De Skepper en it skepsel
1Foar de dirigint. Op: It druveparsjen. In Davidspsalm.
2Heare, ús Hear,
hoe geweldich is jo namme
oer de hiele ierde.
Jo, dy’t jo heechheid jûn hawwe oan ’e himel.
3Ut ’e mûle fan lytsen en tatebern
hawwe Jo lof taret
om jo tsjinstanners te plak te setten,
om fijannen en wraaksuchtigen te betwingen.
4As ik jo himel beskôgje,
it wurk fan jo fingers,
de moanne en de stjerren,
dy’t Jo dêr plak jûn hawwe,
5wat is dan in minske, dat Jo om him tinke,
en in minskebern, dat Jo him achtslane?
6Jo hawwe him mar in kromke lytser makke as de himelingen,
him mei glâns en pracht kroane,
7him master makke oer de wurken fan jo hannen,
him alles ûnder de fuotten lein:
8skiep en kij, dy allegearre,
allyksa de dieren fan it fjild,
9de fûgels yn ’e loft,
de fisken yn ’e see,
dy’t har paad nimme troch it wetter.
10Heare, ús Hear,
hoe geweldich is jo namme
oer de hiele ierde.