en drinke, want moarn stjerre wy’. 33Lit jim neat wiis meitsje: ‘Ferkeard selskip is it bedjer foar goede seden’. 34Wurd wer nochteren en oprjocht en sûndigje net. Der binne guon dy’t gjin weet fan God hawwe. Skamje jim, dat ik dat sizze moat.
It opstanningslichem
35Mar, sil ien faaks freegje: hoe wurde de deaden opwekke? En mei hokker lichem komme se werom? 36Do dwaas! Watsto sels sieddest komt net ta libben, of it moat earst stjerre. 37En watsto sieddest is net de kommende plant, mar allinnich in siedkerl, fan nôt of fan wat oars. 38God jout it in lichem, lyk as Hy dat hawwe wol, oan elk sied in eigen lichem. 39Ek is alle fleis net itselde. Minsken hawwe oar fleis as bisten; fûgels oar fleis as fisken. 40Der binne himelske en ierdske lichems, mar de glâns fan ’e himelske is oars as dy fan ’e ierdske. 41De glâns fan ’e sinne is oars as dy fan ’e moanne en wer oars is dy fan ’e stjerren; boppedat, de iene stjer ferskilt yn glâns fan ’e oare.
42Sa stiet it no ek mei de ferrizenis fan ’e deaden: wat siedde wurdt yn fergonklikheid, wurdt opwekke yn ûnfergonklikheid. 43Wat siedde wurdt yn ûneare, wurdt opwekke yn hearlikheid; wat siedde wurdt yn swakkens, wurdt opwekke yn krêft; 44wat siedde wurdt is in natuerlik lichem, wat opwekke wurdt is in geastlik lichem. As der in natuerlik lichem is, is der ek in geastlik lichem. 45Sa stiet it ek beskreaun: de earste minske Adam waard in libben wêzen, de lêste Adam in geast, dy’t libben makket. 46It geastlike komt lykwols net earst, mar it natuerlike en dêrnei it geastlike. 47De earste minske kaam út ’e ierde en wie ierdsk, de twadde minske komt út ’e himel. 48Lykas de ierdske minske wie, sa binne ek alle ierdske minsken en lykas de himelske is, sa sille ek alle himelske minsken wêze. 49En lykas wy it byld fan ’e ierdske minske droegen hawwe, sa sille wy ek it byld fan ’e himelske minske drage.
50Dit bedoel ik, bruorren; in minske fan fleis en bloed kin it keninkryk fan God net winne en it fergonklike wint it ûnfergonklike net. 51Sjoch, ik fertel jimme wat ferburgen wie: wy sille net allegearre stjerre, mar wy sille wol allegearre feroare wurde, 52op in stuit, yn in omsjoch, by de lêste trompet; want de trompet sil klinke en de deaden sille opwekke wurde, ûnfergonklik, en wy sille allegearre feroare wurde. 53Want dit fergonklike moat mei ûnfergonklikens klaaid wurde en dit stjerlike mei ûnstjerlikens. 54En as it safier is, dan sil it wurd, dat beskreaun stiet, neikomme:
Ferswolge is de dea yn ’e oerwinning.
55Wêr bliuwt no, dea, dyn oerwinning?
Wêr bliuwt no, dea, dyn angel?
56De sûnde is it dêr’t de dea mei stekt en de wet is it dy’t de sûnde macht oer ús jout. 57Mar tank oan God, dy’t ús de oerwinning jout troch ús Hear Jezus Kristus. 58Dêrom, leave bruorren, wês stânfêst, ûnferwrigge, altiten warber yn it wurk fan de Hear. Jimme witte ommers, dat yn de Hear jim bodzjen net omdôch is.