In psalm fan Asaf.
God stiet rjocht oerein yn ’e gearkomste fan ’e goaden,
yn ’t fermidden fan ’e goaden wiist Er fonnis:
Hoelang sille jimme ûnrjochtfeardich oardielje
en it foar ferkearde minsken opnimme?
Doch rjocht oan de mindere man en de wees,
wês rjochtfeardich foar de ellindige en de lijer.
Lit de mindere man en de earme frij,
skuor se los út ’e macht fan ferkearde minsken.
Hawwe se dan gjin ynsjoch en ferstân,
taaste se mar wat yn it tsjuster om?
Dan wifkje wol alle fûneminten fan’e ierde.
Ik haw jim wol goaden neamd
en soannen fan ’e Heechste allegearre,
mar as minsken sille jim dochs stjerre,
likegoed as de foarsten ek falle.
Kom oerein, God, rjochtsje Jo de ierde;
alle folken binne ommers jo eigendom.
Je browser ondersteunt geen HTML5 audio.