Opskrift
1It fizioen fan Jesaja, de soan fan Amoz, dat er krige oer Juda en Jeruzalem yn ’e tiid dat Oezzia, Jotam, Achaz en Hizkia keningen fan Juda wienen.
Bern sûnder ferstân
2Himel, hear dernei; ierde, harkje goed,
want de Heare sprekt:
Bern haw ik fersoarge en grutbrocht,
mar dy hawwe it tsjin My yn ’e kant set.
3In okse ken syn boer derút
en in ezel de baas syn krêbe,
mar Israel wit fan neat,
myn eigen folk ken gjin ûnderskied.
Omtrint as Sodom
4O sûndich naasje,
folk dat ûnder de ûngerjochtichheid sit,
skaai fan dogeneaten, oerkommelingen,
dy’t de Heare ferlitten hawwe,
de Hillige fan Israel ferachte en de rêch takeard.
5Wêr moatte jim noch mear slein wurde,
jimme dy’t mar trochgeane mei jim ôf te kearen?
De holle docht oeral sear,
it hert is oanein;
6fan top ta teil sit der gjin geef plak mear oan:
neat as bûden, seare steden en smertlapen,
dy’t net útknypt of ferbûn binne
en net mei oalje behannele.
7Jimme lân is in woestenij,
jimme stêden binne platbaarnd;
jimme ikkers – frjemden helje se leech
dêr’t jimme sels by binne,
krekt sa’n woestenij as Sodom doe’t
it ûnderste boppe keard wie.
8Dochter Sion is oerbleaun
as in hutte yn ’e wyngerd,
as in skûle op ’e meloene-ikker,
as in ynsletten stêd.
9Ja, as de Heare Almachtich
net inkelden fan ús oerlitten hie, –
dan hie it mei ús west as mei Sodom,
dan hienen wy lyk stien mei Gomorra!
Offers sûnder bekearing hawwe gjin doel
10Harkje nei it wurd fan de Heare,
jimme bestjoerders fan Sodom;
harkje goed nei de wet fan ús God, folk fan Gomorra!
11Wat haw Ik oan al dy fleisoffers fan jimme?
seit de Heare;
de rammen dy’t jim as offer baarne,
en it fet fan jimme keallen bin Ik mear as sêd;
it bloed fan bollen, lammen en bokken
stiet My tsjin.
12As jim komme en foar My ferskine,
wa hat jim derom frege
myn foarhôven plat te rinnen?
13Bring net langer ûnnutte moaloffers,
rûkoffers dêr’t Ik in ôfgriis fan haw;
dat nije moanne en sabbat hâlden
mei gearkomsten en al –
Ik kin dy plechtige ûngerjochtichheden net ferneare.
14Jimme nije moannen en feestdagen
Ik kin se net mear útstean,
se binne my ta in lêst wurden,
Ik haw der myn nocht fan se langer te ferdragen.
15Al steane jim mei de hannen omheech te bidden,
Ik sjoch der net nei;
al bidde jimme ek noch sa,
Ik wol der net nei harkje:
jim hannen sitte ûnder it bloed!
16Waskje jim, meitsje jim skjin!
Lit it út wêze mei jim kweadwaan,
lit My it net wer sjen!
Hâld op mei kweadwaan,
17lear goed te dwaan!
Sykje de gerjochtichheid,
nim it op foar de ferdrukte,
help de wees oan syn rjocht,
gean foar de widdo yn ’e pleit.
It moat oars!
18Kom dan en lit ús mei-inoar rjochtdei hâlde,
seit de Heare:
As dyn sûnden roetswart binne,
kinne se dan wer sniewyt wurde?
As se sa swart as de nacht binne,
kinne se dan wer sa wyt wurde as wolle?
19As jim mei ynmoed harkje,
dan sille jimme it goede fan it lân ite;
20mar as jim dwers bliuwe en it yn ’e kant sette,
dan sil it swurd jim fersline.
Dit binne de Heare syn eigen wurden.
It oardiel oer Jeruzalem
21Wat is it dochs in hoer wurden,
de stêd dy’t sa trou west hat,
dêr’t it rjocht syn honk hie,
en de gerjochtichheid wenne;
no hâlde der moardners ta!
22Dyn sulver sit ûnsuverens yn,
dyn wyn sit wetter troch.
23Dyn hege hearen binne oproerlingen,
se geane mei dieven op en út,
allegearre binne se gleon op geskinken,
en longerje se op beleannings.
De wees helpe se net oan syn rjocht,
en de widdo har saak litte se net foarkomme.
24Dêrom, sa is de godsspraak fan de Hear, de Heare Almachtich,
de Machtige oer Israel:
No is ’t út, Ik sil it op myn tsjinstanners ferhelje,
en wraak nimme op myn fijannen.
25Ik nim dy ûnder hannen:
Ik sil dy ûnsuverens fan dy derút lotterje,
en alle lead derút helje.
26Ik sil dyn rjochters wer meitsje, sa’t se earder wienen
en dyn riedslju as dy yn ’e begjintiid.
Dan silst wer stêd fan gerjochtichheid neamd wurde,
stins fan ’e trou.
27Yn it rjocht leit Sions behâld
en yn gerjochtichheid dat fan dy’t har bekeare.
28Mar de opstannigen en de sûnders
wurde mei-inoar fergruzele
en dy’t har fan de Heare ôfkeare,
is it gau mei ôfrûn.
Wat derfan oerbliuwt
29Wier, jim sille beskamme weikomme
mei de hillige ikebeammen
dêr’t jim sa wiis mei wienen,
en in kleur krije fanwegen de hôven
dêr’t jim it sin op set hienen.
30Want jim sille wurde as in terebint
dêr’t it blêd fan ferwile is,
en as in hôf
dat gjin wetter mear krijt.
31Dan wurdt de sterke as rûchlonte
en wat er docht wurdt de fûnk;
en dy tegearre komt in brân fan,
dy’t gjinien úteazje kin.