Earje jimme âlden
1Bern, harkje ris nei jimme heit
en doch nei myn wurden, dat jimme behâlden wurde.
2Want de Hear ferhearliket de heit yn syn bern
en befestiget it rjocht fan ’e mem op har soannen.
3Dy’t syn heit earet, dy wurde de sûnden ferjûn,
4en dy’t syn mem heech hâldt, is lykas ien dy’t skatten opgarret.
5Dy’t syn heit earet, syn bern sille him ek bliid meitsje,
en as er bidt, sil er ferheard wurde.
6Dy’t syn heit heech hâldt, krijt in lang libben,
dy’t nei de Hear harket, jout syn mem rêst.
7Hy tsjinnet syn âlden lykas syn bazen.
8Earje jimme heit mei wurd en died,
dan sil syn segen oer dy komme.
9Want de segen fan in heit set de huzen fan ’e bern fêst,
mar de flok fan in mem skuort de fûneminten út.
10Gean net grut op ’e skande fan jimme heit,
want de skande fan dyn heit is neat om grut op te gean.
11De rop dy’t fan in minske giet, hinget ôf fan de achting dy’t men foar syn heit hat,
en in mem dy’t ferachte wurdt, is in skande foar de bern.
12Bern, soargje foar jimme heit op syn âlde dei,
en doch him gjin fertriet, salang as er libbet.
13Ek as syn ferstân minder wurdt, nim it him net kwea.
Ferachtsje him net, no’st yn dyn folle krêft bist.
14Want asto jimme heit goed dochst, sil dat net fergetten wurde
en it sil de skea fan dyn sûnden ferhelpe.
15Asto yn swierrichheden komst, wurdt der om dy tocht;
as snie foar de sinne wurde dyn sûnden wei.
16Dy’t syn heit sitte lit, is gelyk oan in Godslasterer
en dy’t syn mem lilk makket, is ferflokt fan ’e Hear.
Wês beskieden
17Myn soan, doch dyn dingen yn alle beskiedenheid,
en elk dy’t by God yn ’e geunst stiet, mei dy lije.
18Wat heger ast stiest, namste mear moatsto dy fernederje,
dan silsto by de Hear yn ’e geunst komme.
20Want grut is de macht fan ’e Hear,
de nederigen ferhearlikje Him.
21Undersykje net wat te slim foar dy is
en fiskje net út, wat dy boppe de macht giet.
22Wat dy opdroegen is, tink dêr oer nei;
ferburgen dingen hasto neat gjin ferlet fan.
23Fergriem dyn krêften net op wat dyn taak net is,
want do meist dochs al mear witte as dat in minske begripe kin.
24Wit-hoefolle lju binne troch har ferbeelding op ’e doele brocht
en kweabetinken hat har gedachten fan ’t spoar brocht.
26In wreed minske sil it by einbeslút ferkeard mei ôfrinne
en dy’t it gefaar siket, sil der troch omkomme.
27In wreed minske krijt it swier te ferantwurdzjen,
en de sûnder loeget de iene sûnde op ’e oare.
28Foar it ûngelok fan ’e heechmoedige is der gjin betterskip,
want de plant fan ’e ferkeardens is yn him bewoartele.
29In ferstannich minske oertinkt spreuken,
en de wize begeart in harkjend ear.
Wês goed foar de earmen
30Wetter dôvet lôgjend fjoer út
en in woldied fersoenet jins sûnden.
31Dy’t woldieden beleannet, tinkt oan ’e takomst,
op it stuit dat sa’n ien falt, sil er stipe fine.