1O, wiesto mar myn bloedeigen broer,
dy’t dronken hie oan ús memme boarsten.
As ik dij dan bûten fûn en ik tute dij,
gjin minske soe my derom ferachtsje.
2Dan soe ik dy meinimme
en bringe yn it hûs fan ús mem,
dy’t my grutbrocht hat.
Ik soe dy drinke litte fan ’e krûdige wyn,
fan ’e jonge wyn fan myn granaatappels.
3Syn linkerhân leit ûnder myn holle
en syn rjochterearm om my hinne.
4Ik beswar jimme, fammen fan Jeruzalem,
fjurje de leafde net oan en meitsje har net wekker,
ear’t se der nocht oan hat.
De geweldige macht fan ’e leafde
5Wa komt dêr oan út ’e woestine wei,
lynjend op har leafste?
– Under de appelbeam haw ik dy wekker makke;
dêr hat jim mem dy ûntfongen,
dêr hat dy ûntfongen, dy’t dij berne hat.
6– Set my as in segel op dyn hert,
as in segel op dyn earm.
Want de leafde is sterk as de dea,
de hertstocht is hurd as it deaderyk;
de gloede dêrfan is in fjoergloed,
it binne flammen fan de Heare.
7Wetterstreamen kinne de leafde net dwêste,
rivieren kinne har net fuortspiele.
Al joech immen syn fermogen foar de leafde,
se soenen him der om ferachtsje.
Trije brokstikken fan in liet
8Wy hawwe in jonge suster,
dy’t noch gjin boarsten hat.
Wat sille wy dwaan mei ús suster,
as immen om har stiket?
9– As hja in muorre is,
dan sette wy der sulveren kantelen op,
en as hja in doar is,
dan spikerje wy dy ticht mei sederplanken.
10– Ik bin in muorre
en myn boarsten binne tuorren;
sa bin ik yn syn eagen wurden
as ien dy’t frede bringt.
11Salomo hie in wyngerd te Baäl-Hamon;
oan hoeders betroude er de wyngerd ta;
elk moast foar de frucht derfan
tûzen sulversikkels opbringe.
12Mar myn wyngerd is allinnich fan my;
dy tûzen sikkels kinne jo wol krije, Salomo,
en de hoeders fan ’e fruchten komme twahûndert ta.
13Do dêr yn ’e tún,
nei wa’t de maten harkje,
lit ek dyn lûd hearre!
14– Meitsje wat oan, myn leafste,
doch as in gazelle,
as it jong fan in ree,
op ’e bergen fol balsemkrûd.