Hoe’t men mei ierdske rykdom omgean moat
1Wekker lizze om jild, dêr tarre jin de lea fan wei,
soarch oer jild ferdriuwt de sliep.
2Soargen dêr’t men fan wekker leit, ferdriuwe de slûgens,
krektlyk as slimme sykte jin út ’e sliep hâldt.
3In rikenien skrept him útinoar om jild byinoar te klauwen,
mar hat er hjeljûn, dan yt er him sêd oan hearlike dingen.
4In earmenien skrept him útinoar yn in heukerich bestean,
mar hat dy hjeljûn, dan hat er noch syn gerak net.
5Dy’t it goud leafhat, dy sil ferkeard útkomme,
dy’t it om winst te dwaan is, rekket dêrtroch op ’e doele.
6Wat hat it goud al in minsken yn it ûngelok holpen,
se binne regelrjocht de ûndergong temjitte gien.
7Goud is in falstrik foar harren dy’t der har oan oerjûn hawwe
alle dwazen wurde dêryn fongen.
8Wat is dy rike gelokkich, dy’t sûnder lek of brek is,
en dy’t fan it goud net syn libbensdoel makke hat.
9Wa is it? Wy sille him lokwinskje,
want hy hat wûnders dien yn syn lân.
10Wa hat dizze proef trochstien en is slagge?
Dy mei dêr wol grutsk op wêze.
Wa koe fan it goede paad ôfgean en hat it net dien?
Wa koe it ferkearde dwaan en hat it litten?
11Syn foarspoed wurdt noch befestige
en de hiele gemeente sil it oer syn goeddwaan hawwe.
Oer feestfieren
12Sitsto oan in ryk-foarsjoene tafel?
Bear der dan net sa fan
en sis net: Wat stiet dêr in soad op!
13Betink dat it in minne oanwenst is, begearich om jin hinne te sjen.
Hokker skepsel is gemiener as it each?
Dêrom lit it de triennen oer it hiele gesicht rinne.
14Stek dyn hân net út nei dingen dêr’t in oar nei sjocht,
taast net tagelyk mei him yn ’e skûtel.
15Beoardielje in oar neffens dysels
en brûk by alle dingen dyn ferstân.
16Yt as in hear fan alles wat dy foarset is,
en haffelje der net op om, want dat jout argewaasje.
17Hâld út fatsoen as earste op,
yt net te roppich, want dêr stroffelje de lju oer.
18En ast yn in grut selskip sitst,
betsjinje dysels dan net as earste.
19Wat is in minske dy’t goed opbrocht is, mei in bytsje tefreden!
En as er op bêd leit, hoecht it him net te besetten.
20Dy’t mei ferdrach iten hat, sliept as in roas,
hy giet der ier ôf, en hy is fuortynienen klear wekker.
Lêst fan wekker lizzen, mislikheid
en krampen hat de roppige.
21En asto der net foarwei kinst om folle te iten,
gean der dan út om te spuien, dan bekomt it wol.
22Harkje nei my, myn soan en ferachtsje my net,
letter silst myn wurden ferstean.
Watst ek dochste, doch dat redsum
en gjin kwaal sil dy beneikomme.
23In rejale gasthear wurdt heech fan opjûn,
de rop fan syn goedens is net om ’e nocht.
24In krinterige gasthear hat de hiele stêd wat op te sizzen,
de rop dy’t der fan syn deunens giet, is fertsjinne.
25Hingje net de grutkeardel út troch dy te bedrinken,
want de drank hat al mannichien de ûndergong dien.
26De oven keurt it stiel by it hurdzjen,
sa docht de drank útwizing oer it aard as opskeppers deilis binne.
27De wyn is as it libben foar de minske,
ast him mei mjitte drinkst.
Wat is it libben as men gjin wyn hat?
Dy is makke om de minsken fleurich te meitsjen.
28Wyn bringt fleur en blydskip,
as men dy op syn tiid, en net tefolle, drinkt.
29In soad wyn drinke bringt ellinde,
mei argewaasje en wraaknimming.
30Dronkenskip makket in dwaas noch helte grimmitiger ta syn eigen skea,
dy ûntnimt him syn macht en besoarget him smertlapen.
31Jou dyn maat gjin skrobbearring by in wynfeest
en doch net út ’e hichte tsjin him as er fleurich is.
Doch him gjin ferwiten
en tergje him net troch jild werom te freegjen.