Jozua en Kaleb
1Jozua, de soan fan Nûn, wie in grut kriichsman
en de opfolger fan Mozes yn it amt fan profeet.
Hy waard, lykas syn namme al seit,
de grutte rêder fan Gods útkard folk,
om wraak te nimmen op ’e fijannen dy’t opstien wienen,
dat hy Israel syn lân yn besit nimme litte soe.
2Wat in gloarje krige er, doe’t er de hannen opheve
en it swurd luts tsjin ’e stêden.
3Wa foar him hie sa hoekhâlden?
Hy focht de oarloggen fan ’e Hear.
4Hat syn hân de sinne net opkeard?
Waard doe ien dei net like lang as twa oare?
5Hy rôp de Allerheechste, de Almachtige, oan
doe’t de fijannen him rûnom benearen.
De grutte Hear hat him ferheard
mei hagelstiennen dy’t fûleindich delkamen.
6Hy makke de oarloch los tsjin dat folk
en doe’t se by de berch delkamen, ferdylge er de tsjinstanners,
dat de folken syn wapens kenne soenen
en witte soenen, dat se tsjin de Hear fochten.
7Hy folge ommers de Allerheechste.
Yn ’e dagen fan Mozes bewiisde er syn trou,
hy en Kaleb, de soan fan Jefûnne.
Dy gongen tsjin ’e gearkomste yn,
behinderen it folk te sûndigjen
en bêden it gemiene protteljen del.
8Dy beiden bleauwen behâlden
út in ploech fan seishûnderttûzen fuotgongers
om harren te bringen nei har erflik besit,
it lân dat oerrint fan molke en hunich.
9De Hear joech Kaleb krêft
en dy bleau him by oant op ’e âlde dei,
dat er de hichten fan it lân beklimme koe
en syn neiteam krige it as erflik besit.
10Sa koenen alle Israeliten sjen
dat it goed is, de Hear te folgjen.
De rjochters, benammen Samuël
11Ek wienen de rjochters dêr, elk foar oar ferneamd,
har hert waard net ûntrou
en hja wykten net fan de Hear ôf,
har oantinken moat segene wurde!
12Mei har biente nij libben útsprute litte út har grêf wei!
Dat har soannen har gelyk wêze meie
yn eare en goede namme.
13Samuël, in man dêr’t de Hear gâns mei op hie,
in profeet fan de Hear, stelde it keningskip yn
en salve regearders oer syn folk.
14Hy spriek rjocht oer it folk neffens de wet fan de Hear
en de Hear seach nei Jakob om.
15Troch syn trou die bliken, dat it in echte profeet wie
en oan syn wurden koe men witte, dat er in betrouber sjenner wie.
16Hy rôp de Hear, de Machtige, oan
by it offerjen fan it sûchlaam
doe’t de fijannen him rûnom benearen
17en de Hear liet it út ’e himel wei tongerje,
Hy liet syn lûd hearre mei in swiere slach.
18Hy roege de oanfierders fan ’e Tyriërs út
en alle foarmannen fan ’e Filistinen.
19Foardat er de ivige rêst yngong,
ferklearre er foar de Hear en syn Salvling oer:
Fan gjin minske haw ik lean oannommen,
net iens in sandaal.
En gjin minske hie wat tsjin him yn te bringen.
20Ja, nei syn ferstjerren hat er noch profetearre
en de kening oansein, hoe’t er oan syn ein komme soe.
Ut ’e ierde wei hat er syn lûd opkomme litten
as profeet, om it ûnrjocht fan it folk út te wiskjen.