Iepenbiering 20
It tûzenjierrich bestân
1Doe seach ik in ingel út ’e himel delkommen, hy hie de kaai fan ’e ôfgrûn en in grut keatting yn ’e hân. 2Hy griep de draak, de âlde slange, dat is de duvel, de satan, en sloech him yn ’e boeiens foar tûzen jier. 3Hy keilde him yn ’e ôfgrûn en skoattele dy ôf en fersegele dy boppe him, dat er de folken net mear op ’e doele bringe soe, ear’t de tûzen jier om wienen; dêrnei moat er noch foar in koart skoft loslitten wurde.
4En ik seach troanen; guon gongen dêr op sitten, dy mochten oardielje. Ik seach ek de sielen fan har dy’t de holle ôfslein wie om it getugenis fan Jezus en om Gods wurd, en dy’t it beest en syn byld net fereare hienen en it merk net op ’e foarholle en op ’e hân sette litten hienen; se waarden wer libben en hearsken as keningen mei Kristus tûzen jier lang. 5De oare deaden waarden earst wer libben doe’t de tûzen jier om wienen. Dat is de earste opstanning.
6Gelokkich en hillich is hy, dy’t meidwaan mei by de earste opstanning; oer sokken hat de twadde dea neat te sizzen, nee se sille prysters fan God en fan Kristus wêze, en se sille mei Kristus as keningen hearskje dy tûzen jier lang.
De satan wurdt loslitten foar de lêste striid
7Mar as dy tûzen jier om binne, sil de satan út syn gefangenis loslitten wurde; 8dan sil er der op út gean om de folken yn ’e fjouwer hoeken fan ’e ierde, Gog en Magog, op ’e doele te bringen, om harren dy’t sa machtich binne as it sân fan ’e see byinoar te bringen ta de oarloch. 9Doe kamen se opsetten oer de hiele ierde hinne en besingelen it legerkamp fan ’e hilligen en de beminde stêd; mar der kaam fjoer út ’e himel del en dat fertarde harren. 10En de duvel dy’t harren op ’e doele brocht hie, waard yn ’e poel fan fjoer en swevel smiten, dêr’t ek it beest en de falske profeet yn sitte; dêr sille se by nacht en by dei pinige wurde yn alle ivichheid.
It lêste oardiel
11Doe seach ik in grutte wite troane en ik seach Him dy’t dêr op siet. Foar syn antlit waarden himel en ierde wei, der wie gjin plak mear foar harren. 12En ik seach de deaden, grut en lyts, foar de troane stean, en der waarden boeken iependien; der waard ek noch in oar boek iependien, dat fan it libben; en de deaden waarden oardiele nei wat der yn ’e boeken stie, neffens wat se dien hienen. 13De see joech de deaden wer op dy’t der yn har wienen, en de dea en it deaderyk joegen de deaden ek werom dy’t der yn har wienen, en dy waarden oardiele elk nei wat er dien hie. 14En de dea en it deaderyk waarden yn de fjoerpoel keild. Dat is de twadde dea, de fjoerpoel. 15En as it bliken die dat ien syn namme net yn it boek fan it libben stie, dan waard er ek yn ’e fjoerpoel smiten.
© 1978 Nederlands Bijbelgenootschap