Harkje nei my, myn folk
1Foar de dirigint. Op: It druveparsjen. Fan Asaf.
2Jubelje foar God, dy’t ús krêft is,
jûchje foar de God fan Jakob.
3Set in psalm yn, lit de trommen hearre,
de kostlike liere en de harpe.
4Blaas by nije moanne de rammehoarn,
op ús feestdei by folle moanne.
5Want in foarskrift is it foar Israel,
in regel fan de God fan Jakob.
6Hy makke der in rjochtsregel fan yn Joazef,
doe’t Er útteach tsjin Egypte.
Dêr hear ik in lûd, dat my nij docht:
7Ik haw him de lêst fan it skouder nommen,
syn hannen rekken frij fan de draachkoer.
8Yn ’e benearing rôpsto en Ik rêde dy,
Ik antwurde dy út in tongerwolk,
mar Ik hifke dy by de wetters fan Meriba.
9Harkje, myn folk, Ik haw in oanklacht tsjin dy,
Israel, mochtsto dochs nei My hearre.
10Gjin oare god mei der by dy wêze
en foar in frjemde god silsto net bûge.
11Ik, de Heare bin dyn God
dy’t dij út Egypte helle hat,
doch de mûle iepen en Ik jou him dy fol.
12Mar myn folk harke net nei myn stim
en Israel woe net yn goedens.
13Ik liet har gean, sa behurde as se wienen,
om har eigen wil te dwaan.
14O, harke myn folk mar nei My,
woe Israel myn spoar mar folgje.
15Gauwernôch soe Ik har fijannen delslaan,
myn hân tsjin har tsjinstanners keare.
16De haters fan ’e Heare soenen Him dan wol flaikje,
mar har lot soe foar ivich fêstlizze.
17Myn folk soe Ik ite litte fan ’e bêste weet
en it sêd jaan mei hunich út ’e rots.