By de hillige púnfallen
1In psalm fan Asaf.
O God, de heidenen binne jo erfdiel ynkrongen,
se hawwe jo hillige timpel skeind
en fan Jeruzalem in púnfal makke.
2Se hawwe de liken fan jo tsjinners
as foer jûn oan ’e fûgels yn ’e loft,
it fleis fan jo geunstelingen
oan ’e bisten yn it fjild.
3Har bloed is as wetter útgetten
oeral yn Jeruzalem en nimmen hat se begroeven.
4Wy binne in hún foar ús buorfolken wurden,
in spot en smaad foar de lannen om ús hinne.
5Hoelang noch, Heare? Nimt jo lilkens noait in ein?
Sil jo grime al mar troch baarne as in fjoer?
6Jit jo grammoedigens út oer de heidenen,
dy’t neat fan Jo witte wolle,
oer de keninkriken,
dy’t jo namme net oanroppe.
7Want se hawwe Jakob ferdylge
en syn wenstee ha se fernield.
8Rekkenje ús de sûnde fan ’e foarfaars net oan
en lit jo barmhertigens ús mei hasten temjitte komme,
want wy binne slim yn it ferfal rekke.
9O God, ús Rêder, help ús
om de eare fan jo namme;
rêd ús en ferjou ús de sûnden,
omwille fan jo namme.
10Wêrom soenen de heidenfolken sizze:
Wêr is no dy God fan harren?
Lit foar ús eagen de heidenen de straf ûnderfine
foar it fergetten bloed fan jo tsjinners.
11Nim Jo it suchtsjen nei fan ’e gefangenen
en sparje dy’t foar de dea opskreaun binne.
Jo macht is ommers sa grut!
12Lit op ’e holle fan ús buorfolken
sân kear weromkomme de hún
dêr’t se Jo, Hear, mei misledige hawwe.
13Mar wy binne jo folk,
de skiep dy’t Jo hoedzje;
wy sille Jo ivich tankje
en jo rom ferkundigje fan âlder op âlder.