Oprop oan it folk fan Juda om him te bekearen
1Kom gear en kloftsje byinoar,
ûnbûchsum folk,
2ear’t de dei komt, dy’t as in benearing oer jim giet en jim fersillet,
ear’t oer jimme komt de gleone grime fan de Heare,
ear’t oer jimme komt de dei fan de Heare syn grime.
3Sykje de Heare, al jimme deemoedigen fan it lân,
dy’t har oan syn rjocht hâlde;
sykje gerjochtichheid, sykje needrigens,
miskien dat jim noch burgen wurde de deis fan de Heare syn grime.
Oardiel oer de omwenjende folken; tsjin Filistéa
4Want Gaza wurdt in ferlitten oarde
en Asjkelon in neakene púnheap,
Asjdod – it folk sil der midden op ’e dei útjage wurde,
Ekron wurdt ûntwoartele.
5Wee jimme dy’t oan ’e seekant wenje,
naasje fan ’e Keretiten,
it wurd fan de Heare is tsjin jimme.
Kanaän, lân fan ’e Filistinen,
Ik sil dy ferrinnewearje, dat der gjinien mear wennet.
6De seekant sil greidlân wurde, weide foar de hoeders mei har skieppeskuorren.
7De seekant sil oan de neiteam fan it folk fan Juda komme;
dêr kinne se mar weidzje
en jûns sille se har deljaan yn ’e huzen fan Asjkelon,
want de Heare, har God, sil nei har omsjen
en har lot ten goeden keare.
tsjin de Moäbiten en de Ammoniten
8Ik haw it gehún fan Moäb heard
en it skellen fan ’e Ammoniten,
as se myn folk húnden
en in steil wurd dienen tsjin har gebiet.
9Dêrom, sa wier as Ik libje,
– is de godsspraak fan de Heare Almachtich, de God fan Israel –
Moäb sil Sodom gelyk wurde
en Ammon Gomorra:
in stikelfjild, in sâltmyn, in púnheap foar altyd.
Want de neiteam fan myn folk sil harren útrûpelje,
de hiele naasje sil har lân yn besit nimme.
10Dat hawwe se no fan har heechmoed, om’t se it folk fan de Heare Almachtich sa húnd hawwe
en der sa’n steil wurd tsjin dienen.
11In ferskrikking sil de Heare foar harren wêze,
as er alle goaden fan ’e ierde ferskronfelje lit.
Allegearre sille se yn oanbidding foar Him delbûge,
elk op syn eigen stee, alle folken fan ’e seekant.
tsjin de Etiopiërs
12Jimme ek, Etiopiërs,
jimme sille ek troch myn swurd ferslein wurde!
tsjin de Assyriërs
13Dan sil Er de hân keare tsjin it Noarden
en Hy sil Assyrië platslaan;
Ninevé makket Er in púnheap fan, toar as de woestyn.
14Keppels skiep sille har dêr middenyn deljaan,
wyld fan allerhanne soarte;
stienûlen en kaën fernachtsje tusken har pylderkoppen.
De ûle gûlt troch de finsters, de roek op ’e drompel,
want it sederhoutwurk is derôf.
15Dat is no dy bolbjirkene stêd,
dy’t dêr sa wis en feilich hinne lei
en dy’t by harsels tocht: Ik bin it en oars gjinien.
Wat in púnfal is it wurden,
in leger foar wylde bisten.
Elk dy’t derlâns komt griist en beart derfan.