In liet op ’e fal fan Babylon
1Dêrnei hearde ik in machtich lûd as fan in grutte kloft minsken yn ’e himel, dy’t rôpen:
Halleluja!
It heil, de eare en de macht binne fan ús God,
2want earlik en rjochtfeardich binne syn fonnissen.
Hy hat de grutte hoer feroardiele,
dy’t de ierde yn it ferdjer brocht mei har huorkerij,
en Hy hat har straft foar it fermoardzjen fan syn feinten.
3Nochris rôpen se: Halleluja! en de reek fan ’e stêd giet omheech yn alle ivichheid. 4Doe foelen de fjouwerentweintich âldsten en de fjouwer libbene wêzens del en ferearen God dy’t op ’e troane sit mei de wurden: Amen, halleluja. 5En der kaam in stimme by de troane wei dy’t sei:
Loovje ús God, jimme allegearre
dy’t syn feinten binne,
dy’t Him tsjinje lyts en grut.
De brulloft fan it Laam
6Doe hearde ik in lûd as fan in grutte kloft minsken en as fan mânske wetterfloeden en as it bolderjen fan in swiere tonger, en dy rôpen:
Halleluja, want no is de Hear ús God, de Almachtige, kening wurden.
7Lit ús bliid wêze en jubelje en Him de eare jaan,
want de brulloft fan it Laam is kommen
en syn frou hat har klearmakke;
8se mei har yn skjin en blinkend fyn linnen klaaie;
dat fine linnen binne de goede dieden fan ’e hilligen.
9Doe sei er tsjin my: Skriuw op: Gelokkich dy’t noege binne op it brulloftsmiel fan it Laam. En hy sei tsjin my: Dit binne de eigenste wurden fan God. 10En ik foel him foar de fuotten om him te ferearjen. Mar hy sei tsjin my: Lit dat; ik bin ek mar in tsjinstfeint lykas do en lykas dyn bruorren dy’t it getugenis fan Jezus hawwe; oanbid allinne God. Want it getugenis fan Jezus is de siel fan alle profetearjen.
Jezus komt om te oardieljen
11Doe seach ik de himel iepenstean; en dêr kaam in wyt hynder oan, en dy’t dêrop sit, hjit: Trou, en: Oprjocht; dy sil oardielje mei gerjochtichheid. 12Syn eagen binne in lôgjende flam; Hy hat gâns diademen op ’e holle; der stiet in namme op Him skreaun dy’t Hy allinne wit en oars gjinien. 13Hy hat in mantel oan dy’t troch it bloed hinne helle is, en syn namme is ‘Wurd fan God’. 14De legers út ’e himel folgje him op wite hynders, mei skjin wyt fyn linnen oan. 15Der komt Him in skerp swurd ta de mûle út, om dêr de heidenfolken mei te slaan: Hy sil se regearje mei in izeren stêf; Hy sil sels de wynparse traapje fan ’e gleone grime fan God almachtich. 16Op ’e mantel en op ’e hichte fan ’e heup stiet by Him in namme skreaun: ‘Kening oer alle keningen’ en ‘Hear oer alle hearen’.
It beest en syn helpers wurde ferslein
17Doe seach ik in ingel op ’e sinne stean, dy rôp lûd tsjin alle fûgels dy’t heech oan ’e himel fleagen: Toe, kloftsje gear foar it grutte miel fan God, 18om it fleis te iten fan keningen en fan generaals, fan helden, fan hynders en fan har beriders, fan allegearre, frijen en slaven, lytsen en grutten.
19Doe seach ik it beest en de keningen fan ’e ierde mei har legers, gearbrocht om te oarlogjen tsjin Him dy’t op it hynder siet, en dy syn leger. 20Mar it beest waard pakt en tagelyk mei him de falske profeet, dy’t de wûndertekens yn syn bywêzen dien hie dêr’t er de minsken mei op ’e doele brocht hie dy’t it merk fan it beest oannommen hienen en dy’t syn byld ferearen; libben waarden se togearre yn ’e fjoerpoel keild dy’t fan swevel stookt waard. 21De oaren waarden deaslein mei it swurd dat Him dy’t op it hynder siet ta de mûle útkaam, en alle fûgels frieten har sêd oan har fleis.