1Dy’t de Hear foar eagen hâldt, dy treft gjin kwea,
nee, ek yn ’e besiking fynt er noch útkomst.
2In wiis man hat gjin hekel oan ’e wet
mar dy’t it der gjin tinken mei is, is as in skip yn in wynflap.
3In ferstannich man hat fertrouwen yn ’e wet,
de wet is foar him like betrouber as it befreegjen fan ’e orakelstiennen.
4Meitsje in taspraak mei sin klear, dan sil der nei dy harke wurde,
set dyn learing goed yninoar, dan silst antwurd krije.
5It tsjil fan in wein, sa is it fielen fan in dwaas
en as in rûndraaiende as is syn riddenearring.
6In freon dy’t de gek mei jin hat, is as in geile hynst,
hy wrinzget, likefolle wa’t derop sit.
Tsjinstellingen
7Wêrom stekt de iene dei boppe de oare út,
wylst de sinne dochs alle dagen fan it jier skynt?
8Yn Gods wysheid is der ûnderskie tusken makke;
Hy hat ferskil makke tusken tiden en feesten.
9Guon fan har hat Er heech en hillich makke,
oare hat Er by de gewoane dagen rekkene.
10Alle minsken komme út ’e ierdboaiem fuort,
út ’e ierde is Adam skepen.
11Yn syn grutte wysheid hat de Hear der ûnderskie tusken makke
en har ferskillende kanten útstjoerd.
12Guon fan har hat Er segene en ferhege,
guon hat Er hillige en ticht by Him komme litten.
Oaren hat Er ferflokt en fernedere
en wer fan har wenplak ôfjage.
13Lykas klaai yn ’e hân fan ’e pottebakker
– hy docht alles nei syn wolbehagen –
sa binne de minsken yn ’e hân fan har Skepper,
dy’t har leannet neffens syn oardiel.
14Foar it kweade oer stiet it goede,
foar de dea it libben,
sa stiet foar de fromme oer: de sûnder. [ 15]
Hoe’t Jezus Sirach himsels sjocht
16Ik bin as lêste ek wekker wurden,
as ien dy’t de oerbleaune fruchten ôfsiket achter de druveplôkers oan.
17Troch de segen fan ’e Hear bin ik op ’e tiid kommen
en ik makke de wynkûp fol mei fruchten.
18Begryp goed, dat ik net allinne foar myn eigen foardiel arbeide haw,
mar foar allegearre dy’t ûnderrjochte wurde wolle.
19Harkje nei my, oanfierders fan it folk:
lieders fan ’e gemeente, set de earen iepen.
Bliuw dyn eigen baas
20Jou dyn soan en dyn frou, dyn broer en dyn freon
gjin macht oer dysels, salang ast libbest;
jou dyn jild net oan in oar,
dat it dy letter muoit en do it weromfreegje moatst.
21Salang asto yn libben bist,
moatst dyn plak net oan in oar ôfstean.
22Want it is better dat de bern dy om wat freegje
as datsto dyn soannen nei de hannen sjen moatst.
23Watsto ek dochste, bliuw altyd de baas,
lit gjin smet op dyn goede namme komme.
24Op ’e dei dat it mei dyn libben op ’en ein rint,
op it stuit fan dyn dea silst it erfskip ferdiele.
Hoe mei jins slaven om te gean
25Foer en in stôk en fruchten hearre by in ezel,
brea en tucht en wurk by in slaaf.
26Lit dyn slaaf arbeidzje, dan hasto sels rêst;
ast him sûnder wurk litst, sil er besykje frij te kommen.
27In jok en in riem bûge (in okse) de nekke,
by in slaaf dy’t ferkeard wol, skroeven en pinigingen.
28Lit him stûf arbeidzje, dat er net liddich rint,
want liddichheid bringt sokken op alderlei ferkearde gedachten.
29Set him oan ’t wurk, sa’t him past,
en as er net hearre wol, lis him dan swiere fuotboeiens oan.
30Fergje fan gjin minske te folle
en doch neat dat ûnrjochtfeardich is.
31Ast in slaaf hast, behannelje him as dyn gelikens,
want do hast him mei swierfertsjinne jild betelle.
32Ast in slaaf hast, behannelje dy dan as dyn broer,
want do kinst him like min misse as dysels.
33Ast him ferkeard behannelst en hy nimt hakken op,
hokker kant moatst út om him te sykjen?