Opskrift
1It wurd dat de Heare Sefanja takomme liet. Hy wie de soan fan Kûsjy, de soan fan Gedalja, de soan fan Amarja, de soan fan Hizkía. Dat barde yn ’e tiid fan Josjía, de soan fan Amon, kening fan Juda.
Gods oardiel oer stêd en lân
2Alles reagje Ik út ’e wei, wei fan ’e ierdboaiem
– is de godsspraak fan de Heare –
3weireagje sil Ik minsken en bisten,
weireagje sil Ik de fûgels yn ’e loft
en de fisken yn ’e see,
[alles dêr’t de goddeleazen oer stroffelje.]
Ik snij de minsken fan ’e ierdboaiem ôf
– is de godsspraak fan de Heare.
4Ik kear myn hân tsjin Juda
en tsjin alle ynwenners fan Jeruzalem;
Ik snij it Baälsskaai út dit stee wei,
de namme fan ’e ôfgodstsjinners,
dat prysterfolk,
5en ek dy’t har op ’e dakken delbûge yn oanbidding foar it stjerreleger;
dy’t de Heare oanbidde en tagelyk by Milkom swarre;
6dy’t har fan de Heare ôfkeard hawwe,
dy’t de Heare net sykje en Him net om in útspraak freegje.
De dei fan de Heare komt
7Wês stil foar God de Heare, want de dei fan de Heare is nei-oan;
de Heare hat in offermiel reemakke
en syn gasten hillige.
8Op ’e dei fan de Heare syn offermiel sil Ik fergoed ôfrekkenje mei de hege hearen en mei de prinsen,
ja, mei allegearre dy’t har klaaie yn útlânske klean.
9Dy deis rekkenje Ik ek ôf mei allegearre
dy’t de timpelstoepe opgeane,
mei dy’t it hûs fan har hear fol tôgje mei geweld en bedroch.
10Dy deis sil it sa wêze – is de godsspraak fan de Heare –
in lûd gerop út ’e Fiskpoarte, gegûl út ’e Nijstêd
en in ôfgryslik gekreak fan ’e heuvels ôf.
11Gûl, jimme lju fan ’e Fizelbuorren,
want alle keaplju binne no foar altyd stil,
alle jildwagers útroege.
12Dan sil Ik Jeruzalem mei lantearnen ôfsykje
en ôfrekkenje mei de mannen dy’t bestjurre binne op har eigen grom en dy’t by harsels sizze:
De Heare docht neat, goed noch kwea.
13Har rykdommen wurde bútmakke,
har huzen ferrinnewearre;
se bouwe wol huzen, mar komme der net yn te wenjen;
se plantsje wol wyngerds oan, mar sille de wyn der net fan drinke.
De dei fan de Heare is freeslik
14Nei-oan is de dei fan de Heare, de geweldige dei!
Nei-oan is er en hy komt mei hasten.
Hark, de dei fan de Heare is bitter:
dan lit de held syn striidrop hearre.
15In dei fan grime is dy dei,
in dei fan benearing en benaudens,
in dei fan fernieling en ferneatiging,
in dei fan neare tsjusternis,
in dei fan roetswarte wolken,
16in dei fan hoarngesketter en striidgerop tsjin de fersterke stêden en de hege hoektuorren.
17Ik bring de minsken yn ’t near;
as blinen rinne se om,
want se hawwe sûndige tsjin de Heare.
Har bloed sil ferstowe as stof, har lichem as dong.
18Har sulver en goud sil harren net rêde kinne
de deis fan de Heare syn grime.
Troch it fjoer fan syn oergeunst wurdt de hiele ierde fertard,
want Hy sil in ein meitsje, ja in freeslik ein
oan al wat op ierde wennet.