1Dy’t de Hear foar eagen hâldt, docht dat allegearre,
dy’t de wet yn ’e macht hat, krijt wysheid.
2Dy komt him temjitte as in mem,
se ûntfangt him as in frou dy’t noch faam is.
3Se sil him it brea fan it ferstân taparte
en him it wetter fan ’e wysheid te drinken jaan.
4Hy hat steun oan har, dan sil er noait falle,
hy hâldt har beet, dan wurdt er noait beskamme.
5Se set him heger as de minsken om him hinne,
midden yn ’e gearkomste jout se him de wurden yn ’e mûle.
6Blydskip en in freugdekrânse krijt er,
in ûnfergonklike namme wurdt syn diel.
7Domme minsken sille har noait begripe,
sûndige minsken sjogge har net iens.
8Se hâldt har op in distânsje fan heechmoed
en minsken dy’t lige, tinke net oan har.
9Yn ’e mûle fan in sûnder is in lofliet net op syn plak,
want syn útgongspunt is net by de Hear.
10Want yn wysheid heart in lofliet útsprutsen te wurden,
en de Hear lit it bedije.
De minske kin sels kieze
11Sis net: De Hear hat it dien, dat ik fan ’t goede paad ôfrekke bin,
want dêr’t de Hear in ôfkear fan hat, dat docht Er net.
12Sis net: Hy hat my sels op ’e doele brocht;
Hy hat ommers gjin ferlet fan in sûndich minske.
13De Hear hatet alle grouweldieden,
en dy’t Him foar eagen hâlde, hawwe dêr ek neat mei op.
14Yn it begjin hat Hy de minske makke,
en him de mooglikheid jûn om sels te besluten.
15Ast wolste, kinste dy oan ’e geboaden hâlde
en nei dyn behagen al of net trou bliuwe.
16Hy hat fjoer en wetter foar dy delset;
do meist sels witte, wêrst de hân ynstekke wolst.
17Libben en dea lizze foar de minske klear,
hy kin krije wat er leafst wol.
18Want de wysheid fan ’e Hear is grut;
Hy is sterk yn macht en sjocht alles,
19syn eagen rêste op harren dy’t Him foar eagen hâlde,
en Hy slacht acht al wat de minske docht.
20Hy hat net ien opdroegen om goddeleas te wêzen,
en Hy hat gjin ien frij jûn om te sûndigjen.