Wa is gelokkich?
1Wat is in minske gelokkich, as him gjin ûnberet wurd ûntkomt
en as him gjin berou oer syn sûnden pleaget.
2Wat is hy gelokkich, dy’t himsels neat te ferwiten hat
en syn hoop net kwytrekke is.
Ierdske rykdom
3Foar ien dy’t deun is, hat rykdom gjin nut,
ja, wat hat in gjirrich minske oan jild?
4Dy’t it himsels út ’e mûle sparret, sparret it foar oaren,
fan syn besit sille oare lju tarre en smarre.
5Hoe kin in minske no sunich wêze foar himsels en rejaal foar oaren?
Dan hat er net ienris wille fan syn jild.
6Der is gjin minder as dat in minske himsels neat gunt,
hy moat it sels belije dat er de saak ferkeard oanpakt hat.
7As er wat goeds docht, docht er it by fersin
mar by einsluten komt it wol út, hoe ferkeard as er is.
8In dogeneat is hy, dy’t oergeunstich om him hinne sjocht,
dy’t sa grutsk is dat er de minsken net oansjen wol.
9Dy’t in grut each hat, syn part belytset him altyd,
troch slimme oergeunst fertoarret de siel.
10In nepert fergunt in oar syn brea
en hat sels neat op ’e tafel.
11Bern, nim it der fan, sa fier as it dy barre mei,
en bring de Hear dyn offers sa’t it heart.
12Ferjit net, dat de dea gjin tiid docht;
dyn kontrakt mei it deaderyk ha se dy net ynsjen litten.
13Behannelje dyn freon goed foar dyn ferstjerren,
wês goederjousk tsjin him, safolle asto kinst.
14Lit dyn goede dagen dy net ûntkomme
en lit de kâns net slûpe om yn ’e fatsoenlikens te genietsjen.
15Do wolst dochs in oar net neilitte wêrst sels foar wrotten hast
en it lean foar dyn wurk, dat oaren derom lotsje sille?
16Jou en nim; lit dysels net lije,
want yn it grêf kin men gjin weelde ferwachtsje.
17Al wat libbet, ferslyt lykas in kleed;
want fan âlds jildt de wet: Elk moat stjerre.
18Lykas griene blêden oan in tichtbewoeksen beam,
dêr’t guon ôffalle, oaren wer oangroeie,
sa geane de geslachten fan fleis en bloed foarby,
it iene stjert ôf, it oare komt oan.
19Alle minskewurk ferfalt en fergiet,
en dy’t it makke hat, giet deselde wei.
Omgong mei de wysheid
20Wat is de man gelokkich, dy’t oer de wysheid neitinkt
en dy’t mei ferstân riddenearret,
21de man dy’t de wegen fan ’e wysheid by himsels neigiet
en har geheimen ferstiet.
22Gean achter har oan as in speurder,
beloer har op plakken dêr’t se lâns komt.
23Dy’t him foaroerbûcht om troch har finsters te sjen
en by har oan ’e doarren stiet te harkjen,
24dy’t him deljout deun by har hûs
en syn tintpinne by har yn ’e muorre fêstslacht,
25syn tinte opslacht ûnder har berik,
en him deljout dêr’t it goed is,
26dy set syn bern ûnder har hoede,
hy wennet ûnder har tûken;
27se jout him beskûl foar de hjitte,
hy jout him del yn har gloarje.