Stean fêst yn dyn skuon
1Myn soan, asto dy derop útleist om de Hear te tsjinjen,
meitsje dysels dan klear op ’e oanfjochting.
2Wês rjochtút en hâld dy sterk
en reitsje net fan ’e wize, as dy wat oerkomt.
3Hâld dy oan Him fêst, wyk dêr net fan ôf dan wurdst by einsluten priizge.
4Nim alles oan, wat oer dy komt
en wês geduldich al is dyn nederich bestean ek noch sa wif,
5want goud wurdt yn fjoer lottere
en minsken dy’t God sinnigje, yn ’e oven fan ’e fernedering.
6Betrou op God, dan sil Er dy helpe;
gean op rjochte paden en hoopje op Him.
7Jimme dy’t de Hear foar eagen hâlde, wachtsje op syn ûntferming,
gean net fan it goede paad ôf, dat jimme net falle.
8Jimme dy’t de Hear foar eagen hâlde, betrou op Him,
dan sil jimme lean jim net ûntkomme.
9Jimme dy’t de Hear foar eagen hâlde, hoopje op goede dingen,
op duorjende blydskip en ûntferming.
10Tink oan ’e generaasjes fan lang ferlyn en sjoch:
is der oait ien beskamme útkommen, dy’t op ’e Hear betroude?
Is der oait ien oan syn lot oerlitten, dy’t Him aloan foar eagen hâlde?
Hat Hy oait ien net achtslein, as er Him oanrôp?
11Want de Hear is barmhertich en genedich,
Hy ferjout de sûnden en rêdt as men beneare wurdt.
12Wee de benaude herten en de sloppe hannen,
en de sûnder dy’t fan twa wallen yt.
13Wee it sleauwe hert, omdat it gjin betrouwen hat;
dêrom fynt it gjin beskerming.
14Wee jimme, dy’t de moed ferlern hawwe;
wat moatte jimme dwaan, as de Hear komt om ûndersyk te dwaan?
15Dy’t de Hear foar eagen hâlde, slagge syn wurden net yn ’e wyn:
dy’t Him leafhawwe, bliuwe aloan op syn wegen.
16Dy’t de Hear foar eagen hâlde, besykje it Him nei ’t sin te dwaan
en dy’t Him leafhawwe, binne fol fan syn wet.
17Dy’t de Hear foar eagen hâlde, steane foar Him klear
en fernederje harsels foar Him.
18Lit ús mar yn ’e hannen fan ’e Hear falle
en net yn ’e hannen fan minsken,
want like grut as syn majesteit is,
sa grut is syn barmhertichheid ek.