Hoe’t men de bern grut bringe moat
1Dy’t syn soan leafhat, moat him geregeld mei de swipe jaan,
dan sil er letter wille oan him belibje.
2Dy’t syn soan ûnder de tucht hâldt, hat letter profyt fan him,
dan sil er yn it selskip fan syn kunden heech fan him opjaan.
3Dy’t syn soan lessen jout, makket syn fijannen oergeunstich
en by syn freonen sil er oer him opsprekke.
4As de heit komt te ferstjerren, is it as wied er net wei;
want hy hat syn gelikens achterlitten.
5By syn libben wied er bliid dat er him seach,
en by syn dea wied er net ferslein.
6Hy lit ien achter om him op syn fijannen te wreekjen
en om syn freonen tank te bewizen.
7Dy’t syn soan ferpopket, ferbynt syn wûnen
en by elke skreau makket er him oerstjoer.
8In ûnbeleard hynder wurdt dwers
en in soan dy’t men oan ’t lot oerlit, wurdt in stiifkop.
9Helje dyn soan oan en hy set dy foar ferrassingen,
boartsje mei him, en hy docht dy skielk fertriet oan.
10Laitsje net mei him, ast gjin fertriet mei him belibje wolst,
do soest by einbeslút op ’e tosken knarse.
11Lit him gjin frij yn syn jeugd,
12jou him bruien, salang’t er jong is,
oars wurdt er dwers en wol net nei dy hearre.
13Hâld dyn soan ûnder de tucht en set him oan ’t wurk,
datst gjin lêst krijst fan syn wangedrach.
Sûnens en libbensfreugde
14Better in earmenien dy’t sûn en geef is,
as in rikenien dy’t mei sykten besocht is.
15Sûnens en gevens is mear wurdich as alle goud fan ’e wrâld
en in sterk lichem is mear wurdich as in ûnmjitlike rykdom.
16Der is gjin grutter rykdom as in sûn lichem
en der is gjin grutter blydskip as in fleurich hert.
17Better de dea as in ûngelokkich libben,
better de ivige rêst as in slepende kwaal.
18Oerfloed fan hearlikheden foar in mûle dy’t ticht bliuwt,
sa is it mei steapels iten dy’t op in grêf dellein wurde.
19Wat hat in ôfgodsbyld oan it offerjen fan fruchten?
Want hy yt der net fan en hy kin it ek net rûke.
Sa is it mei ien dy’t troch de Hear achterfolge wurdt!
20Hy sjocht der nei en suchtet
lykas in eunúch dy’t in jongfaam winne wol, dy suchtet ek.
21Jou dy net oer oan it fertriet
en pleagje dysels net mei prakkesaasjes.
22In fleurich sin is in minske’ libben,
blydskip jout jin in lang libben.
23Haw de gek mei dysels en treast dy,
en hâld it fertriet fier by dy wei;
want fertriet hat mannichien de ûndergong dien,
en men bespint der neat mei.
24Oergeunst en lilkens meitsje jins libben koarter,
soargen meitsje jin âld foar de tiid.
25In fleurich minske mei graach iten
en soarget wol dat er wat krijt.