De grutte God en de lytse minske
Hy dy’t ivich libbet, is de Skepper fan it hielal;
de Hear allinne sil gelyk krije. [ ]
Oan net ien jout Er frij om syn dieden te ferklearjen;
wa sil syn grutte dieden neispeure?
Wa sil syn majesteitlike macht berekkenje
en wa sil boppedat fan syn ûntferming ferhelje?
Men kin der neat oan ôf- of tadwaan,
men kin de wûnderwurken fan ’e Hear net neispeure.
As in minske der klear mei is, stiet er noch mar oan it begjin
en as er der mei ophâldt, is dat omdat er deryn ferslacht.
Wat is in minske, en wêr doocht er ta?
Wat betsjutte syn goede en kweade dieden?
Syn libbenstiid – hûndert jier op syn meast.
As in drip wetter fan ’e see en in kerl sân,
sa’n bytsje betsjutte dy jierren op in dei fan ’e ivichheid.
Dêrom hat de Hear begrutsjen mei harren
en jit Er syn barmhertichheid oer harren út.
Hy sjocht en wit dat it net sa bêst mei harren ôfrinne sil;
dêrom jout Er syn fersoening rom bod.
In minske is barmhertich foar wa’t him it neist stiet;
de Hear is barmhertich oer al syn skepsels;
Hy straft se en fiedt se op en beleart se
en bringt se werom as in skeper syn keppel.
Mei harren dy’t de tucht oannimme, hat Er begrutsjen,
mei harren dy’t har gewillich ûnder syn besluten deljouwe.
Pak de saak ferstannich oan
Myn soan, meitsje gjin ferwyt, wylsto ien goed dochste,
en bedjer noait in presintsje mei wurden dy’t sear dogge.
Makket de dauwe net in ein oan ’e baarnende hjitte?
Sa kin in wurd mear dwaan as in presintsje.
Ja, is in goed wurd net fan mear belang as in goede jefte?
Mar in man dy’t yn ’e geunst stiet jout beide.
In dwaas makket ûntankbere ferwiten
en as in oergeunstigen wat jout, raant it each yn triennen.
Lit dy ûnderrjochtsje, eardatst sels it wurd nimst,
en nim dyn foarsoargen, foardat de sykte komt.
Undersykje dysels, foardat it oardiel komt;
dan silst, as de besiking komt, fersoening fine.
Fernederje dy, earst siik wurdst,
jou bewizen fan bekearing sa gau ast sûndige hast.
Lit neat dy ferhinderje om op ’e tiid dyn geloften nei te kommen;
wachtsje net oan ’e dea ta om it yn oarder te krijen.
Betink dy goed, eardatst in gelofte dochst,
en wurd net in minske dy’t de Hear útdaget.
Tink oan ’e grime dy’t jin wachtet by de dea,
as de tiid fan ôfrekkenjen komt, en Hy keart Him fan dy ôf.
Tink oan ’e krappe tiid, ast noch yn ’e folop sitst,
tink oan earmoed en gebrek, salang ast ryk bist.
Yn ien dei tiid kin alles feroarje,
by de Hear kin alles tige hurd.
In wiis man nimt him by alles yn acht
en as de sûnde hearsket, past er op foar it kwea.
Elk ferstannich minske leart de wysheid kennen,
en oan ien dy’t de wysheid fûn hat, jout er syn komplemint.
Dy’t ferstân fan spreuken hawwe, libje sels ek wiis
en litte in stream fan treflike wurden floeie.
Selsbehearsking
Gean dyn eigen begearte net achternei,
byn dyn lusten yn.
Asto tajoust oan alle begearte dy’t mar by dy opkomt,
dan hawwe aanst dyn fijannen wille om dy.
Haw gjin nocht oan gâns gastjen en brasjen
lit dy net bine oan sok selskip.
Meitsje gjin bidler fan dysels troch te feestjen fan liend jild,
wylsto sels neat yn ’e bûse hast.