Libben yn ’e Geast
1Dêrom kinne no wa’t yn mienskip mei Kristus Jezus libje, net feroardiele wurde. 2Want de wet fan ’e Geast, dy’t it libben yn mienskip mei Kristus Jezus jout, hat my frijmakke fan ’e wet fan ’e sûnde en fan ’e dea. 3Wat de wet net koe, om’t dy machteleas wie fanwegen ús ferdoarn aard, dat hat God dien. Hy hat om de sûnde te oerwinnen syn eigen Soan stjoerd, as gelikens fan ’e sûndige minske. En sa hat Er yn ’e minsklike natuer de sûnde feroardiele. 4Hy die dat mei it doel dat oan ’e eask fan ’e wet foldien wurde soe troch ús dy’t net neffens it ferdoarne aard libje, mar neffens de Geast.
5Want wa’t libje sa’t it aard har dat ynjout, binne begien op ’e dingen fan dat aard. Mar wa’t libje sa’t de Geast har dat ynjout, binne begien op ’e dingen fan ’e Geast. 6Wêr’t de ferdoarne minske op begien is, dat is de dea; wêr’t de Geast op begien is, dat is libben en frede. 7Want wêr’t de minske op begien is, dat is fijânskip tsjin God. Hy jout him net ûnder Gods wet del, hy kin dat net iens. 8Wa’t neffens har ferdoarn aard libje, kinne God net nei’t sin wêze. 9Mar jimme binne net yn ’e macht fan jim ferdoarn aard, mar yn dy fan ’e Geast, sa wis as Gods Geast yn jim tahâldt. Mar as ien de Geast fan Kristus net hat, dan is er net fan Him. 10As Kristus no yn jimme wennet, dan is it lichem wol dea fanwegen de sûnde, mar de geast is libben fanwegen de gerjochtichheid. 11En as de Geast fan God dy’t Jezus út ’e deaden opwekke hat, yn jimme wennet, dan sil Hy dy’t Kristus út ’e deaden opwekke hat, ek jimme stjerlike lichems libben meitsje troch syn Geast dy’t yn jimme wennet.
12Myn bruorren, wy steane dus yn ’e skuld, mar net by ús ferdoarn aard om te libjen sa’t dat it ús ynjout. 13Want as jimme libje sa’t dat aard it jimme ynjout, dan sille jim stjerre. Mar as jimme troch de Geast mei de praktiken fan it lichem ôfweve, dan sille jim libje. 14Want allegearre dy’t har troch Gods Geast liede litte, binne bern fan God. 15Jimme hawwe ommers net in Geast krige dy’t slaven fan jimme makket, dat jim wer bang wêze soenen. Mar jimme hawwe de Geast krige, dy’t bern fan God fan jim makket. Troch Him roppe wy it út: Abba, Heit! 16Krekt dy Geast leit mei ús geast ferklearring ôf dat wy bern fan God binne. 17As wy no syn bern binne, dan binne wy ek syn erfgenamten: erfgenamten fan God en erfgenamten-mei fan Kristus. Want as wy mei Him lije, dan is dat, om ek mei Him ferhearlike te wurden.
De hearlikheid dy’t komt
18Ik bin der wis fan, dat al ús lijen fan no neat te betsjutten hat by de hearlikheid dy’t iepenbiere wurde sil. 19Want de hiele skepping wachtet, ja, longeret derop, dat oan it ljocht komt, wa’t Gods bern binne.
20De skepping is ommers ûnder de sinleazens rekke, net út eigen frije wil, mar om’t Hy dy’t har ûnderwurpen hat, it sa woe. Mar der bliuwt hope. 21Want de skepping sels sil befrijd wurde út ’e slavernij oan ’e fergonklikheid om ta de frijheid te kommen dy’t heart by de hearlikheid fan Gods bern. 22Want wy witte dat de hiele skepping oant no ta mei-inoar stint en yn ’e fleagen leit as in frou dy’t in bern kriget.
23En net allinnich de skepping, mar ek wysels, dy’t de Geast as earste jefte krige hawwe, suchtsje yn ússels. Wy wachtsje der noch op, dat God ús ta syn bern makket en ús ierdske bestean befrijt. 24Want troch de hope binne wy behâlden. Mar as men al sjocht dêr’t men op hopet, dan is it gjin hope mear. Want wa hopet noch op wat er al sjocht? 25Mar as wy hoopje op wat wy noch net sjogge, dan wachtsje wy der geduldich op. 26Krektsa springt de Geast ús yn ús swakkens by. Want wy witte net ienris wat wy neffens rjocht bidde moatte, mar de Geast sels pleitet foar ús mei suchten dêr’t gjin wurden foar te finen binne. 27En God, dy’t de minsken oant yn it hert sjocht, wit wêr’t de Geast op begien is: dat Er neffens Gods bedoeling foar hilligen yn ’e pleit giet.
28Wy witte ommers dat foar harren dy’t God leafhawwe, alles te’n goeden meihelpt! Hy hat har roppen, sa’t Er dat foar Him nommen hie. 29Want dy’t Er tefoaren útkeazen hat, dy hat Er ek tefoaren derta ornearre om it sprekkend evenbyld fan syn Soan te wurden. Want Dy moat de âldste wêze ûnder gâns bruorren. 30Dy’t Er tefoaren derta ornearre hat, dy hat Er ek roppen. Dy’t Er roppen hat, dy hat Er ek frijsprutsen en dy’t Er frijsprutsen hat, dy hat Er ek ferhearlike.
Gods leafde
31Wat sille wy dêr no noch mear fan sizze? As God foar ús is, wa sil dan tsjin ús wêze? 32Hy sels hat syn eigen Soan net sparre, mar Him foar ús allegearre oerlevere – hoe soe Er ús mei Him dan net alles út genede jaan? 33Wa sil wat ynbringe tsjin harren dy’t God útkeazen hat? God sels is it dy’t har frijsprekt, wa sil har feroardielje? 34Kristus Jezus is it dy’t stoarn is, mear noch, dy’t ek opwekke is, dy’t sit oan Gods rjochterhân en ek foar ús yn ’e pleit giet. 35Wa sil ús skiede fan ’e leafde fan Kristus? Benearing of benaudens of ferfolging of honger of neakenens of gefaar of it swurd? 36Sa’t der beskreaun stiet:
Om Jo binne wy oanienwei faai,
wurde wy oansjoen foar slachtskiep.
37Mar by dat allegearre oerwinne wy mei glâns en gloarje troch Him dy’t ús syn leafde sjen litten hat. 38Want ik bin derfan oertsjûge, dat noch dea noch libben, noch ingelen noch boppe-ierdske hearskers, noch hjoed noch takomst, noch oare machten, 39noch hichte noch djipte, noch watfoar oar skepsel ek, ea ús skiede kin fan Gods leafde yn Jezus Kristus, ús Hear.