In fergeliking mei it houlik
1Of witte jimme net, bruorren – ik haw it ommers tsjin minsken dy’t de wet kenne – dat de wet allinne mar oer in minske wat yn te bringen hat, sa lang as er libbet? 2In troude frou bygelyks is troch de wet oan har man bûn, sa lang as dy libbet; mar rekket er wei, dan is se frij wurden fan ’e wet dy’t har oan him bûn. 3Hja sil in troubrekster neamd wurde as se in oare man sines wurdt, wylst har eigen man noch libbet. Mar is har man wei, dan is se troch de wet net mear bûn. As se dan in oar sines wurdt, is se gjin troubrekster. 4Sa binne ek jimme, myn bruorren, stoarn foar de wet troch (de dea fan) it lichem fan Kristus om in oar sines te wurden: eigendom fan Him dy’t út ’e deaden opwekke is, dat wy frucht jaan soenen foar God. 5Want doe’t wy neffens ús minsklik aard libben, wurken yn ús (lichem) de sûndige hertstochten dy’t de wet oproppen hie, en dy joegen frucht foar de dea. 6Mar no binne wy befrijd fan ’e wet, want wy binne stoarn foar wat ús earst yn ’e macht hie. No tsjinje wy God yn de nije bedieling fan ’e Geast en net mear yn de âlde fan ’e (skreaune) wet.
De sûnde dy ’t yn ús wennet
7Wat sille wy dan sizze? Is de wet sûnde? Ut-noch-yn net. Mar ik soe net witten hawwe wat sûnde is, oars as troch de wet. Want ik soe net witten hawwe wat begearte is, as de wet net sei: Do meist net begeare. 8Mar de sûnde hat syn kâns grypt, dy’t it gebod him joech, en hat yn my allerhanne begearten oproppen. Want as der gjin wet is, is de sûnde dea. 9Wat my oanbelanget: eartiids libbe ik sûnder wet. Mar doe’t it gebod kommen is, is de sûnde begûn te libjen, 10mar iksels bin stoarn. En sa hat bliken dien dat it gebod, dat my it libben bringe moast, my de dea dien hat. 11Want de sûnde hat syn kâns grypt, dy’t it gebod him joech, om my op ’e doele te bringen en my troch it gebod de dea te dwaan. 12Sa is dan de wet hillich en it gebod hillich en rjochtfeardich en goed. 13Is dan wat goed is, myn dea wurden? Ut-noch-yn net. Mar de sûnde hat troch wat goed is, my de dea dien om wierliken as sûnde oan it ljocht te kommen en om de sûnde noch helte sûndiger wurde te litten troch it gebod.
14Want wy witte dat de wet fan Gods Geast komt, mar ik bin in sûndich minske, as slaaf ferkocht oan ’e sûnde. 15Ik wol (sels) neat witte fan wat ik doch. Want ik doch net wat ik graach wol, mar dêr’t ik in ôfgriis fan haw, dat doch ik. 16As ik no doch wat ik net (graach) wol, stim ik de wet mei en ferklearje dat dy goed is. 17Dus bin ik net mear de man dy’t it docht, mar de sûnde dy’t yn my tahâldt. 18Want ik wit dat yn my, dat is yn myn ferdoarn aard, neat gjin goeds wennet. Want it goede foarnimmen is der wol, mar ik kin it net útfiere. 19Want ik doch net it goede dat ik (dwaan) wol, mar it kweade dat ik net (dwaan) wol, dat doch ik. 20As ik no doch wat ik net wol, dan bin ik net mear de man dy’t it docht, mar de sûnde dy’t yn my wennet. 21Ik kom dus ta dizze regel yn my: As ik it goede dwaan wol, komt krekt it ferkearde ta stân. 22Yn myn inerlik stim ik Gods wet fleurich mei. 23Mar ik sjoch dat yn myn lichem in oare wet is, dy’t striidt tsjin ’e wet dy’t fan myn ferstân útgiet en my folslein yn ’e macht bringt fan ’e wet dy’t myn lichem behearsket, dy’t fan ’e sûnde útgiet. 24Ungelokkich minske dat ik bin! Wa sil my befrije út it lichem dat yn ’e macht fan dy dea is? 25Tank oan God! Dat docht Jezus Kristus, ús Hear! Sa is it dan no: Sels tsjinje ik mei it ferstân Gods wet, mar mei myn ferdoarn aard de wet fan ’e sûnde.