Skriuwer, lêzers, groetenis
1Fan Paulus, apostel fan Kristus Jezus, troch Gods wil, en Timóteüs, de broer, oan ’e gemeente fan God yn Korinte en oan hiel Gods folk oeral yn Achaje. 2Genede en frede mei jimme jûn wurde fan God ús Heit en de Hear Jezus Kristus.
Paulus tanket God
3Heech te priizjen is God, de Heit fan ús Hear Jezus Kristus, de Heit fol fan barmhertichheid en de God dy’t altiten fertreastget. 4Hy jout ús treast yn al ús benearing, dat wy fan ús kant kinne oaren, dy’t yn allerhanne benearing binne, treast jaan mei de fertreasting dy’t wy sels fan God krije. 5Want lykas wy ryklik ús part krije fan it lijen fan Kristus, sa krije wy troch Kristus ek ryklik treast. 6Komme wy yn ’t near, it is ta jimme treast en heil: krije wy treast, it is ta jimme treast, dat jimme de krêft ûntfange om itselde lijen dat wy ek drage, ferduldich te ferdragen. 7En de hope dy’t wy foar jimme hawwe stiet fêst. Wy witte: jimme krije jim part fan it lijen, mar ek likegoed fan ’e treast.
8Want wy wolle net bruorren, dat jimme ûnkundich bliuwe fan ’e benearing dy’t hjir yn Asia oer ús kommen is. Wy hawwe it oermjitte swier hân, boppe ús macht, dat wy begûnen sels oan ús libben te twiveljen. 9Ja, wy seagen ússels as opskreaun foar de dea. Dat is oer ús kommen, dat wy net op ússels betrouwe soenen, mar op God, dy’t de deaden opwekket. 10Hy is it, dy’t ús rêden hat út sa’n grut libbensgefaar. En hy sil ús ek fierder rêde. Ja, wy hawwe op Him ús hope set, dat Er dat ek tenei dwaan sil, 11om’t jimme ús ek meihelpe troch jimme bidden. Sa sille der gâns minsken om ús Him op allerhanne wize tank bringe foar wat Er ús jûn hat.
Paulus ferwart him tsjin it ferwyt fan wiffens
12Dit is it dêr’t wy grut op geane: ús gewisse befêstiget ús deryn, dat wy yn ienfâldigens en suverens dy’t fan God komme, net yn minsklike wysheid, mar yn Gods genede yn ’e wrâld ferkeard hawwe, benammen foar jimme oer. 13Wy skriuwe jimme dan ek net wat oars as wat der stiet en wat jimme ek goed fersteane; ja, ik hoopje, dat jimme it ienris folslein ferstean sille, 14lykas jimme it al foar in part ferstien hawwe, dat jimme likefolle reden hawwe om fan ús te sprekken as wy fan jimme, de deis fan ús Heare Jezus.
15En yn dat betrouwen wie ik fan doel earst by jimme te kommen om jimme foar de twadde kear in deugd te dwaan, 16en by jimme wei nei Masedoanië te reizgjen en fan Masedoanië wer by jimme werom te kommen om fan jimme fuortholpen te wurden nei Judéa ta. 17Dat wie myn bedoeling. Bin ik dêrmei – sa’t jim miene – der no te licht oerhinne gien? En haw ik myn plannen as in minske fan ’e wrâld makke, dat it by my ja-ja en tagelyk nee-nee is? 18Mar God stiet der boarch foar, dat ús wurd ta jimme net tagelyk ja en nee is. 19De Soan fan God, Kristus Jezus, dy’t troch ús ûnder jimme ferkundige is, troch Silvanus, Timóteüs en my, wie net ja en nee tagelyk, mar yn Him wie it allinne ja. 20Want hoefolle beloften fan God der ek wêze meie, yn Kristus seit Er dêr ‘ja’ op. Dêrom sizze wy ek troch Kristus ‘Amen’ tsjin God, ta syn eare. 21En God sels is it, dy’t ús mei jimme befêstiget yn ’e mienskip mei Kristus en ús salve hat. 22Hy is it ek, dy’t syn segel op ús set hat en ús as foarskot fan wat noch komt, de Geast yn it herte jûn hat. 23Ik berop my op God as myn getuge: allinne om jimme te sparjen, bin ik net mear nei Korinte kommen. 24Net dat wy baasspylje wolle oer jimme leauwen, mar wy wolle meiwurkje oan jimme blydskip; yn it leauwen steane jimme ommers fêst genôch.