1Ien dy’t oan ’e drank is, bedijt neat mei syn arbeidzjen;
dy’t net op ’e lytskes past, rekket njonkenlytsen oan leger wâl.
2Wyn en froulju bringe ferstannige lju op ’t ferkearde paad,
dy’t it mei huorren en snuorren hâldt, rekket linkendewei syn skamte kwyt.
3Fergonklikheid en wjirmen wurde baas oer him,
dat er sa skamteleas is, wurdt syn ûndergong.
Gean net op losse praatsjes ôf
4Dy’t goed fan fertrouwen is, is lichtsinnich,
dy’t him dêr skuldich oan makket, stiet tsjin himsels.
5Dy’t nocht hat oan it ferkearde wurdt feroardiele,
6mar dy’t in hekel hat oan rabjen, sil it der net minder om gean.
7Fertel losse praatsjes noait fierder,
dêr silst gjin skea fan hawwe.
8Ferhelje it net oan freon of fijân
en as it swijen dy net skuldich makket, bring it dan net oer.
9Want stel dat er dy heard hat, dan is er foar dy op syn iepenst
en as er de kâns krijt, nimt er wraak.
10Hast wat grútsjen heard? Nim it mei yn it grêf.
Haw mar gjin noed, der sil dy neat fan oerkomme.
11In dwaas dy’t in geheim wit, krijt de fleagen
krektlyk as in frou dy’t in bern hawwe moat.
12Lykas in pylk dy’t yn it bil fêstsketten is,
sa sit it geheim yn it lichem fan in dwaas.
13Freegje dyn freon derop nei, oft er it soms ek dien hat,
en as er wat dien hat, lit him der net mei trochgean.
14Freegje dyn neiste derop nei, oft er it soms ek sein hat,
en is dat it gefal, lit him it net wer sizze.
15Freegje dyn freon derop nei, want der is gauris kwealaster yn ’t spul,
leau net alles wat der beweard wurdt.
16Der ûntfalt jin soms wat sûnder euvelmoed,
ja, wa syn tonge is altyd frij fan skuld?
17Freegje dyn neiste derop nei, earst begjinst te driigjen,
en lit de wet fan ’e Allerheechste jilde. [18en 19]
Echte en sabeare wysheid
20De folle wysheid is: de Hear foar eagen te hâlden
en yn ’e folle wysheid wurdt de wet neikommen.
22De kennis fan it ferkearde is gjin wysheid
en dêr’t de sûnders rieplachtsje is gjin ferstân.
23Der is fernimstigens, dy’t in skande is
en der binne dwazen, dy’t it oan wysheid ûntbrekt.
24It is better ûntsach te hawwen en te min ferstân
as dat men ynsjoch by de rûs hat en tsjin de wet yngiet.
25Der is in tûke fernimstigens, dy’t dochs net rjocht is,
der binne guods dy’t har ferhurdzje om gelyk te krijen foar it rjocht.
26Guon rinne yn ’t swart mei de holle foardel, wylst se it ferkearde dogge,
mar it is by har fan binnen allegearre bedroch;
27se hawwe de holle foardel en hâlde har doof,
mar as net ien it yn ’e rekken hat binne se dy te fluch ôf;
28en as se om har swakte net sûndigje kinne,
sille se kwea dwaan, as se in kear de kâns sjogge.
29Men ken in minske oan syn eachopslach,
men ken in ferstannigenien as men him oansjocht.
30De klaaiing fan in man en it laitsjen fan syn mûle
en de gong fan in minske fertelle hoe’t it der mei him foarstiet.