1Alle minsken sûnder kennis fan God sieten uteraard yn ’e dwaasheid fertize;
út ’e dingen dy’t se mei eigen eagen seagen, hawwe se gjin weet krije kinnen fan Him-dy’t-is;
se seagen it keunstwurk, mar tochten net oan ’e Keunstner.
2Nee, fjoer, wyn of flechtige lucht,
it ferwulft mei stjerren, it wylde wetter of de grutte himelljochten wienen foar har de goaden en bestjoerders fan ’e wrâld.
3Mar as se yn har opteinens oer de skjintme fan dy dingen se foar goaden oanseagen,
dan hienen se ek begripe moatten, hoefolle mear de Hear en Master dêrfan is,
want de Skepper fan ’e skjintme hat se makke.
4As se sa ferheard opseagen by de krêft en de machtige wurking derfan,
dan hienen se ek begripe moatten, hoefolle machtiger Hy is, dy’t dat allegear beoarderet.
5Ommers, de gruttens en skjintme fan ’e skepping kinne ús in byld fan ’e Skepper jaan.
6Lykwols, men moat net tefolle kwea fan dy lju sizze:
faaks binne se krekt op ’e doele rekke,
doe’t se God sochten en Him wier fine woenen.
7As men ommers tusken syn wurk libbet en jin dêr djip ynjout,
kin men wol troch it uterlik yn ’e besnijing nommen wurde, sa moai is ’t wat men sjocht.
8Mar likegoed is it harren net te ferjaan,
9want as se wol genôch kennis opdwaan koenen om it hielal ôf te taasten,
wêrom hawwe se dan net earder de Hear en Master derfan fûn?
10Wier min deroan ta binne de lju dy’t har hoop set hawwe op deade dingen,
dy’t it wurk fan minskehannen goaden neame,
goud en sulver dêr’t keunstich bisten fan neimakke binne,
of in ûnbrûkber stik stien dat in minskehân lang lyn bewurke hat.
11Stel, in timmerman seaget in hânsume beam om
en skylt dêr de bast handich ôf;
hy bewurket him kreas
en makket der ien of oar reau fan dat men troch ’en dei brûke kin.
12Wat der ûnder it wurk ôffallen is, brûkt er te itensieden
en dan yt er him sêd.
13Mar tusken it ôffal leit in stik dêr’t er neat mei kin,
krûm en bryk en fol oasten;
dat pakt er om der foar tiidkoarting wat yn om te fykjen.
Maklik en handich jout er dêr wat model oan,
dat it op in minske liket
14of oars op ien of oar suterich bistke.
Dan smart er der wat meny op en dêr in laachje reade ferve oer,
alle rare plakken kwitst er derûnder.
15Dan makket hy der in gaadlik hokje foar
en slacht dat mei in spiker stevich fêst oan ’e muorre.
16Hy moat derop passe, dat it net falt,
want hy wit skoan, dat it net op himsels passe kin.
It is mar in byldsje, it kin himsels net rêde.
17Mar as er dan bidde wol foar syn hawwen en hâlden, foar syn frou en bern,
dan skammet er him net om dat deade ding oan te sprekken.
Foar sûnens en sterkte docht er in berop op wat swak is,
18it deade ding freget er om libben
en wat neat út ’e wei sette kin, om help;
hy bidt om in goeie reis ... by wat net iens rinne kin,
19en foar syn affearen en it slagjen fan it wurk fan syn hannen freget er om de machtige stipe fan wat gjin krom macht yn ’e hannen hat.