Mozes en Aäron; Pinechas
1Ut it folk fan Jakob rôp de Hear in man dy’t yn ’e geunst stie,
ien dêr’t elkenien mei op hie,
bemind by God en minsken,
Mozes – segene is syn oantinken.
2Hy joech him like folle eare as de ingels
en makke him sa machtich, dat de fijannen waarden der bang fan.
3Op syn wurd makke Er in ein oan ’e wûnders,
Hy ferhearlike him foar it each fan keningen.
Hy joech him geboaden foar syn folk
en liet him in part fan syn hearlikheid sjen.
4Hy hat him (ta syn tsjinstfeint) wijd om syn leauwen en syn sêftmoedigens,
Hy hat him útkeazen út alle minsken.
5Hy liet him syn stimme hearre
en brocht him yn ’e tsjustere wolk.
Hy joech him persoanlik syn geboaden,
de wet fan libben en kennis,
om Jakob it ferbûn te learen,
Israel syn besluten.
6De Hear makke Aäron like heech en hillich as Mozes,
syn broer, út ’e stam fan Levy.
7Hy sleat in ivich ferbûn mei him
en makke him pryster oer it folk.
Hy makke him lokkich yn syn feestpronk,
en joech him prachtige klean te dragen.
8Hy klaaide him mei folsleine hearlikheid
en riste him út mei de tekens fan syn macht,
in broek, in mantel en in efod.
9Hy joech him in seame fan granaatappels,
wit-hoefolle goudene skiltsjes yn ’t rûnom
dy’t by elke stap rinkelen,
dat it lûd yn ’e timpel te hearren wêze soe
en syn lânslju dêroan tinke soenen.
10Hy joech him in hillich kleed te dragen fan goud en blau
en fan poarper, weverswurk,
it orakel, dat útwizing docht, de tekens fan ’e wierheid,
de skarlekken tried spûn troch in fakman,
11en kostbere stiennen, gravearre lykas in segel
yn gouden setting, – it wurk fan in goudsmid,
mei in ynskripsje om de tolve stammen fan Israel
yn oantinken te hâlden.
12In gouden kroane boppe op ’e mûtse,
mei it segel fan syn wijing dêr op oanbrocht.
Wat in hearlike pronk, wat in machtich stik wurk,
in lust foar de eagen, sa ryk fersierd.
13Sokssawat moais hie der yn ’e tiden foar him noait bestien,
yn ivichheid sil in bûtensteander se net oanlûke,
nee, inkeld syn soannen
en syn ôfstammelingen, foar altyd.
14Syn offers moatte yn har gehiel ferbrând wurde,
alle dagen twa kear, altyd troch.
15Mozes hat him wijd
en him salve mei hillige oalje;
dat waard him jûn as in ivich ferbûn
en syn neiteam, alle dagen fan ’e himel,
om de Hear te tsjinjen en tagelyk pryster te wêzen
en it folk te segenjen mei de Namme.
16Hy hat him út alle minsken útkeazen
om offers oan de Hear te bringen,
wijreek en swietreek ta oantinken,
om fersoening te dwaan foar syn folk.
17Hy joech him, neffens syn geboaden,
de macht om útslútsel te jaan oer it ferbûn,
om syn getugenissen oan Jakob te ûnderwizen
en Israel te ferljochtsjen mei syn wet.
18Kweagunders stienen tsjin him op,
hja setten it tsjin him yn ’e kant yn ’e woestyn,
de mannen fan Datan en Abiram,
it folk fan Koarach yn lilkens en grime.
19De Hear seach it en it sinnige Him min,
se waarden útroege troch syn gleone grime.
Hy die wûndertekens oan har
troch se te ferdylgjen mei syn lôgjend fjoer.
20Hy joech Aäron noch grutter eare
en beskikte him ynkomsten;
de earstelingen fan ’e nije fruchten parte Er him ta,
foar alles soarge Er, dat Aäron goed syn brea krige.
21Se meie ommers ek fan ’e offers fan ’e Hear ite,
dy’t Er Aäron en syn neiteam jûn hat.
22Mar yn it lân fan it folk hat er gjin erflik besit,
hy hat gjin diel mei it folk;
want de Hear is syn diel en syn erflik besit.
23Pinechas, de soan fan Eleäzar, is de tredde yn hearlikheid,
omdat er foar de eare fan de Hear opkommen is
en hoekhâlden hat doe’t it folk him ôfkearde,
moedich en beret as er wie.
Sa die er fersoening foar Israel.
24Dêrom waard der in fredeferbûn mei him sletten,
dat er it hillichdom en syn folk liede soe,
dat hy en syn neiteam
de prysterlike weardichheid yn ivichheid besitte soenen.
25Der kaam ek in ferbûn mei David,
de soan fan Isai út ’e stam fan Juda.
Mar de opfolging fan ’e kening giet allinne fan heit op soan,
en dy fan Aäron op syn hiele neiteam.
26De Hear mei jimme wysheid yn it hert jaan
om rjochtfeardich oer syn folk rjocht te sprekken,
dat it goede fan ’e foarâlden net ferlern gean mei
en har rom bliuwe mei oan ’e fierste neiteam ta.