Natan en David
1Nei him stie Natan op,
dy profetearre yn ’e tiid fan David.
2Lykas fet by it tankoffer apart hâlden wurdt,
sa waard David apart set ûnder de Israeliten.
3Mei liuwen boarte er oft it bokjes wienen
en mei bearen lykas mei lamkes.
4Hat er as jongfeint al net in reus deaslein
en de skande fan it folk weinommen,
doe’t er de hân optilde mei de slingerstien
en dy opsprekker fan in Goliat fersloech?
5Hy rôp de Hear, de Allerheechste oan
en dy joech him de macht yn syn rjochterhân
om in machtich kriichsman sneuvelje te litten
en syn folk sterk te meitsjen.
6Sadwaande prizen de lju him om syn tsientûzenen,
hja sprieken fan him om de segeningen fan ’e Hear
en brochten him in earekroan.
7Want hy roege oan alle kanten de fijannen út
en ferneatige syn tsjinstanners, de Filistinen,
oan hjoed-de-dei ta hat er har machteleas makke.
8By alles wat er die, brocht er syn tank
oan de Hillige, de Allerheechste, mei loovjende wurden.
Ut syn hiele hert song er in lofliet
en hy hie syn Skepper leaf.
9Hy stelde psalmsjongers op foar it alter oer
om mei klear lûd prachtige lieten te sjongen.
10Hy joech oan ’e feesten har glâns
en brocht de heechtiden ta har folsleine gloarje,
as de minsken Gods hillige namme priizje
en it hillichdom al yn ’e iere moarn wjerklinke litte.
11De Hear hat syn sûnden weinommen
en him macht jûn foar ivich.
Hy hat him in bliuwend keningskip tasein,
in earetroan yn Israel.
Salomo wie tige wiis, mar letter gong it ferkeard
12Nei him kaam der in wize soan,
dy’t troch syn heit folop libje mocht.
13Salomo regearre yn in tiid fan frede,
God joech him rêst oan alle kanten,
dat er in hûs foar Gods namme bouwe koe
en in hillichdom foar altyd ynrjochtsje.
14Wat wienen jo yn jo jonge jierren al wiis,
as in rivier sa fol mei ferstân.
15Jo geast besloech de hiele ierde,
jo makken har fol mei riedselspreuken.
16Jo namme rekke bekend op kustlannen om fierrens
en jo waarden bemind om jo frede.
17Om jo lieten, spreuken en gelikenissen,
om jo antwurden hawwe hiele lannen oer jo fersteld stien.
18Yn ’e namme fan God de Hear,
dy’t de God fan Israel neamd wurdt,
hawwe jo goud en sulver byinoar brocht
as wie it tin en lead.
19Mar jo hawwe jo ôfjûn mei froulju
en binne in slaaf wurden fan jo lichem.
20Jo hawwe in smet op jo goede namme smiten
en jo neiteam ûnthillige,
dat jo brochten Gods grime oer jo bern
en dy hienen fertriet fan jo dwaasheid.
21Sa kaam der twadderlei hearskippij
en der kaam út Efraïm in opstannich keningskip op.
22Mar de barmhertichheid fan de Hear hâldt noait op,
Hy skrast noait ien fan syn wurden troch.
Hy roeget noait de bern fan syn útkarde út
en ferneatiget noait de neiteam fan dy’t Him leafhat.
Hy joech oan Jakob in oerbliuwsel
en joech oan David in woartel út Salomo.
23Salomo waard by syn foarâlden te rêsten lein
en hy liet as neiteam nei
de dwaaste fan syn folk, ien dy’t syn ferstân net hie,
Rechabeäm, dy’t it folk troch syn riedsbeslút ôffallich makke.
24Ek Jerobeäm, de soan fan Nebat, dy’t Israel ta sûnde brocht
en Efraïm it ferkearde paad opstjoerde.
It waard mei har sûnden hoe langer hoe slimmer,
dat se waarden út it lân weidreaun.
25Alderlei kwea fûnen se út,
mar op ’t lêst is de wraak oer har kommen.